Trevor Scarse

Yn it Lân fan Molke en Hune

logo.ensafh

Jarich waard brimstich wekker. It hie in tige ûnrêstige nacht west. It bêd lei net lekker, it kessen wie fierstente sêft en it strie kribele him troch it sloop hinne. Hinne en wer rôlje hie neat opsmiten, dat de sliep hie skier en ritich west. Hy gong der mar ôf doe’t de fûgels begûnen te sjongen. Hy geat wetter yn in skaal en smiet wat yn it gesicht. Hy rûn nei bûten ta en seach it hear oer.

Doe’t de hoanne kraaide helle Jarich it wijreekfet op en rûn nei it alter ta. It wie in koarte stiennen pylder bekappe mei in blêd.Lês fierder

Giny Bastiaans

J.D. Vance en Pete Hegseth as the Everly Brothers

logo.ensafh

It nijs wie net mear te hurdzjen. Oarloch, bommen, gûlende bern, stikkene flats, sykjende helpferlieners. En de paus koe oer frede preekje wat er woe, de grutte mannen joegen in grutte mûle werom en giene troch.

De holle wie my dwyl fan al dat nijs en ik moast derút. Eefkes in bakje kofje helje en in broadsje kroket. Miskien dat ik dan wer yn frede leauwe koe.

Ik rûn streekrjocht nei it restaurantsje yn de Hema. Moai plakje fansiden. Foar my oer siet in frommeske, ek mei in stikje bôle mei in kroket. Sloardich opstutsen griis hier. Soarchlik kopke. Se seach my hieltyd oan en ik seach werom.… Lês fierder

Jemke Visser

Generaasjes

logo.ensafh

‘Mijn Generatie’ wie it tema fan de Boekewike 2026. De twa spesjale útjeften, it geskink (fergees) en it essay (net fergees) joegen nochal wat oanlieding ta kommentaar.

Piaggio fan de as Peter de Smet ûntmaskere Hendrik Groen brocht de noadige tongen yn beweging. In stikmannich literêre pommeranten, ûnder oare LC-kollumnist Joost Oomen hiene der gjin goed wurd foar oer. Ik fûn wol dat se in bytsje te folle op it oargel giene, mar de skriuwer fan de fermaaklike Geheime dagboeken van Hendrik Groen hat himsels hjirmei wol wat tekoart dien, fyn ik ek. Jammer fan de sympatike betinker fan dy al like aardige, humoristyske Hendrik Groen.Lês fierder

Dirkje Brouwer

In hin kin feroarje yn in hoanne, as se moat

logo.ensafh

Joe Speedboot is ferfilme. It plan lei al lang op ‘e planke mar mislearre en is no dan dochs folbrocht. Ik gie nei in gearkomste ‘Beter dan het boek’ yn Grins om’t ik mei in driuwende fraach siet. Op it boek wie nammentlik nochal wat kommentaar kaam. It soe misogyn wêze en einigje mei slutshaming as katarsis. Dêrneist soe de oanbeane muze eins neat mear wêze as moai en al dizze ellinde kaam út de holle fan Tommy Wieringa.
No dus in lang ferwachte ferfilming omdat dochs ek in hiel soad minsken it boek hiel moai fûnen. Ik wie benijd oft de regisseur him wat oanlutsen hie fan de krityk.… Lês fierder

Henk Nijp

Klucht

logo.ensafh

In control freak bin ik neffens my net, ha ik ek nea west. Dan binne der wol oaren. Ik regelje meastentiids gjin dingen wiken, moannen of sels jierren yn it foar. Ik sjoch wol hoe’t it komt. Maarten ’t Hart hat eartiids ‘Het roer kan nog zesmaal om’ skreaun. En sa tink ik der ek oer. Mar sa no en dan wit ik  dochs wol graach wêr’t ik oan ta bin of hoe’t saken der op it stuit krekt foar steane. As ik in eintsje om wol, te draven of te kuierjen, sjoch ik earst  even op it buie-alarm om te sjen oft it no kin of dat letter op ‘e dei faaks in better plan is.Lês fierder

Henk van der Veer

Bline eksters

logo.ensafh

Met un jetlag, dy’t letterlek fia Hongkong en Peking liep, fòlgde ik op 18 maart de gemeenteraadsferkiëzings in myn eigen Súdwest-Fryslân. In ut Atrium fan Sneek, foar mij un dierber plak.
Ommers hier ging ik oait foar ut earst naar de lagere Eben Haëzersskoal. Boven de ingang fan ut gebou hangt nou ut woard ‘Atrium’, mar rúm sestech jaar leden prijkten dêr de gietizeren letters dy’t ut woard Eben Haëzer fòrmden. Ik skreef der later ut fòlgende fers over:

Eben Haëzer

achter bij oans moeke
op ’e fyts
foar ut earst
naar de groate skoal

de Hoge Brugge over
de Parkstraat deur

stiif sittend in
un houten bankje
met ut moaie meiske
Willy Weerts

en tussen de geraniums deur
útsicht op ’e Groate Kerk
boven ut skoalhek
de onbegrypleke woarden
‘ Eben Haëzer ’
tòt sufer het de Heere oans holpen

mar dat wist ik
toen nòch nyt

Niks mis met ut plak dêr’t de útslagen bekend maakt wurdden en ik ferfòlgens lokale politisy fragen stelle mocht.… Lês fierder

Jemke Visser

Sis it mar …

logo.ensafh

Wat…? No, der is genôch wat om antwurden freget. Kin ek mei AI, mar is dat oan te rieden? Ast witte wolst hoe’tst boerekoal klear meitsje moast krijst reedlik adekwate ynstruksje. Mar neffens guon dokters kinst der ek terjochte mei in ûntrêstigjend read plakje op ’e earm dat wat jûket en sels ek mei psychyske noeden. Soks oan Musk en konsorten tabetrouwe? Dêr ha ik wol flink wat twivels oer.
Mar dêrbûten is der alle dagen wol wat dat ferbjustering tewei bringt, fariearjend fan ‘se dogge mar’ oant ‘hoe kin dit yn ’e goedichheid’.
Foarbylden? By ’t soad! Foar alle nasjonale en miskien noch wol mear ynternasjonale ûnheil hast oan ien kollum lang net genôch.… Lês fierder