Efkes koart troch de bocht: Ikigai is in Japansk begryp dat soks betsjut as: de motivaasje om fan ’t bêd ôf te kommen. It betsjut werklik wol mear as dat, mar dit is de polderfariant moatte jim mar tinke.
Elkenien tinkt wolris: wêr doch ik it allegear foar… ik bliuw hjoed mar ris mei de kop ûnder de tekkens. Harkje as audiofoarbyld foar de aardichheid ris nei de hit út 1965 fan’e Nederlânsktalige groep: HET: ‘Ik heb geen zin om op te staan’, wol te finen op YouTube.
No sille der grif minsken wêze, meast manlju, dy’t synysk út ’e hoeke komme wolle en sizze: ‘Ik kom moarns allinne fan ’t bêd om te pisjen of te skiten, of om in kuierke mei de hûn te meitsjen.’… Lês fierder