Moarn is it alwer de lêste dei fan oktober en op dizze dei fierden de Kelten Samhain. It skynt ien fan de âldste feesten te wêzen dy’t troch ferskate kultueren fierd waard om in healjier sinneljocht ôf te sluten. Tagelyk wie it ek de tarieding op de winter en it begjin fan in nij jier. Foar de Kelten begûn alles út it tsjuster wei. In nije dei begûn ek as de sinne ûnder gong en net om tolve oere nachts.
Lês fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder