Aginda 25-09-20: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Teleks: Einoptreden Waailân: dichters op it eilân

logo.ensafh

Justerjûn hawwe de dichters harren wurk fan Waailân foardroegen foar it publyk mei it einoptreden yn it wynstille iepenlofteater de Rûnte ûnder in hieltiten tsjuster en moaier wurdende stjerrehimel.

As earste wiene oan bar Ilse Vos, Jolanda Gooiker en Simon Oosting, mei harren poëtyske fertelling fan de dei, mei ‘Deiferslach’.

Lês en sjoch fierder by RIXTLês fierder

Duo von Däniken

‘Bline piano’ fan Berend Folkertsma

logo.ensafh

Op 22-07-20 koene jo ‘Wobbelke moat skite‘ hearre, fan de hast fergetten komponist Berend Folkertsma.

Diskear kinne jo harkje nei ‘Bline piano’ fan deselde komponist.

Berend Folkertsma

It stik wurdt hjir útfierd troch de bruorren Hâns en Pyt de Boer, út Hallum.

Klik op it portret fan Folkertsma foar de muzyk.… Lês fierder

Aginda 06-11-20: Tredde Dei fan de Fryske letterkunde

logo.ensafh

Op freed 6 novimber 2020 fynt de tredde Dei fan de Fryske letterkunde plak. Yn it ramt fan de Nederlânske befrijing dy’t dit jier 75 jier lyn is, is it tema dizze dei ‘Befrijing yn de Fryske literatuer’. Ferskillende sprekkers, ûnder oare heechlearaar Goffe Jensma en skriuwer Abe de Vries, sille lêzingen jaan. It kongres is tusken 10:00 en 16:30 oere yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar. Fanwegen koroanamaatregels is der romte foar in beheind tal minsken. It folsleine programma en mear ynformaasje oer oanmelding folgje ynkoarten. De Dei fan de Fryske letterkunde wurdt organisearre troch de Fryske Akademy en Tresoar.… Lês fierder