Piter Boersma

Foaropwurd 111

logo.ensafh

Fansels, it is no Nederlânske Boekewike, mar wy ha de Fryske Boekewiken hân, it is wer tiid foar Farsk, mei noch altyd Eric Hoekstra syn rige Midfrysk goud, bydragen mei en oer Midfryske teksten, en syn feuilleton In Fries yn Afghanistan.

Poëzy is der fan Anne Feddema en Edwin de Groot en fan Andries Miedema al wer de fyfde Heinrich Heine-oersetting.

Ate Grypstra draacht in ferhaal by, dat er oantsjut as ’tsjuster teltsje’ en as ‘stedssêge’. It is in bewurking fan in ferhaal fan de Grysk-Iersk-Amerikaanske auteur Lafcadio Hearn (mear ynformaasje ûnderoan it ferhaal).

Fryske Modernen
It giet mei it ferskinen fan boeken yn ’e Rige Fryske Modernen no ynienen hurd, nei Joppe fan Hein Jaap Hilarides ferskynt dêryn no de roman Libben reach fan Greet Andringa.… Lês fierder

Greet Andringa

Libben reach

logo.ensafh

Opmjitte

De griene stip bosteret mei in gerêststellend gonkje oer it byldskerm. Rjochte line, bultsje, eintsje plat, gysten berch, beskieden kûltsje en dan wer rjocht. Hieltyd itselde patroan, de pols fan de slachier yn it wite halske folgjend.
Douwe is in oere lyn mei Marten nei hûs ta gongen. By de oare kasplantsjes sit hjir en dêr ek noch in heit of in mem. As ik net better wist, soe ik sizze dat se gewoan te sliepen lei. It boarstke giet kalm op en del, de noaswjokken dogge in bytsje mei. In koesbist leit neist har ûnder it lekken. Dit is de goede kant, hjirwei binne de noch altyd grutter wurdende blauwe plakken sawat net te sjen.… Lês fierder

Andries Miedema

Heinrich Heine oerset (V)

logo.ensafh
Heinrich Heine troch M.D. Oppenheim (1831)

Die Beschwörung

Der junge Franziskaner sitzt
Einsam in der Klosterzelle,
Er liest im alten Zauberbuch,
Genant der Zwang der Hölle.

Und als die Mitternachtstunde schlug,
Da konnt’ er nicht langer sich halten,
Mit bleichen Lippen ruft er an
Die Unterweltsgewalten.

Ihr Geister! holt mir aus dem Grab
Die Leiche der schönsten Frauen,
Belebt sie mir für diese Nacht,
Ich will mich dran erbauen.

Er spricht das grause Beschwörungswort,
Da wird sein Wunsch erfüllet,
Die arme verstorbene Schönheit kommt
In weiszen Laken gehüllet.

Ihr Blick ist traurig. Aus kalter Brust
Die schmerzlichen Seufzer steigen.
Die Tote setzt sich zu dem Mönch,
Sie schauen sich an und schweigen.… Lês fierder

Skermer

Skermje yn it wyld

logo.ensafh

Yn ’e stêd seach ik in spandoek mei de tekst ‘Jan doocht’. Ik rop sels altyd, dat Jan net doocht.
‘Moai, hin,’ sei in oare foarbygonger.
‘Hoesa moai?’
‘Fynstó dat dan net?’
‘Nee.’
De man sei: ‘Dêr kin ik mei myn ferstân net by.’
‘Mar wannear doochst dan?’
‘Ast seist wêr’t it op stiet. En dat docht Jan.’
‘It hinget ôf fan it stânpunt datst ynnimst, fan jins útgongspunt,’ sei ik.
‘Ja, bist it der mei iens of net. No ik wol. Ik sil besykje om dy te oertsjûgjen.’
Ik sei tsjin ’e man, dat dat om my net hoegde.
‘Dêr moast in reden foar jaan, want oars bist in skytsek,’ sei er.… Lês fierder

Edwin de Groot

Sa leit it derta

logo.ensafh

Blauskerp it stiel dat my snie,
my útbonke ta in mânsel djip.
Myn gerzich hier mei tin fel noch,
kreas oploege foar aanst wer it lid.

Lit dy opdrage yn my,
wês skielik yn dyn dea myn skepper en
ik skep dy.

Dyn lêste frijer bin’k,
ik stel gjin fragen.
Myn kante korpus dyn beskûl, mar

ienris dyn stien bemoaze,
koaiïch op ’e skonken en wy ien.
Dan sil it stiel wer snije, my in
nije leafde skeppe.… Lês fierder

Jelma Knol

Boekewike

logo.ensafh

In hearlik bestean haw ik eins. Fol letterfruchten, fan moarns 6.45 oere oant djip yn ’e nacht. Yn de Nederlânske Boekewike kin ik dêr no wolris foar útkomme.
Moarnsier begjint it al mei de teksten op myn potsje Ingelske marmelade. Achter myn buro op myn wurk giet it nivo de hiele dei troch allinne mar omheech. Ik bin ien fan dy befoarrjochte minsken dy’t de Fryske literatuer tsjinje mei en ik doch dat ek noch yn betreklike ûnsichtberens, dat ik haw gjin lêst fan al dy foaroansteande famyljes dy’t de keunst fan it lêbjen en lekskoaien ta ûnbekende hichten ferheven hawwe.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan | 6e haadstik

logo.ensafh

It hokje mei it leafdeshertsje anneks pompebledsje begûn hieltyd mear op in smidderij te lykjen. Der waard pûste en hime, en in waarme gloed sloech fan hammer en ambyld ôf. Desiderius syn tinken hie him no alhiel deljûn tusken de ljisken fan ’e frou dy’t faaks gjin frou wie. Har fleis wie like fleizich as minskefleis, en it wie as joech se de held stjit foar stjit werom. Soe dit in test foar selsbehearsking wêze, dan hie er faald, mar wie it in test foar oerjefte, dan slagge. Sokke ambiguiteiten binne te lêzen yn it boek mei twa blêden. It iene blêd is dines en it oare is fan de Oar, en dat wie de wiisheid dy’t Desiderius yn it djipst fan syn siele bestribbe, al hie er it sels net troch.… Lês fierder