Aginda 05-02-2021: Grutte Gedichtejûn ensafh DIGITAAL

logo.ensafh

Bêste dichter/poëzyleafhawwer!

Frysk literêr tydskrift Ensafh organisearret wer syn jierlikse Grutte Gedichtejûn. It is lykwols ditkear gjin poëzymaraton yn in smûk kafee, it barren sil folslein digitaal wêze op freedtejûn 5 febrewaris om 19:30 oere. De jûn wurdt nammentlik op it YouTube-kanaal fan Ensafh útstjoerd.

Om dy reden roppe wy alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, op om ien gedicht op te nimmen. It makket net út yn hokker (streek- of minderheids)taal oft de gedichten skreaun binne. Jo hoege sels net iens dichter te wêzen, jo meie ek gerêst in oar syn of har gedicht foarlêze.

Lês hjir fierder. Sjoch hjir foar it promoasjefilmke.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Grutte barrens, lytse rûnten

logo.ensafh

Ik hie it nea tocht, mar ik sjoch hieltyd minder telefyzje. Der wurdt hieltyd sein dat soks foar de jongerein jildt, mar ik ha der dus ek lêst fan. It hat te krijen mei myn foarkar. Ik hâld fan nijs- en praatprogramma’s, fan diskusjes. Sokke programma’s hiene altyd al it beswier dat se jûns betiid of krekt let útstjoerd wurde en in dei letter is it âld nijs. Dat is noch dêroan ta, mar stadichoan falt op dat it tal ûnderwerpen hieltyd beheinder liket te wurden. It giet de redaksjes fan dy programma’s om de grutte barrens. Dêr wolle se it allegearre oer ha.… Lês fierder

Teleks: Literêre krystkaarten foar Voedselbanken

logo.ensafh

Literêre krystkaarten foar Voedselbanken

Ljouwert, 15 desimber 2020 – Dizze wike wurde by alve Fryske Voedselbanken literêre krystkaarten besoarge, dy’t Ljouwert UNESCO City of Literature yn gearwurking mei seis auteurs en in yllustrator ûntwikkele hat foar de goed 1.500 kliïnten en frijwilligers fan dizze voedselbanken. City of Literature wolharren op dizze wize, sa flak foar de feestdagen,graach wat opmoedigje. Ek hopet de organisaasje dat de aksje publisiteit opsmyt foar de Voedselbanken, dy’t driuwend ferlet hawwe fan stipe en produkten.

De kliïnten en frijwilligers krije in pakket fan seis unike kaarten en in Molkwarder Koeke.
Foar de kaarten benadere Ljouwert UNESCO City of Literature de dichters en skriuwers dy’t yn de hjerst tidens (fanwegen corona úteinlik annulearre) Dichtdiners in foardracht jaansoene.… Lês fierder

Petear mei Tsead Bruinja

logo.ensafh

“Wie is Tsead Bruinja nou helemaal?”

Tsead Bruinja zwaait af. Hij was twee jaar Dichter des Vaderlands, waarvan bijna één tijdens de pandemie en zette de lockdown nog wat extra kracht bij met een bundel over tbs. Hij kijkt terug en vooruit. ,,Ik heb een paar dingen niet af kunnen maken. Dat is jammer. Maar ik heb goede hoop dat alsnog te gaan doen.’’

Tsead Bruinja is een podiumdichter. Hij mag graag voordragen en tot voor kort trok hij door het land om moois te delen. ,,Normaal gesproken zou de zomer in het teken hebben gestaan van festivals. Poetry International bijvoorbeeld en Dichters in de Prinsentuin.… Lês fierder