Teleks: By Rotterdam waard eartiids Frysk praat

logo.ensafh

Doe’t taalkundige Peter-Alexander Kerkhof in moannemannich ferlyn syn bekende fideo yn midiuwsk Nederlânsk online sette, kaam dêr op it Frysktalige ynternet fuort in protte krityk op. De tekst yn ‘e fideo waard nammentlik útsprutsen troch in sabeare ynwenner fan it alfde-iuwske Rotterdam. Dy hie doe ommers Frysk praat, seine guons, en gjin Nederlânsk, dat de fideo soe net doge.

No is it sa simpel net as dat de kritisy hawwe woene. Yn ‘e midsiuwen wiene Fryske en Saksyske stammen konstant yn ferweech yn Súd-Hollân, dat doe noch foar in grut part út lytse eilantsjes bestie. Dochs hat Kerkhof goed nijs foar de Friezen: der is in oanwizing dat der uterlik yn de tolfde iuw yn it doarp Maasland, deun by Rotterdam, noch Frysk praat waard.… Lês fierder

Pier Boorsma: Foar memmetaal is gjin substitút

logo.ensafh

Op 5 july l.l. stie yn ’e Ljouwerter Krante dat in Klaas van Tempel yn ’e oarloch it kamp oerlibbe hie troch syn tinzen oan ’e famylje en oan Fryslân. It tinken oan de taal, de kultuer en it lânskip, de eleminten dy’t foar it grutste part de Fryske identiteit útmeitsje, moat him dy krêft jûn ha. Dy identiteit jout krekt as oare identiteiten betsjutting oan it libben en kin jin sa stypje yn omstannichheden dy’t de minslike weardichheid oantaaste.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Henk Nijp

Winkelplein

logo.ensafh

De man hie in kreas learen jek oan en in brune ‘newsboy-cap‘ op ‘e holle. In pensionado, mar noch net sa lang, skatte ik yn. Hy hie it mar dreech mei it winkelkarke, it iene foartsjil woe net rjocht, it trille en skodde en draaide net lyk op mei de oare trije tsjillen. It weintsje luts hieltiten de kant op fan de muorre, krekt dêr’t it net hinne moast.
Ik stie foar de winkel te wachtsjen, want ja, koroana, en dan mei der neffens de hjoeddeiske winkelregels mar ien fan de húshâlding de winkel yn. Sa hie ik moai even tiid om de boel hjir te observearjen.… Lês fierder

Teleks: Lêzing Goffe Jensma by de oanbieding fan ‘Waling Dykstra Folksskriuwer’

logo.ensafh

Waling Dykstra syn betsjutting yn de hjoeddeiske literatuer, útropteken, sei Hille Faber, doe’t ik him frege, wat er woe dat ik wat oer sizze soe. Bêst, sei ik, ik kin it knippe sa’t je it krije wolle. Hoe lang haw ik? Fraachteken. Tsien oant tolve minuten. Utropteken. Komt foar de bakker. Utropteken.

Mar doe’t Hille wer fan ‘t skerm ôf wie – want it gie hjir om koronêr emailkontakt – doe duorre it mar eventsjes en briek my it swit út. Wat ha ik no yn de frede om hâns hân? Hoe moat ik dit fergemy no werris ha? Wat in ûnmooglike fraach.… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: In skoech en in kearske

logo.ensafh

As ik de lêste moannen fan it jier ferlykje mei dyselde moannen yn myn jongesjierren, dan binne der mear ferskillen as oerienkomsten. It liket wol oft neat gelyk bliuwt. Ik bedoel dan benammen de feesten yn dy moannen. It moat allegearre moaier, grutter en djoerder. As we soks sels net betocht ha, dan hat de middenstân dat wol dien. It giet hieltyd faker om in hieltyd grutter ferskaat oan iten en drinken, gruttere kado’s. Dat jildt ek foar de feesten sels. Hieltyd gruttere organisaasjes sette hieltyd mear yn op mear minsken. Dêr liket fan ’t jier in lyts bytsje in omkear yn te kommen.… Lês fierder