Abe de Vries

Hortus Sanctae Maria

logo.ensafh

I

Tusken ferdwûn Gerbranda en faai Ropta
leit it oait achtslein wûnder fan it mûntsjelân.
Bûtendyksters panderje yn roudoek om:
oranjebesnaffele silûetten yn ’e Kegen.

Jou no jo ear, by eartiids dit Getswerdersyl,
oan ’e waadwyn syn tryst preekjen
oer it Winaem fan Tsjits fan ’t Nijehûs,
it fergean fan mannich ding fan wearde –

sa hâlde wy it betinken en it leedomsizzen
yn eare. Foar loft en lân aloan ús gean
jûns let fan doar nei doar yn ’e bedelte,
tsjin kassen en gas- en sâltwinning,

en hoe nulleskerp stekt de bling-bling der
regionale ekonomy al ôf tsjin ’t ûnmachtich
ferset, dat mear strânljippen garje wolle soe
foar in militante gearsit oer it ôfjit.… Lês fierder

Piter Boersma

Foaropwurd 113

logo.ensafh

Foaropwurd 113

fan freed 11 april 2008

Multimedia
Yn ’e Fryske literatuer wurdt op multimediagebiet net folle út ’e wei set. Sytse Jansma is ien fan in pear dichters dy’t him dêr mei dwaande hâldt. Wy binne bliid dat wy fan him wat op dizze Farsk pleatse kinne: it filmke ‘Oerwâldwurd’. It is ien fan de filmkes op ’e DVD dy’t heart by syn krekt ferskynde debútbondel ‘wa’t tate seit moat ek whisky sizze’.

Kollum
Hoe fier leit Fryslân fuort foar Twadde keamerleden? Lês de kollum fan Al R.. Hoe no Al R.? It wie dochs sa dat Jelma Knol, Koosje Melis, Sytske de Jong en Yva Hokwerda om bar in kollum skriuwe soene?… Lês fierder

Skermer

Skermblommen

logo.ensafh

Ik bin út ’e skroeven. Hast it wurd skerm. Dat wurd hat blommen, in hiele rige: skermbeplanting, skermbyld, skermebeurs, skermboek, skermbosk, skermburd, skermdegen, skermdragend, skermehannel, skermferiening, skermfest, skermfûgel, skermgegevens, skermglês, skermgrien, skermgrutte, skermhavikskrûd, skermhâlding, skermholle, skermkant, skermkap, skermkeunst, skermkostúm, skermklup, skermkrib, skermkwal, skermlape, skermman, skermmasker, skermmaster, skermmier, skermopbou, skermparadysfûgel, skermplaat, skermplanke, skermroaster, skermseal, skermsket, skermskoalle, skermslach, skermsport, skermspul, skermstân, skermstik, skermstriel, skermstrûs, skermtelefoan, skermtiid, skermwant, skermwapen, skermwedstriid. Dy wurden binne skermblommen. ‘Skermblom’, dat heart ek yn it rychje thús. Kinst der noch in rychje oan tafoegje fan wurden dy’t sa foarme binne: byldskerm, televyzjeskerm, wynskerm. Ek allegear skermblommen. Mar it lêste wurd is fansels ek in ‘wynblom’.… Lês fierder

Andries Miedema

R.M. Rilke oerset (I)

logo.ensafh

DIE INSEL

Nordsee

I

Die nächste Flut verwischt den Weg im Watt,
und alles wird auf allen Seiten gleich;
die kleine Insel draussen aber hat
die Augen zu; verwirrend kreist der Deich

um ihre Wohner, die in einen Schlaf
geboren werden, drin sie viele Welten
verwechseln, schweigend; denn sie reden selten,
und jeder Satz ist wie ein Epitaph

für etwas Angeschwemmtes, Unbekanntes,
das unerklärt zu ihnen kommt und bleibt.
Und so ist alles was ihr Blick beschreibt

von Kindheit an: nicht auf sie Angewandtes,
zu Grosses, Rücksichtloses, Hergesandtes,
das ihre Einsamkeit noch übertreibt.

Rainer Maria Rilke

Ut: ‘Nieuwe Gedichten’, ed. P.Lês fierder

Al R.

Eurokommissaris

logo.ensafh

Foarige wike wie de eurokommissaris foar meartalichheid op besite yn Fryslân. Leonard Orban hyt de man. It slagget ‘Europa’ mar net om tichter by de Europeeske boargers te kommen. De besites fan eurokommissarisen oan lidsteaten is in manier om better mei elkoar yn de kunde te kommen, mar omdat der in soad lidsteaten en noch mear regio ’s binne, is der sljochtwei ien kear yn de fiif jier tiid foar sa’n wurkbesite oan Nederlân. Dat sjit net echt op. It Nederlânske ‘nee’ tsjin de grûnwet (dy ’t net echt in grûnwet wie, mar allinne mar sa hjitte foar it gemak) hat de ferhâldings tusken Nederlân en Europa yn alle gefallen net ferbettere.… Lês fierder

Piter Boersma

Scrabbelje

logo.ensafh

Mei M/F hat Jaap Krol op ’en nij in apart en eigensinnich boek skreaun. Yn syn debút Wettersek (2001) skreau er nêst mear tradisjonele ferhalen in romanachtige tekst dêr’t it ferhaal fan achteren nei foaren yn ferteld wurdt. Dêrnei kaam er yn de bondel Nûmers (2004), mei ferhalen dy’t spylje yn hieltyd in oar hûs yn ien en deselde strjitte.
Binnen it ynhâldlike en ferteltechnyske ramt fan Jaap Krol syn skriuwkeunst is syn styl in opfallend kenmerk: in protte koarte sinnen; gjin lange beskriuwings; to the point; byldzjende details; boartlikheid; nochal wat poëtysk oandwaande sinnen en passaazjes.

Yn M/F hat de lêzer te krijen mei Henk Faber en syn frou Mofro.… Lês fierder