Whakapapa
Wat woartelet der noch fan dyn wrâld âld hout
yn de spjalten grûn fan memme -ierde?
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Whakapapa
Wat woartelet der noch fan dyn wrâld âld hout
yn de spjalten grûn fan memme -ierde?
Lês fierder by Wobbe Atsma… Lês fierder
Ast dyn gedachten beheine kinst ta it No, yn stee fan ivich en altyd te tinken oan eartiids of oan de takomst, dan ferrint de tiid oars.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
In tryst krystliet fan it iensume Duo von Däniken
https://soundcloud.com/duo-von-daniken/kryst-2018… Lês fierder
De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.
Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!
De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.
Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…
Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.
Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder
It is hjir keal en kâld en lyts. In bêd, doaze, stoel, tafel en in ferskuorrende iensumheid. In plestik beker, ien tekken, ien handoek, ien waskhantsje, in stikje sjippe en in barstende leechte. Gjin waarm wetter. De TL-lampe hinget los oan it plafond. Dêr ha ik it wol mei beskreaun. In doar dy’t ik net iepenje kin. In rút mei traaljes. Fierders sit it hjir fol mei wat der net is. Gjin noflikheid, gjin waarmte, gjin muzyk, gjin stimmen, gjin libben. Gjin leafde. Keale muorren. Neat dat fan my is. Gjin ferbining mei de bûtenwrâld, mei dat wat ik hie. Ik ha yn dizze stille romte inkeld mysels, myn ferline en myn grut tekoart.… Lês fierder
De eerste editie van het Poetry & Storytelling Festival staat volledig in het teken van het kennismaken met nieuw werk!
Tijdens dit nieuwe festival zullen aanstormende, hongerige nieuwe schrijvers en dichters hun materiaal voordragen aan een enthousiast publiek. Daarnaast zullen ook veteranen het podium betreden om nieuw werk ten gehore te brengen.
In de sfeervolle huiselijke setting van de Drukkerij van der Eems zaal geniet je van poëzie en verhalen, taal op beeld en muziek. En dat natuurlijk onder het genot van een drankje.
Het festival krijgt een winters tintje in januari, met als thema: ”Een nieuw begin”.
Onder andere Arjan Hut, Geart Tigchelaar, Marrit Jellema, Jonas Müller en Ria Westerhuis zullen het podium betreden.… Lês fierder
Mei fernuvering hawwe de leden fan It Skriuwersboun yn it útfieringsprogramma Kultuer oan ’e Kime fan de provinsje Fryslân de plannen foar de weroriïntaasje fan de kulturele ynfrastruktuer lêzen. Wy binne ferbjustere hoe’t yn dat beliedsstik it Fryske kulturele fjild redusearre wurdt ta de twa grutste publykslûkers: popmuzyk en toaniel.
Lês fierder by It Skriuwersboun… Lês fierder