Klik hjir foar it redaksjoneel fan Piter Boersma (pdf)
Klik hjir foar de ynhâld (pdf)… Lês fierder
It nasjonale Boekewikegeskink wurdt dit jier skreaun troch de bestsellerauteur fan de populêre deiboeken fan Hendrik Groen. Groen bleau mear as tsien jier anonym foar it grutte publyk. Skriuwer Peter de Smet stapt spesjaal foar de nasjonale Boekewike foar ien kear út de anonimiteit. ‘Piaggio’ fan Peter de Smet ferskynt as nasjonaal Boekewikegeskink ek yn it Frysk. De Fryske oersetting is makke troch Ytsje Steen-Buwalda.
Lês fierder by Boeken fan Fryslân… Lês fierder
Ik waar in Amsterdam en ik wou ’n bakky koffy. Dat kwam soa. Ik had ’n ôfspraak. Maar die gong niet deur. Doe had ik enenen twee uren over. Hoe faak komt dat foor? Dat je soamaar twee uren in de skoat wurpen krije.
Maar wat most ik met twee uur frije tiid? In ’e train had ik de krant lezen. D’r waar ’n eksposisy over geel in ’t Van Goghmuseum. Ik docht, kom ik der ok weer ’s.
Dat ik op ’n ov-fyts d’r hine. Fansels, sold out. Dat had ik ok wel wete kinnen.
Lês fierder by Goeie… Lês fierder
Toen in 1686 De bron-swaan of Mengeldigten verscheen van de Friese dichter Titia Brongersma, was het alweer even geleden dat een vrouw een zelfstandige bundel had uitgegeven in het Nederlands taalgebied (Bijvoorbeeld Maria Margaretha van Akerlaecken met Den lof der vrouwen. Tegen der Vrouwen Lasteraers in 1662). Alleen al het feit dat Brongersma dit initiatief zelf nam — en ook zelf het voorwoord verzorgde — doorbrak een patroon waarin publicatie doorgaans via mannelijke bemiddeling verliep. Zij nam de regie.
Lês en sjoch fierder by Fleur Speet op Neerlandistiek… Lês fierder
De Poëzijwike is foarby, mar Gabrielle en Arjan sjogge noch efkes werom. Sa droegen se foar yn in snie-eftich, pitoresk Harns, hie Gabrielle in literêr itentsje en gie Arjan nei Balk om foar te dragen op Podium Gorter. Ek wiene se by de Grutte Ensafh Gedichtejûn yn De Rode Loper, mei 33 dichters en muzyk fan Mayte.
Arjan ferdjippet him yn in boek oer de moard op JFK en Gabrielle sjocht in protte films. Fierder giet it oer Fryske nepo-baby’s, skriuwersbiografyen (wat seit in opsomming fan prizen?), de nije stedsdichter fan Grins (in âlde bekinde!) en …. metal. Gabrielle is nammentlik ûnderweis nei Mayhem.… Lês fierder
Op de geastgrûnen tsjin de dunen, yn de himrik fan Skagen, wenne in grize man dy’t al jierrenlang net werom west hie nei syn bertegrûn yn Fryslân. Dat siet him mei de tiid mear en mear yn ’e wei. Yn syn troebele langsten woe er graach noch ien kear syn Fryslân werom sjen. Ien lêste kear.
Lês fierder by Lomme en Jan Schokker… Lês fierder
net alle rivieren streame nei see
jou my dyn hân en lit ús opdrûgje
yn in kâlde woestyn, ferbaarn
de skippen achter dy
yt de bôle fan juster op
de skaal fan it eagenblik
it is net it snijen dat sa sear docht
mar it iepenhâlden fan de wûne, kom
ming dyn read troch it swart-wyt
bewarje net mear bang it
fjoer fan hjoed kin moarn
ek wol fonken jaan
guon sizze dat dêr moed
foar nedich is oaren
sprekke fan in yllúzje
ik neam it lok