Hakan Jörder

God is begroeven

logo.ensafh

God wie al dea
mar noch net begroeven
God wie al dea
lei te rotsjen
God is sa lang dea
ik haw him begroeven
mei syn praatsjes op in papierke
yn syn binnenbûse
want dy wienen fier út de tiid

Es gibt keine Maikäfer mehr

Ik haw op de fakatuere dien
ha myn testen ek trochstien
omdat de oaren sûgen wienen

De Koning is dood
Leve de Koning

Neues Gesetz 1
Die Schweinejagdsaison ist eröffnet.

Neues Gesetz 2
Dein Widerstand wird überwunden.

Neues Gesetz 3
Zögern ist ein Straftat

Der binne gjin wroechwjirmen mear

Alle wjirmen sitte djip yn ‘e grûn
en frette noch lang
oan dat taaie begroeven lyk fan God

Datum in Kraft: heute… Lês fierder

Hidde Boersma

Ljochtknopke

logo.ensafh

De nije bondel Hollânske gedichten fan ’e Pionier, dy’t earder ris fungearre as manager fan ús Fryske dichters, waard presintearre yn ’t skriuwershol Perdu te Amsterdam. Populêr is er, de Pionier. Myn heit, de ‘Imammie fan Wiuwert’, en ik hiene reservearje moatten. Dat hiene we net ferwachte. De rigel wachtwurden om binnen te kommen wie: ‘Mijn vader is speciaal uit Friesland komen rijden.’ Nei ‘t ik se (foar de twadde kear) útsprutsen hie, sei de smelle útsmiter: ‘Oké, roep je vader maar, jullie mogen naar binnen.’

De jûn waard presintearre troch twa Peter van Vosses, se kamen fan Zeeuws-Vlaanderen, dy’t de ferhalen fan ’e bruorren Klinkhamer as in reade trie troch de rige performers riuwden.… Lês fierder

Wieke de Haan

Elja, the movie, gummykut, the fun

logo.ensafh

Wêrom jouwe jo as skriuwer de twa haadfigueren en de byfiguer yn in boek nammen dy’t fan inoar ôflaat binne en dus bot op inoar lykje? It manlik haadpersonaazje yn Josse de Haan syn nijste roman, Elja, hjit fan El, syn tsjinspiler, de aktrise, hjit Elja en har dochter, dy’t ek in marzjinale rol spilet, wurdt Ella neamd. Ast witst dat El Spaansk is foar û.o. ‘Hy’; Elja (útsprutsen Eja) en Ella Spaansk is foar ‘Sy’, dan wurdt it al wat dúdliker; krijst hieltyd in manlike en in froulike sjochswize foarskûtele. As lêzer betrape ik mysels derop dat ik wolris miende dat El de ôfkoarting fan Elja wie en dan koe’k letter it fragmint mar wer opnij lêze.… Lês fierder

Hakan Jörder

Huthûsbankje

logo.ensafh

soms komt de kalmte
fan in holle holle
as ik nachtlik nessele
sit op in
bêzje-brún bankje
mei gatten deryn
skroarsk tusken ah en eh
tusken holle en heup
mei sokken
mei gatten deryn
as stadich sleauwerjend
gluoikjend gers ferglydt
tusken ah en eh
tusken wurdleas sûnder
en wurdleas mei
wurden
wylst wijreek stimet
en read pears wurdt
en david docht
wat david docht
mei wurden
en sûnder wurden… Lês fierder

Rieuwert Krol

Iedere generatie zijn eigen dichters

logo.ensafh

In november 2006 verscheen bij uitgeverij De Kleine Uil De 100 mooiste Friese gedichten, een bloemlezing uit de Friese poëzie van 1900 tot nu, samengesteld door Jetske Bilker en Babs Gezelle Meerburg. Gelijktijdig verschenen ook een Drentse en een Groningse uitgave. De drie bundels worden als trilogie verkocht als een verzameling Noordelijke poëzie. Op de website van de uitgever staat dat de opdracht voor de samenstellers was om de hoogtepunten uit de Friese poëzie te verzamelen. In de inleiding wordt gesproken over een ‘top 100’. Met de mooiste worden dus eigenlijk de beste gedichten bedoeld. In de bundel staat meer poëzie van de laatste vijfentwintig jaar dan van de verdere twintigste eeuw.… Lês fierder