Henk Nijp

‘Vegan’

logo.ensafh

It past fansels net byinoar ‘vegan’ en geitewol, mar it feganisme hie in jier of wat tebek noch wat in geitewollensokkerich imago en it is no werklik ‘booming’. Yn 2006 telde ús lân 16.000 feganisten. Fiif jier letter binne der tusken de 50 en 70.000!
Oeral wat yn ‘e fierte mar in bytsje mei in plant te krijen hat, kriget it label ‘vegan’ as dat goed útkomt. En ek dingen dy’t út soarte fan in plant of beam komme, krije dat stimpel opdrukt. Sels hout wurdt tsjintwurdich as ‘vegan’ oanpriizge, mar dat wie it ommers altyd al. Dat is hielendal net nij, mar soe it wêze kinne dat it better ferkeapet mei sa’n etiketsje?… Lês fierder

Henk Nijp

City of wat….?

logo.ensafh

Wy befine ús hjoed yn it ‘Gemeentekantoor Leeuwarden’, ja dat gebou by de Aldehou. It is yn de iere maitiid 2021, mar it is kâld, geduerich falle der maartske buien en sa no en dan is it plein foar it gebou oer folslein wyt fan ‘e hagelstiennen dy’t ek noch yn ‘e flecht, yn hechte gearwurking mei de wyn, de ruten dêr tamtearje. It is noch lang gjin maitiid sa as maitiid bedoeld is. Men soe der waarsiik fan wurde.
It is stil yn it gebou, want der hearsket noch hieltiten koroana; dêr sit ek al gjin skot yn.
In protte amtners wurkje thús, meie net iens op it wurk komme en hja ‘zoome’ hiel wat ôf.… Lês fierder

Henk Nijp

Healsliten

logo.ensafh

Guon Harnzer pommeranten binne wakker grutsk; der komt dêr no einliks in stânbyld as poarte nei de stêd! Of as in tagong nei it woeljende wetter, mar krekt fan hokker kant jo komme. In jier of wat werom, it wie noch yn ‘e tiid fan KH-LF-2018 wiene der al dryste plannen foar in mânsk hynder (op ‘e efterste poaten) oan it begjin fan de Ofslútdyk, in ‘landmark’. It moast in ikoan fan Fryslân wurde. Ik fyn dat altyd wat apart as men yn it foar al ha wol dat eat in ikoan is. In ikoan is foar myn gefoel pas in ikoan as it himsels as in ikoan ‘bewiisd’ hat.… Lês fierder

Henk Nijp

Skoaldei op ôfstân

logo.ensafh

Rom foar healwei tsienen sitte wy klear om de ynstruksje foar dizze dei ta ús te nimmen. De laptop is 100% opladen. Wy ha op ‘e tiid ynlogd, de brûkersnamme en it wachtwurd binne sûnder fouten yntypt, mar al wat yn byld komt, gjin learkrêft fan groep 4… Ik bin hjoed beneamd as tydlik thúsmaster en ik mei foar pakesizzer A. it menu fan dizze skoaldei – by ûs thús – optsjinje. Even werom yn it âlde fak. Wy ha it roaster foar hjoed op papier, dêr ha wy de kompjûter dus net foar nedich, wol sa praktysk. Foar njoggenen hiene wy wurdsjes dy’t einigje op
‘-oor’, ‘-eur’, en ‘-eer’ al by de ein.… Lês fierder

Henk Nijp

Mail

logo.ensafh

Waarom zou je meer betalen? ropt it mailtsje oerémis huppeljend yn de mailboks. Der komme hjir de lêste tiid sa no en dan aparte berjochten del. Gjin idee hoe’t dat komt. It heucht my net dat ik my ea ynskreaun ha by de ferstjoerder. Hjoed wie der wer sa’n berjocht fan in webwinkel dy’t him ‘Actievandedag’ neamt. Ik ha dêr noch nea wat kocht en ha neffens my ek net op ien of oare link klikt, mar dat is soms samar klear fansels. Of faaks ha de buorlju tocht dat ik te folle efter de geraniums sit of fine se my wat iensum en ha se tocht sa wat ferdivedaasje foar my te regeljen.… Lês fierder

Henk Nijp

Winkelplein

logo.ensafh

De man hie in kreas learen jek oan en in brune ‘newsboy-cap‘ op ‘e holle. In pensionado, mar noch net sa lang, skatte ik yn. Hy hie it mar dreech mei it winkelkarke, it iene foartsjil woe net rjocht, it trille en skodde en draaide net lyk op mei de oare trije tsjillen. It weintsje luts hieltiten de kant op fan de muorre, krekt dêr’t it net hinne moast.
Ik stie foar de winkel te wachtsjen, want ja, koroana, en dan mei der neffens de hjoeddeiske winkelregels mar ien fan de húshâlding de winkel yn. Sa hie ik moai even tiid om de boel hjir te observearjen.… Lês fierder

Henk Nijp

Kontrôle

logo.ensafh

It wie noch aardich tsjuster doe’t ik yn ‘e auto it hiem ôfried. Ik hie in ôfspraak yn it sikehûs dy’t foarich jier al fêstlein wie. Neat slims, in kontrôle dy’t foar de wissichheid elk jier weromkomt. Ik hie der doedestiids net by stilstien dat ik takom jier de earste ‘pasjint’ wêze soe.
Der wie kwealik ferkear op ‘e dyk, miskien om’t it noch sa betiid wie, mar faaks ek wol om’t wy mei-inoar krekt de deis tefoaren op ‘e nij yn ‘e lockdown treaun wiene. No wat minder yntelligint as fan ‘t maitiid, want dêrmei hiene wy doe it firus net plat genôch krigen.… Lês fierder