Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Religieus

Utbret wurde

Tank God mei my op dizze stûne
fan dat ik as in tsiis waard fûn
en yn myn memme skert bewarre
dy’t my mei bonke en fleis omsette,
sine-trie keunstich frissele hat,
santich jier yn ien jier sparre.

Tank Hear dy’t my, myn wiif en bern
jins geunst yn seine noch lit sjen
al woe it net altyd rjocht sêft gliede
doe’t my, o fui, de moed ûntbriek,
doe deads grime yn myn hertsier stiek
en it swurd gie troch de memme-side,
mar alles alles fljocht tel wei
mei it soer en it swiet as dizze dei
nei de ivichheid om út te brieden.

Lês fierder
Rein de Lange

Wite thús

logo.ensafh

se skillet my, ik wachtsje
skril yn myn wite thús
smetteleas fonkelje de ruten
myn tún jit keal, fûgels
fleane boumateriaal byinoar

har blauwe eagen
gripe myn lea fêst
ik stjoer har hannen
kuolje myn tinzen

lit it momint ferrinne… Lês fierder

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Religieus

Utbret wurde

Tank God mei my op dizze stûne
fan dat ik as in tsiis waard fûn
en yn myn memme skert bewarre
dy’t my mei bonke en fleis omsette,
sine-trie keunstich frissele hat,
santich jier yn ien jier sparre.

Tank Hear dy’t my, myn wiif en bern
jins geunst yn seine noch lit sjen
al woe it net altyd rjocht sêft gliede
doe’t my, o fui, de moed ûntbriek,
doe deads grime yn myn hertsier stiek
en it swurd gie troch de memme-side,
mar alles alles fljocht tel wei
mei it soer en it swiet as dizze dei
nei de ivichheid om út te brieden.

Lês fierder
Piter Boersma

Foaropwurd 112

logo.ensafh

Foaropwurd 112

fan freed 28 maart 2008

Foekje Dillema
Ferline jier desimber ferstoar de eardere hurdrinster Foekje Dillema. Breedút kaam doe wer de affêre om dizze atlete yn it nijs. Begjin jierren fyftich wie se in opfallende nije ferskining op ’e atletykbanen, mar har karriêre wie foarby doe’t se derfan beskuldige waard eins in man te wêzen. Dy beskuldiging soe benammen Jan Blankers, de man en atletykbobo fan har konkurrinte, Fanny Blankers-Koen, in rol by spile ha.
Yn dizze ôflevering fan Farsk wijt Janneke Spoelstra der in gedicht oan.

Debutant
Foar it earst op Farsk in bydrage fan Jemke Visser. Hy hat in fermaaklik fakânsjeferhaal skreaun, ‘La douce France’.… Lês fierder

Koosje Melis

EO

logo.ensafh

Ik ha in fassinaasje foar programma’s fan de Evangelische Omroep. It begûn doe’t ik as bern Henk Binnendijk mei syn beminlike glimp tusken kreaze manlju en froulju op in Eastenryks-eftige berch (mar it sil wol Israël west ha) sitten seach, mids blomkes en bibels en ûnder in prachtige blauwe loft. It evangeelje stie blykber foar gelok en harmony, saken dêr’t jo as pessimist nei stribje sûnder se je alhiel eigen meitsje te kinnen. Mar dat de EO jo ek no noch oan it tinken set, dêrfan bin ik oertsjûge nei it sjen fan ‘veertig dagen zonder seks’, in programma dêr’t minsken oan meidogge dy’t de opdracht krije om fjirtich dagen gjin seks te hawwen.… Lês fierder

Skermer

Mei de platte kant

logo.ensafh

Wat ik lies wie in tets. Ik knipere mei de eagen. Ik typ it oer:
‘De boade kundige oan:
“De rjochtbank!”
Doe’t de twa rjochters oan wjerskanten fan him har plak ynnommen hiene, sei presidint Pott:
‘Ik fersykje de fertochte om oerein te kommen.’
De frou gong stean.
Troch it griene lampeskynsel foel it net op dat presidint Pott sa wyt wie as in deade, mar it wie dúdlik te merken dat it by de diskusje yn ’e riedskeamer, dy’t wol twa oere duorre hie, need gongen wie. Boppedat wist de hiele wrâld dat de presidint en de beide rjochters min meiinoar koene en de geheimen fan ’e riedskeamer wiene faker as ien kear útlekt, Der waard skealik sein, dat de yntelliginsje en rjochtskepenheid fan ’e presidint geregeldwei yn oanfarring kamen mei de burokratyske stivens en it dwarse ûnbegryp fan syn twa meiwurkers.… Lês fierder

Heidi

Obe Postma oerset (III)

logo.ensafh
Obe Postma

Yn Maart

De loft is griis fan teare wolkenplumen.
’t Is myld of ’t nei de simmer giet;
De lichte leepkes draaie oer de finne,
De ljurken sjonge omheech har liet.

De bern boartsje yn ’e bûnte ûnderwâlen,
De Feint giet mei de pols de lânen op;
Heech yn ’e mantels blinke ljocht de kuorren,
De einen ropp’ har fleurige foarjiersrop.

En efter fan it hiem, by skerne en dobbe,
Dêr komt in fine rook no wei.
Dat is it foarjier! En út âlde tiden
Komm’ lang fergetten bylden mei.

Wêr wie it dochs, dat sokken lucht my strielde
Yn ’t jonge lok fan fleur’ge dei?… Lês fierder