Ik krij gjin lucht, om’t ’t swurk fan maitsen krielt
en nergens is in stjer dy’t my wat meldt.
Mar der is muzyk dy’t it stasjon besiel’t,
faaks binn’ dêr sanggoadinnen mei besteld.
Soms dat it fluitsjen fan ‘e trein de klank fernielt,
alear’t de strikersgroep ta ien wer gearsmelt.
In park. De glêzen stolp fan de stasjonshal.
Betsjoend is ’t ryk fan stiel en steam.
Yn ‘e bewalme, himelske gehoarseal, oer ’t al,
spraat in wagon syn galmjend spul, ik neam:
in pauwegjalp en Steinway’s swiere tongfal.
Ik bin te let. Bin bang. Dit is in dream.
Fan fioelen klinkt dêr lûd it kleiliet
en ik gean yn ‘e hal, dat glêzen wâld,
dêr’t woast de wel fan ’t nachtlik koar kryt,
de rook fan roazen yn in moffe kas tahâldt.… Lês fierder