Janneke Spoelstra

Fuck you, Fanny!

logo.ensafh

Se sieten bij de tafel
en wa sei it
– heit, mem, Foekje sels? –
miskien ha se it allinne mar tocht:
DÊR WURDT NET MEAR OER PRATEN!

Mar lit mij, foar har,
iens en foar altyd dit sein ha:
FUCK YOU, FANNY!
Keninginne, koest it net ferneare
dat ien flugger
dat ien út Fryslân
dat sa’n fanke út Boerum dij…

FUCK YOU, JAN TOO!
Wie dat dyn idee, dy test?
Hast it net keard yn elk gefal.

Der waard net mear oer praten,
mar soms fleagen skûtels troch de loft…

Foekje, ús Foekje!
Do koest drave, fanke, drave!
En rêst no mar,
foar ús bisto dy Blankers foargoed foarbij!… Lês fierder

Jemke Visser

La douce France

logo.ensafh

Sinneblommen en nochris sinneblommen, fjilden fol mei sinneblommen.
En doe ynienen, tsien oere jûns, dêr wie it ferlossende buordsje oan de kant fan de wei:
‘Camping Le Lac des Trois Vallées 3 KM’.
‘Hoi, hoi,’ rôpen Marte en Symen .
‘Wat is it hjir near,’ sei Tsjibbe, ‘ik ha der pine yn ’e harsens fan.’
Syts suchte.

Se wiene de moarns om trije oere yn it tsjuster ôfset.
‘Ik feech der yn kear hinne.’ As administrateur by it pleatslik transportbedriuw wist er ommers alles fan ynternasjonale logistyk en de âld Volvo ried noch as in tierelier.
Sa’n caravanreiske… dêr draaide er de hân net foar om!… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Twivel

De twivelder

Wat bin ik, en fan wêr, wêrhinne, wannear fersliten?
Wat seit de twivelder hjir, as hy syn hert los bynt,
“In spylwurk fan it tafal, by it tafal smiten,
in simpel bygefal, dat simpelwei ferdwynt.”
De godstsjinst sprekt: “hark ta, hy is it wurk des wize Wekker,
út goedens fuort teamd en ta it heechst gelok optreaun!
De freon, de soarch, it bern fan ’e algemiene Makker
dy’t oan syn fuottebank tûzene wrâlden reau!”
O wee him dy’t gjin treast sa himelsk wier wol hearre,
wa’t ljocht gjin ljocht, gjin sin jout op de ierdbol-rûn,
al wat er hjir ûntfangt, ûntslûpte it blyn Lot’s twirre,
al wat him driicht, oerstjelpt, fljocht stjoerleas sûnder grûn.

Lês fierder
Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 6.2 [slot]

logo.ensafh

– Himel-Skip, krekt as Steam-Skip.

– Wat is de bedoeling fan dit alles?

– Ik kin dy der net folle fan fertelle, dit is allegear geheim. Wy ha dy hieltyd op ’e kuer holden, wylsto foar ús ynfiltrearreste yn dat kamp, tegearre mei dyn maten. Do hast it der it bêst ôfbrocht. In part fan jim is domwei oerrûn, in part hat him ôfsnien fan alle ynformaasje, mar do soargeste derfoar sadanich op frije fuotten te bliuwen dat wy alle ynformaasje garje koene dy’t wy nedich wiene. In heech pleatst personaazje sil dy aansen in hege Europeeske ûnderskieding opspjeldzje en dêrnei sille wy dyn weromkear yn ’e maatskippij tariede.… Lês fierder

Eric Hoekstra

Midfrysk Goud ii | Durk Linige

logo.ensafh
Twivel

De twivelder

Wat bin ik, en fan wêr, wêrhinne, wannear fersliten?
Wat seit de twivelder hjir, as hy syn hert los bynt,
“In spylwurk fan it tafal, by it tafal smiten,
in simpel bygefal, dat simpelwei ferdwynt.”
De godstsjinst sprekt: “hark ta, hy is it wurk des wize Wekker,
út goedens fuort teamd en ta it heechst gelok optreaun!
De freon, de soarch, it bern fan ’e algemiene Makker
dy’t oan syn fuottebank tûzene wrâlden reau!”
O wee him dy’t gjin treast sa himelsk wier wol hearre,
wa’t ljocht gjin ljocht, gjin sin jout op de ierdbol-rûn,
al wat er hjir ûntfangt, ûntslûpte it blyn Lot’s twirre,
al wat him driicht, oerstjelpt, fljocht stjoerleas sûnder grûn.

Lês fierder
Ate Grypstra

Maitsen

logo.ensafh

– In tsjuster teltsje –

Nacht. De stêd is útstoarn. De wyn en de storein hawwe stilswijend in ferbûn sletten om de minsken yn har hûzen finzen te hâlden. Der bliuwt foar de ynwenners fan Ljouwert net folle oars oer as mar betiid it sêfte nêst op te sykjen, dêr’t it rûzige twatal har pleagjen bliuwt mei ûnrêstige dreamen.

Jurjen Slauerhof weaget him op dit lette tiidstip noch al efkes op strjitte. Hy moat wol. De hûn moat perfoarst noch útlitten wurde. Altyd om kertier foar tolven. Altyd.
Fêste patroanen binne ommers goed. Dy trochbrekke jo net samar even. Net om’t jo eigentlik deawurch binne.… Lês fierder

Anne Feddema

Moarns op ’e berch

logo.ensafh
Caspar David Friedrich - Wanderer über dem Nebelmeer

By it skilderij ‘Wanderer über dem Nebelmeer’ fan Caspar David Friedrich.
 

Godferblaut
Nearenachtlik
Berchgegûl
D’iere kuierder
Tinkt, tankt no
Foar ’t foar him
Ynderlik lizzend
Fiersicht nije sinne
Stien stipet stiltme
Stinnende treast
Flarden foar dyn
Each dizigens
Lûke op
Dêr leit it dan

Grut ferheven
Fielings do…
Dyn eigen
FlechtlingLês fierder