Jacobus Q. Smink

Diehard

logo.ensafh

ik ha om wurdmennich socht
  mar swij mar by de stien
en sa te stean hjir noardwestlik
  nei it easten alle stiennen stean

ik skriem net om de teksten noch
  om al dit granyt lit ik myn trien
en no alle nammen tweksit
  út it easten wei gjin wizen gean

ik bin ien dy´t ris in stientsje fynt
  dat achterlit as tonkje fan fjoer
rjocht ûnder ’t ferlitten krús

ik tink mei nocht oan jo himelfeart
  mar dat ik as koekje jo droech
brekt my it kâld swit fan út… Lês fierder

Hindrik Spin

Gjin langjen noch praat der fan

logo.ensafh

Wa’t alle langst opjout, alle bining
oan besit of eigenikkigens, fynt frede.

(Eric Hoekstra op www.ensafh.nl 25 o/m 28)

Do hingest mei de snút yn ‘e sjitpot om
En om lucht ferlegen bist, dat ik slaan
As in ûnbeskaafdenien mei de flakke hân
Rea plak dy op ‘e frêle rêch, in jaan

As is ’t fjurrige leafde dy’t ik yn dy skroei;
No sykhellest wer frij en mei ik daalk
Jasizze op de earste fraach fan dy:
As ik dy wat freegje mei, mei dat?

Mei fansels, want tsjinakselje ja hoesa
Yn ’t begjin fan dit loftich petear, op syk nei
De húsfrede en op it kokhalzjen nei fan dy
En trije kear dyn prústen foar moai waar?… Lês fierder

Teake Oppewal

De Nije biblioteek en de merk antikwarysk beskikbere Fryske boeken -update

logo.ensafh

Earste reaksje (pleatst op 16-05-2010)

De bydrage fan Sigrid Kingma en in groep oare studinten oan ensafh op 30 april 2010 oer de Nije biblioteek ropt de nijsgjirrige fraach op oft it wol leannet om Fryske boeken op ’en nij oan te bieden yn it printing-on-demand-konsept (pod) fan de Nije biblioteek. De toan fan it stik is wolwollend-skeptysk.

Tagelyk fernimt men de wrakseling mei de lytsens fan de Fryske wrâld. It pod-projekt wurdt oan de ien kant skaaimerke as net-kânsryk as it giet om Fryske lêsbefoardering, oan de oare kant wurdt it feit dat de boeken yn it Frysk binne ek wer sjoen as in oarsaak dat it noait in grutte saak wurde kin mei dy Frysklêzerij.… Lês fierder

Willem Winters

Peallen

logo.ensafh

Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?

Yn de barm fan ’e Noardersingel, hoeke Spanjertsleane leine op in moarntiid de ûnderdielen fan in nij keunstwurk.
It is troch de gemeente Ljouwert oan de buert skonken en makke troch Ivo Nijering út Beetstersweach.
Hy betocht in konstruksje dy’t mei losse ûnderdielen – lykas Lego – nei alle kanten út te wreidzjen is. In soarte fan prefab-keunst fan fersinke izer, mei in pear flappen en in skeane kant mei in bytsje ovale plaat.
Mei bouten kinne de peallen ferbûn wurde.… Lês fierder

Atte Jongstra, Jacobus Q. Smink

Boarstwolkensbyld by Burdaard

logo.ensafh

Beantsje Bibberich! Boarstwolkensline Boppe
Burdaard Belûkt. Bôge Bezich Buie Bydel.
Babyboarstwolkens Bolblaasd:
Bestindich Bang Burdaard Bringt Bleu &
Benaud Boarrel & Boarrel & Boarrel
Binnen. Benevele Burdaard Bibberet
Beneare By Boarstwolkensbyld

Bistich Beweechlucht Beoardere By
Bêdtiid. Brys, Buistjit & Buislach. Bjirk
Brekt, Boek Brekt, Boas Brûswetter, Bar
Brakke Boarstbreuk Blaast Broas
Beboud Burdaard Binnen.

(Oersetting: Jacobus Q. Smink)Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd ensafh 29

logo.ensafh

Poëzy

De oarspronklike poëzy yn dit nûmer is fan Hindrik Spin en Jacobus Q. Smink.

Spin dichtet:

As is ’t fjurrige leafde dy’t ik yn dy skroei;
No sykhellest wer frij en mei ik daalk

Smink seit dit:

ik bin ien dy´t ris in stientsje fynt
dat achterlit as tonge fan fjoer

Kollums

Yn syn kollum ‘Ynienen tocht ik it’ skriuwt Skermer: ‘Ik hoech dêr net te farren, want it is dêr net sa as it yntinsivearre byld dat ik yn ’e holle ha.’

Willem Winters hie it even nuver yn ’e holle (‘Der wurdt in soad praat oer minsken dy’t te min nei keunst sjogge, mar kin it ek te folle wêze?’),… Lês fierder

J. Slauerhoff, Andries Miedema

Marsliet

logo.ensafh

Soldaat, wy ha in hechte bân,
myn neiste yn ’t gelid;
wy hawwe hûn noch krie, ha neat,
gjin frou, in gâns ferlitten steat,
in hierling hat gjin heitelân,
wy rinne yn ’t gelid.

Soldaat, do bist myn kammeraat,
de fijân siket tige;
ferskeatst dyn lêste pylk te wyld,
dan sikest skûl ûnder myn skyld.
Soldaat, do bist myn kammeraat,
myn neiste yn ’e rige.

Soldaat, do bliuwst myn kammeraat,
binne ús bonken wyt, ik wit
de moanne skynt giel op ús del,
in aap sa no en dan skreaut skel;
wy bliuwe nei de dea soldaat,
op ’t slachtfjild yn ’t gelid.… Lês fierder