Komposysje Berend Folkertsma: ‘Wobbelke moat skite’

logo.ensafh

De hast fergetten Dokkumer komponist Berend Folkertsma (1945-2009) hat net in soad wurk neilitten. ‘Wobbelke moat skite’, in ultrakoarte komposysje út 1984, wurdt oer it algemien sjoen as in lyts hichtepunt yn syn karriêre.

De lêste jierren fan syn troch drank en drugs teheistere libben brocht Folkertsma troch yn ferskate kliniken.

It stik wurdt hjir útfierd troch leden fan de brassband Ave Maria út Greonterp.

Klik op it portret fan Folkertsma foar de muzyk.

 … Lês fierder

Teleks: Relypriis foar twa ferhalen en ien fers

logo.ensafh

Relypriis foar twa ferhalen en ien fers

De Rely Jorritsmapriisfraach hat dit jier trije winnende bydragen opsmiten, twa ferhalen en ien gedicht. Elmar Kuiper, Jorwert wint in Rely mei it ferhaal ‘Ni Hao’, Sjoerd Bottema, Weidum mei it ferhaal ‘Total loss’. Syds Wiersma út Ljouwert kriget de priis foar syn gedicht ‘It famke’. Foar de 66ste edysje fan de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 88 ynstjoeringen ynkommen, 56 gedichten en 32 ferhalen. De sjuery bestie diskear út Douwe Kootstra, Inge Heslinga en Rianne Blokzijl. De prizen fan € 1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt, fanwege de koroanabeheiningen yn lytse rûnte.… Lês fierder

Teleks: Dit zijn de Friese kanshebbers op de Jan Wolkers Prijs 2020

logo.ensafh

Christiaan Kuitwaard en Jan Kleefstra makenn dit jaar met Veldwerk kans op de Jan Wolkers Prijs. Net als Tialda Hoogeveen met haar kinderboek Oerstoer .

Afgelopen week maakte de Volkskrant de longlist bekend van de Jan Wolkers Prijs 2020, voor het beste natuurboek van het jaar. Hierop prijken twee boeken van Friese makers: Veldwerk en Oerstoer . Voor de prijs, een samenwerking tussen de Volkskrant , Wereld Natuurfonds en het radio-programma Vroege Vogels (BNNVARA), waren 130 natuurboeken ingezonden. Deze variëren van non-fictie tot poëzie, en tot de auteurs behoren journalist Olaf Koens (met Paarden vliegen businessclass ), bioloog Tijs Goldschmidt (met Onvoldoende liefdesbrieven ) en oud-vogelwachter Barwolt Ebbinge (met Rottumerplaat ).… Lês fierder

Kollum Aant Mulder: Offredingen

logo.ensafh

Yn dizze tiden fan koroana ha we hieltyd faker te krijen mei ôffredingen. Dat komt troch de ynstelde oardelmetermaatskippij. Op guon plakken wurdt dat oanjûn, troch strepen, sirkels, linten, pealtsjes en planken, kettingen, skermen, folle net genôch. Romten wurde ôffrede en ôfstannen oanjûn. Offreedzje, der ha tiden west dat soks net dien waard. Dan moatte we werom nei de midsiuwen. Doe wie mienskiplik besit (mandelân) hiel gewoan. Dêrnei kaam de tiid dat boeren bisten op eigen grûn hâlde woene en dat wylde bisten keard wurde moasten. Hjoed-de-dei belibje we nije tiden as it om ôffreedzjen giet. It giet net mear om bisten, mar om baktearjes.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Swarte Anna

logo.ensafh

Wy hiene boeken op de stoepe foar it hûs setten. We moasten ferhûzje en net alle boeken koene mei. It wie midden yn de coronatiid, of krekt oan it begjin dêrfan, alles like wol ta te fallen en folle slimmer te wêzen as it like tagelyk. De boekhannel woe no gjin boeken ynkeapje en ek by de Omrin Estafette namen se efkes neat mear oan. Wy koene hast nearne hinne mei de boeken, mar by it âld papier smite, nee, dêrfoar hawwe se tefolle wearde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Aginda 26-09-20: Presintaasje twadde bondel Hinke Veenstra: ‘Heit en ik’ ANNULEARRE

logo.ensafh

Hinke Veenstra (1958) uit Drachten presenteert zaterdag 26 september haar tweede gedichtenbundel: ‘heit en ik’. De presentatie, met muzikale omlijsting, is in Glinstrastate Burgum.

In ‘heit en ik’ combineert Hinke eigen werk met dat van haar heit, Sipke Veenstra. Door haar meer te verdiepen in het werk van haar vader ontstond er in deze schrijffase gaandeweg het concept voor een ‘petearbondel’, waarin ze haar vader beter leerde kennen en meer waardeerde. Een vader-dochter relatie die door de ‘papieren erfenis’ verdere verdieping kreeg.

Lês fierder by de Drachtster CourantLês fierder