Anne Feddema

Solmar fakânsje Calella

logo.ensafh

Ik sjoch mysels
Yn trijelûkspegel
Sokke foto’kes
Makken se ek
Yn de foarige ieu
Lofts, rjochts
Harsens frontaal
Ik ha my yn in
Ivichheid net
Goed besjoen
Dampich út bad
Ja, it Pyknysk type
Sa fuortrûn út in
Pasjintedossier
Etalaazjepop op in
Fakânsje útstapke
Alle ûnderdielen
Wurkje noch wol
Mar dat kin moarn
Samar oars wêze

As je better sjogge
Troch de lins
Binne de pixels
Al yn ûntbining
En farsk sied
Boarne fan nij libben
Is krekt ferdwûn
Troch de ôffier
Fan it bad

Ik hoopje sa
Dat de lytse
Pyknyske
Homunculi
Parasjútsjes hawwe
En wichtiger noch
Swimme kinne… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint

logo.ensafh

Reboelje yn Kollumerlân is de tredde roman fan Rommert Tjeerdsma. It dekôr is Kollum en omkriten oan it ein fan de 18e ieu. It boek hannelet oer de oanrin fan it Kollumer Oproer fan 1797 tusken oranjegesinden en patriotten. De haadpersoan, Eabele Keuning, is in patriot en dat moat er úteinlik ûntjilde.
Eabele hat in fin mear as in bears yn ferlyk ta syn bruorren. Syn heit en mem wolle dêrom graach dat er studearje sil foar dûmny. Lykwols stjert syn heit en dan moat er it fak, skuonmakker, fan him oernimme om mei syn mem troch de tiid te kommen.… Lês fierder

Jelma Knol

De maaitiid komt der oan

logo.ensafh

Fan alle linkse hobbys dêr’t guon partijen sa’n hekel oan hawwe, binne de literatuer en de wylde fûgels my wol it leafste. Yn stân hâlde kostet jild en it rendemint is altiten ûnwis. Yn dy sin binne it beide natuerferskynsels. De opkomst fan nije skriuwtalinten en ûnbekende fûgelsoarten liket eat dat spontaan ûntstiet, mar dat is fansels relatyf. It fernuveret my net dat jong talint yn Fryslân faak in foarbyld of stevige fiedingsboaiem hat yn de eigen famyljerûnte.  De talinten dy’t net yn sa’n beskerme sfear opgroeiden, binne eins de echte natuerferskynsels.
Nije fûgels (ik bedoel ferrassende ferskinings fan soarten dy’t hjir tritich jier lyn amper sjoen waarden) komme hjir omdat it klimaat feroaret.… Lês fierder

Octavio Paz, Hindrik Wiebe Rinzema

Intermitencias del Oeste (1)

logo.ensafh

Intermitencias del Oeste (1)
(Canción Rusa) (p.220)

út: Ladera Este (Eastlike skeante)

Construimos el canal:
nos reeducan por el trabajo.

El viento se quiebra en nuestra hombros,
nosotros nos quebramos en las rocas.

Éramos cien mil, ahora somos mil,
no sé mañana saldrá el sol para mí.

Ynterrupsjes út it westen (1)
Russysk liet

We dolden it kanaal:
troch de arbeid weroplaat.

De wyn brekt op ús rêgen,
wy brekke op ’e rotsen.

We wiene mei in hûnderttûzen, no mei tûzen,
wa wit oft ik moarn it liemeren sjoch.

Oersetting: Hindrik Wiebe Rinzema

Oerset út:

The Collected  Poems of Octavio Paz 1957-1987
bewurke en oerset troch Eliot Weinberger
New Directions Publishing Company
New York 1990
ISBN-10: 0-8112-1173-4… Lês fierder

Jacobus Q. Smink

Gers is myn koartsich libben

logo.ensafh

Op dizze tel fan in fraksje tink ik net
langer as noadich nei en jou oan dy
alle krèdits en de koades der op ta.

Of, meist yn alle keamers komme,
langer yn ‘e bûnte kasten omtize, ek
al hast earder sein: Soks doch ik net.

Myn laadsjes mei in see oan ynfo,
al dat konkrete oan sinnen, leit no
my abstrakt bleat; it filearmes fan
Mamma Mia fiket my finaal út en dan

as skeletrak hingje ik hjir út ‘e liken.
Mei skernierpine en sa, mar dy haw
ik aldergelokkichstewei
al: Net dreame jonge, yt dyn pizza!

Grager, dat gers de dyk oer stekt
ris, in kuierke fan ús en do my wiist
alle kûltsjes dêr’t w’ yn lizze koene.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

foaropwurd

logo.ensafh

Wer in redaksjegearkomste hân en dêrby de kopij trochnommen sadat der wer in nij foarriedsje op de planken leit om de digi te foljen. Ek dizze kear koe it wer minder, al sis ik it sels.
En al ús lêzers witte no grif dat op 12 maart it saneamde ensafheest plakfine sil yn Poppodium Romein te Ljouwert. Noch mar efkes wat reklame, want dit is de lêste digi foar dat feest. De twa bands New Killer Stars en de Hûnekop fersoargje de muzikale noat. Fierders hawwe wy de dichters: Hidde Boersma, Tsead Bruinja, Sytse Jansma, Sigrid Kingma, Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar.… Lês fierder

Ulke Brolsma

Fermoardzje en yn stikken snije

logo.ensafh

‘Ik haw har fermoarde en doe yn stikken snien.’ Op de televyzje is in âld man oan it wurd. Griis hier en it boppeliif bleat. Hy hat syn pakesizzer krekt fermoarde en is der grutsk op. Sy woe mei immen fan har kar trouwe. Soks kin yn Yndia net. De famylje makket út wa’t mei wa trout. Immen dy’t him der net oan hâldt, wurdt ferstjitten of fermoarde. Ik haw mear fan dat soarte berjochten lêzen. In heit hinget syn soan oan it balkon, sadat elkenien it mar sjen kin. Noch sa’n heit mei alle leafde foar syn bern, fermoarde syn dochter en stuts it liif doe mei help fan benzine yn de brân.… Lês fierder