Lanette van der Leij

Echt net echt moai

logo.ensafh

Ik kom krekt by de kapper wei. En ik siet wer ris midden yn dy ‘Opschepster’-reclame, jo witte wol, fan sa’n oergesellich kant–en klear produkt. Honigswiet oanpriisd sûnder unisiteit op ’e lever.
Unisiteit, dat ha froulju by de kapper ek noait. Al prate se oer harrens sels as miene se fan wol en docht in kapster goed har bêst en lit har der wer op har allerfoardelichst útsjen. Se rabje, altyd oer in oar en ivich giet it oer itselde: Sysels yn de haadrol – en hoe’t sy krekt in bytsje better oerkomme kin as de rest. Sûnder dat te sizzen fansels.… Lês fierder

Rab Wilson

Eemages (Skotsk)

logo.ensafh

Lat eemages
gang heelstergowdie ower ane anither
lik dugs daffin
lat eemages bark doon vennels.

Lat truck-loads o fleecy eemages
pearl an sweit
lik happit yowes in the simmer sun.

First nick thon rottweiler in the vennel
then grup the dear auld doggie’s tail
cairry oan wi eemages brunt eemages
cairry oan wi roastit dugs doon vennels.

Gang oan

Redd the left-ower dugs intae dustpans
brek intae cheers at dug monuments

say: we eemages are wrocht frae mairble
an didnae really waant tae be lik this
but oor barkin players wull keep oan gaun
they’re shair tae gang oan.

Load a truckfu o eemages: sheep eemages
but lat: the spittin eemages o sheep in green pastures gang
an forget the mirror eemages o sheep
forget thae blate bleaters.… Lês fierder

Skermer

Byldskerm

logo.ensafh

Ik sit foar myn skerm en ha it tekstferwurkingsprogramma wp12 iepene. De letterynstelling is Times New Roman, 12 punts. Dy letter, yn dy grutte, soarget foar in rêstich en dúdlik byld. Oan wjerskanten fan it wite tekstflak binne de rânen donkergriis.
Yn myn wurkkeamer is it ljocht oan, yn ’e wenkeamer dêr’t ik troch de iepen doar útsjoch op ha, brânt gjin ljocht. It is dêr skimerich, troch de ruten sjoch ik de donkergrize loft, it is goed seis oere.
Ik sko in cd yn ’e kompjûter mei ein sechtjinde- en begjin santjinde-ieuske geastlike muzyk, dy’t ik keazen ha om it prachtige sjongen en om ’e rêst dy’t der fan útgiet.… Lês fierder

Ulke Brolsma

SWIMME

logo.ensafh

Hy seach de weach op him takommen, stadich en hieltyd heger. Hy waard der troch meinommen, sa koe er efkes it strân sjen. Boppe op de top fan de weach krolle it wetter in bytsje om, der kamen wite tûfkes op dy’t troch de wyn fuortblaasd waarden. Hjir en dêr leine der wat wite skomplakken op it wetter, hy koe se sa oanreitsje, mar dat die er net. Hy wist dat er syn krêften sparje moast. Neat gjin ûnnedige bewegingen. It strân kaam net tichter by, mar hy dreau ek net fierder ôf. Op de dunen seach er minsken rinne. Lytse popkes.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 110

logo.ensafh

Foaropwurd 110

fan freed 29 febrewaris 2008

In nije maaitiid, in nije Farsk.

Mei nije poëzy fan Heidi en Edwin de Groot. It gedicht fan De Groot komt út syn krekt ferskynde debútbondel It skip. En mei in nij ferhaal fan Ulke Brolsma. Hy is yn ’e holle krûpt fan in swimmer dy’t te fier de see yn rekke is.

Der binne fierders trije saken dêr’t yn dit foaropwurd spesjaal omtinken oan jûn wurde moat.

Fryske poëzy yn it Skotsk en Shetlânsk
Al earder hat op ’e teleks stien dat Elmar Kuiper en Tsead Bruinja fan 12 maart meidwaan sille oan in literatuerfestivel yn Skotlân en dat yn it kader dêrfan in boekje mei oersettingen fan Fryske poëzy yn it Skotsk en Shetlânsk útjûn wurdt.… Lês fierder

Edwin de Groot

Betsjoend troch Schaafs sûnder sweltsjes

logo.ensafh

Grytsje Schaaf (Ljouwert, 1979) is arsjitekt, sjoernalist en as dichter publisearre se al yn Doar, Hjir en De Moanne. No debutearret se by de Friese Pers Boekerij mei har gedichtebondel sûnder sweltsjes. De titel is in moaie metafoar foar ‘it gefaar’ dêr’t op it omkaft praat fan is. Sûnder fûgeltsjes op in rút kin ien der gau by opfleane. En hokker gefaren sitte der yn dizze bondel? Dat moat de lêzer ‘sûnder falskerm yn poëzy fol beferzen bylden’ útfine.

Grytsje Schaaf signeert

De bondel is opdield yn seis skiften, it earste is ‘Flústers’. Fuort falt op dat Schaaf de arsjitekt net thús lit en de frije dichtfoarm noch frijer makket mei echo’s út dadaïstyske tiden.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Natoer is rûnom moai

Moarnsoere

En wylst it grutske himelljocht
út kimen yn bôge troch bôgen fljocht,
stapt as in breid opkape,
mei ûnútskynber poarper fjoer,
bestrielt de bosk en delten oer
en grûns-grien-blomde lape.

En wylst it wetter as opslûsd
en bochtich lâns de lichten brûst,
de fûgels turreljurkje,
en wilens beam en blom en blêd
mei daudrips-pearlen wurde omfet,
dy’t foar natoer mei’ buorkje.

En wilens dat de Zephyr djoeit
en leafleas mei beams tûken stoeit,
waans pûsters noflik fleane,
en wilens dat de molkfaam feit
of blier mei harre buorfeint geit,
en mieren it gers ôfmeane,

de swan har fearren kjimt op it nêst,
de ljip syn krop mei wjirms mêst
of tommelt oer kop en nekke,
soe inkeld ik lûs-liddich stean?

Lês fierder