Henk van der Veer

Bline eksters

logo.ensafh

Met un jetlag, dy’t letterlek fia Hongkong en Peking liep, fòlgde ik op 18 maart de gemeenteraadsferkiëzings in myn eigen Súdwest-Fryslân. In ut Atrium fan Sneek, foar mij un dierber plak.
Ommers hier ging ik oait foar ut earst naar de lagere Eben Haëzersskoal. Boven de ingang fan ut gebou hangt nou ut woard ‘Atrium’, mar rúm sestech jaar leden prijkten dêr de gietizeren letters dy’t ut woard Eben Haëzer fòrmden. Ik skreef der later ut fòlgende fers over:

Eben Haëzer

achter bij oans moeke
op ’e fyts
foar ut earst
naar de groate skoal

de Hoge Brugge over
de Parkstraat deur

stiif sittend in
un houten bankje
met ut moaie meiske
Willy Weerts

en tussen de geraniums deur
útsicht op ’e Groate Kerk
boven ut skoalhek
de onbegrypleke woarden
‘ Eben Haëzer ’
tòt sufer het de Heere oans holpen

mar dat wist ik
toen nòch nyt

Niks mis met ut plak dêr’t de útslagen bekend maakt wurdden en ik ferfòlgens lokale politisy fragen stelle mocht.… Lês fierder

Jemke Visser

Sis it mar …

logo.ensafh

Wat…? No, der is genôch wat om antwurden freget. Kin ek mei AI, mar is dat oan te rieden? Ast witte wolst hoe’tst boerekoal klear meitsje moast krijst reedlik adekwate ynstruksje. Mar neffens guon dokters kinst der ek terjochte mei in ûntrêstigjend read plakje op ’e earm dat wat jûket en sels ek mei psychyske noeden. Soks oan Musk en konsorten tabetrouwe? Dêr ha ik wol flink wat twivels oer.
Mar dêrbûten is der alle dagen wol wat dat ferbjustering tewei bringt, fariearjend fan ‘se dogge mar’ oant ‘hoe kin dit yn ’e goedichheid’.
Foarbylden? By ’t soad! Foar alle nasjonale en miskien noch wol mear ynternasjonale ûnheil hast oan ien kollum lang net genôch.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Twa listen fan hjoed

logo.ensafh

Ik wie hjoed yn ’e tún dwaande om alle deade en âlde blommen op te rêden. Dat gie earlik sein betiden wat te mâl. Oars gean ik der altyd hiel foarsichtich mei om, mar diskear siet my wat yn it paad en skuorde ik al te fûl op dy earme planten om. Och och, dy kinne der dochs ek neat oan dwaan dat it sa’n binde is yn ’e wrâld. No wer dy bommen yn it Midden-Easten. Jakkes noch ta.
Oerbuorfrou stuts de dyk oer en sei: ‘Wat is it wat yn ’e wrâld, net buorfrou?’
Ik fertelde wat ik krekt yn ’e krante lêzen hie.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

Sa Nederlânsk as in tulp

logo.ensafh

Jierren lyn lies ik it boek de Garnalenpelster en no sjoch ik de skriuwster Nilgün Yerli foar my stean. Yn ’e Koonbeurs dy’t der gelokkich noch is. Ik fûn har boek prachtich. Har boek makke my as tiener wizer en bewust fan saken as diskriminaasje. Doetiids prate ik deroer mei ús mem. Dy sei: ‘Och ja, eartiids waard der sein sa smoarch as in Turk. Dat wie doe hiel gewoan. No dogge we dat gelokkich net mear.’ 

Wat Yerli ûnderfûn, ûnderfûn ik ek yn it lyts en mar foar ien kear. It wie doe’t ik in jier as fjirtjin wie, by gym op de middelbere skoalle.Lês fierder

Dirkje Brouwer

Pyromania! Fjoer jaaaa 

logo.ensafh

Einlings – nei ûngefear fyftjin jier – hat de reklame dêr’t Kate Winslet yn seit: ‘you’re worth it’ fet op my krigen. Ik keapje allinnich net de krêm dy’t se oanpriizge, want hokker krêm oft dat is, bin ik wer fergetten. 

Nei’t ik lêsten noch boarstfiedings-bh’s yn myn kleankast ûntduts, wylst myn dochterke yntusken al wer sân jier is, besleat ik mysels te traktearjen op in pear echt moaie nije bh’s. En as ik tink oan echt hiel moaie bh’s dan tink ik oan Marlies Dekkers en dat is allegear wer de skuld fan skriuwster Heleen van Rooyen. Madam Dekkers is nammentlik ‘dintsjes’ mei Van Rooyen en miskien binne se sels wol soulmates yn harren seksuele frijfochtenheid, en dêr ha se in soad oer praat yn de media.Lês fierder

Jemke Visser Jemke Visser

Snie en it is gjin Dútske auto

logo.ensafh

Der driuwt in wat blau-eftige dize myn tún yn, snie op komst. Fansels net sa folle as yn febrewaris 1979. Dat wie in âlderwetske, strange winter, mar mei ôfwikseljend snie en izel wol wat ritich. Ek al rieden der auto’s op ’e Iselmar en waard der rûnom reedriden, in Alvestêdetocht siet der net yn. Snieskowers sakken op de rûte spontaan troch it iis.
Foar de feroaring ha wy no wol wer ris izel, mar in sniestoarm sa as doe, ho mar, op ’e nij in winter fan neat.
Ik tocht werom oan dy fan 1979 en dêrby tagelyk oan ús earste auto, in reade 2 CV, doe al aardich op leeftiid.… Lês fierder

Giny Bastiaans

It regearakkoart

logo.ensafh

De snie is fuort en it natuerpaad is wer te berinnen. Ik soe krekt dy kant út gean, doe’t ik ien by ús Lytse Bieb stean seach. In jonge frou. Ik moast eefkes neitinke wa’t it ek al wer wie, dy jonge froulju sjogge der sa faak itselde út. Lang blond hier mei ljochtere streekjes deryn. Allegear op dyselde wize knipt en föhnd. Dyselde wynbrauwen, dyselde goudkleurige earbellen, dyselde lange neils. Ik sei: ‘Goeie.’ Sy sei neat werom. Ik besocht it nochris in kear, ien kear in doarpsminske, altyd in doarpsminske, no? Dus: ‘Sit der noch wat tusken?’

Doe seach se om.… Lês fierder