Jemke Visser

Kampearje

logo.ensafh

Dêr tink ik hjoed-de-dei gauris oan. Oer alle boegen is it sa folslein tsjinsteld oan wat ús faak út it wrâldbarren wei temjitte komt oan ûnwierhaftigens, oanstellerij, opkloppe wichtigens, beynfloeding of kleare foar-de-gekhâlderij. Fia de media hoege we der neat fan te missen. Fansels tink ik ek dêrby ek oan sa’n NAVO-top. Jonge, jonge, wat in fertoaning!  Moat dat no sa, mei Rutte syn beskamsume sjerpslikkerij, Willem en Maxima harren toanielstikjes, wylst se Trump fansels op in pypfol hawwe en dan ek noch dy syn allerfreeslikste one man show. Giet Poetin oait om lyk? Liedt it, as is it mar in krommeltsje, ta in bettere wrâld, nei mear omtinken en begryp foar inoar?  Lês fierder

Giny Bastiaans

Fuotbalferstân

logo.ensafh

‘Komt beppe ek te sjen?’ frege Thomas, myn âldste beppesizzer. En hy seach my oan sa’t inkeld hy dat dwaan kin. Krekt itselde as doe’t er in pjut wie. Fol fertrouwen en iepen.

Hy spilet yn it earste fan de fuotbalclub yn syn doarp yn Grinslân. En syn ploech moast fuotbalje tsjin in Fryske klup foar promoasje nei in hegere klasse. Dat gie oan op ’e grins tusken Grinslân en Fryslân. It wie spannend. Net inkeld om de wedstriid mar ek oft der genôch fuotballers wiene foar in alvetal. It doarp is nammentlik sa lyts, dat se mar krekt alve spilers ha foar it earste.… Lês fierder

Jemke Visser

Lêze, help …

logo.ensafh

‘Lêsstress’ hie miskien ek wol kind as titel. Want yn ’e goedichheid, wat komme der in soad boeken út. Je sitte amper middenyn ien, as der binne al wer net te missen nije, ek bûtenlânske.
Dus mar gau te set mei Libris Literatuerpriis ‘Oroppa’?
It begjin ha’k al fêst lêzen, mar it dûzele my al gau en hieltyd mar werom bledderje – wa wie dit ek a wer yn hokker rol – hie’k gau myn nocht fan. It die my wat tinken oan immen dy’t my mei grut entûsjasme fertelt wat troch it tempo en allerhande blomrike details amper te folgjen is.… Lês fierder

Henk van der Veer

Geluksfogel in ut Frys Literatuur Paradys

logo.ensafh

De dagen dat ik kontakt had met skriëvers in ut Frys Letterlaan, lêge al un moai skòft achter mij. Alle weken was der wel eentsje út ut Frys literêr sirkwy wêr’t ik met praatte. Regelmatech sat der un auteur (m/f) bij mij thús. Hast elke avend was der wel un telefoantsje fan un dichter dy’t wat met mij deelde. En regelmatech mocht ik manuskripten, al òf nyt in opdracht fan u nútgever, deurleze en myn oardeel geve: Wel òf nyt útgeve.

De reden dat ut teugenwoardech nyt mear su druk is, is letterlek doadsimpel: Dy skriëvers leve nyt mear, fertrokken naar de Overkant.… Lês fierder

Anne Feddema

Kofjeskoft

logo.ensafh

Bekt lekker dat wurd, om it mar ris taalpopulêr te sizzen. Wêr wol ik no wer hinne? No ja lêzers, in kear wat oer mysels fertelle, as brûker fan deistige genotmiddels. Ut it deiboek fan in konsumint, sis mar, skreaun yn in Dostojevskiaanske grandioaze styl. Dan sil ik sterke bakjes sette moatte foar de konsumint, as dy der al is, dy’t myn wurden ta him nimme sil. Der wie in tiid dat ik net alle dagen – wáát … net iens alle wiken – kofje dronk. Ja, apart genôch, as jonkje fan tolve jier fûn ik it hearlik om jûns in stikje bôle mei snijwoarst te iten en dêr in bakje kofje by te drinken.… Lês fierder

Ineke van der Heide

Frijheid om te kiezen

logo.ensafh

De wurden fan 5 maaie golvje my noch troch de holle. Frijheid, frij om te sizzen watst wolst, frij om te dwaan watst wolst. Frij om te kiezen … wat ik wol.

21 Jier bin ik. Frou, folwoeksen en frij. Doe’t ik 15 jier wie woe ik al frij wêze, de see lonke. Ik nei de seefeartskoalle. En no moat ik it iene wurkstik nei it oare ynleverje, moat ik 6 wiken fan hûs foar staazje, moat ik myn Marcomsertifikaat helje.
Krij it hinne en wer! Frijheid is sels kieze.

ik nim dy frijheid en ik kies derfoar om yn it sicht fan de haven de hiele farderij de rêch ta te kearen.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Sa’n dei

logo.ensafh

Oan it natuerpaad dêr’t ik gauris rin stiet in lytse bungalow. Ik ha altyd niget oan de tún dêr. Allegear krûdige planten. Mar ek stinzeplanten as ayttablom, maitiidsblom, jufferkes. Grôtfol, gjin swarte grûn te sjen. Krekt myn tún. Diskear skrok ik. De frou dy’t dêr wennet lei langút tusken de planten. Har grutte bosk griis krolhier lei tusken it blau fan de ferjit-my-net. Se kaam krekt mei de holle omheech en seach my mei skrik yn ’e eagen oan. Ûnhandich besocht se oerein te kommen. Ik rûn op har ta en seach dat har spikerbroek dweiltrochwiet wie.

‘Nee nee,’ snokte se, ‘net wat jo tinke, hear!… Lês fierder