Iepenloftspul Jorwert 2010
Hidde Boersma komt nei syn poëzijdebút De rop om Doede, dêr’t benammen it lyknammige gedicht in soad bekendheid fan krigen hat, no mei in ferhalebondel. It Doedeisme dêr’t De rop om Doede yn persoanifisearre wurdt, krijt alhiel syn gerak yn Fol túch de mist yn.
It Doedeisme is sa’t de achterkant fan it boek fermeldt: ‘de filosofy fan libje folút: nim dyn gemak.’ It kredo ‘wêrom net?’ is de ik-persoan op de lippen bestoarn. Mei sa’n libbensynstelling kinne je mei fol túch de mist yn, sa’t de titel al oanjout. Mei oare wurden, je sjogge wol wêr’t it skip strânet, en fan dêrút sjogge je wol wer fierder.… Lês fierder
De lêsklub fan Omrop Fryslân hat gear west oer ‘Fol túch de mist yn’, fan Hidde Boersma. Klik hjir om dizze útstjoering te beharkjen.… Lês fierder
Dit is de lêste ôflevering foar de simmerfakânsje. Pas op 17 septimber sil ôflevering 33 ferskine.
It sil wol sa wêze dat yn de rin fan de simmer in pear kear in bydrage oan dizze ôflevering foar it lange simmerskoft tafoege wurde sil.
Fierders sille de oare rubriken op ’e ensafh-site wol hieltyd fan nije items foarsjoen wurde. De nijsfoarsjenning giet dus gewoan troch.
Elske Kampen en Edwin de Groot
Fan har binne de gedichten yn dizze ôflevering. It gedicht fan Elske Kampen is in foarpublikaasje fan har te ferskinen debútbondel:
letters swart as krobben út dyn hân
en lit se yn it sân, as lûkt de grûn,
ta wurden rûgelje
Edwin de Groot syn gedicht slút wat de tematyk oangiet moai by dat fan Kampen oan:
Faaks dat myn klapwjukjen flechtich
it ôffeljen strjemmet of opmoediget miskien
wat fan ’e grûn komt wer
yn ’t sied sjit
Anne Feddema
Anne Feddema leit him de kommende tiid ta op it skriuwen fan proaza, wat liede moat ta in nije ferhalebondel.… Lês fierder
Anneke van Renssen
Nije skuon
Oait song Ellen ten Damme yn De tranen van Maria Machita (Paul Ruven, 1991) ‘Nieuwe schoenen veranderen je leven.’ De film wie prachtich, mar ik leaude net yn de krêft fan nije skuon.
Ik haw in oare manier fûn om myn libben te feroarjen. Sûnt koart jouwe Willem en ik opskuor. Minsken dy’t ús in skoft net sjoen hawwe freegje foarsichtich: ‘Wat is der mei jim bard? Giet it wol goed?’ As wy yn koar roppe dat it prima giet, komt de folgjende fraach: ‘Wat is er dan mei jim oan ’e hân?’
Wy binne nammentlik slim ôffallen.… Lês fierder
Dêr, tusken de stiennen en yn it sân
dêr’t heech it strakke tou oer spand is
dat freget om holle rjocht en earmen
wiid en om ’e wyn dy’t twirret yn hier
en om ’e fingers, dêr fynst it net ast
sikest. Net yn de rook fan skjin papier
of spuonnen hout.
En yn it stille wyt net. It freget om
in doelleas gean de buorren út, sûnder
immen acht te slaan en dan ynienen
út in doar dyn lytse hûn dy’t jierren
dea wie. Om nachtlik blaffen freget it,
om skerpe tearen yn in fuorttreaun
lekken oer de grûn.
Bliuw dêrom lizzen yn dyn bêd hjoed
en lit de dei op wolken fierder farre.… Lês fierder