Giny Bastiaans

In drekskriuwer op fb

logo.ensafh

De man oan de oare kant fan it paad yn de trein die my oan ien tinken. Syn lûde stim lei in daam yn myn holle. Ik koe der net by komme wa’t dit ek al wer wie. Dat steile hier, rjocht oerein, dy wat skeane noas. Dy grutte earen. Dat opheljen fan syn noas mei dat snúfke.

It wie in boaze man. Dat fûn ik eins net by him passen. Gjin idee wêrom’t ik dat fûn. Lykas elkenien hie er it oer de polityk en miende er te witten hoe’t it siet. En noch slimmer, dat er it by it rjochte ein hie.… Lês fierder

Henk van der Veer

In ’e blubber fan Bears

logo.ensafh

Fotograaf Tom Coehoorn, myn faste maat at we foar de Friesland Post op stap gaan om ferhalen te fangen, hymde as de Ouwe Sik dy’t froeger Sneek binnen denderen kwam.

Gyn wònder, Tom had krekt syn hele Lemster bealech in’e styd goait om myn fastlopen Opeltsje út’e blubber fan Bears te krijen. Un mònsterprestasy foar eentsje dy’t un paar weken earder nòch un hartkneusing oplopen had toen de airbag fan syn wagen ontplofte nadat Tom de Mercedes bus onfrijwillech parkeard had onder un frachtauto.

Wònder boven wònder overleefde Tom ut nare ongeluk en konden we der nou wel wear relativearende grappen over maken.… Lês fierder

Foppe Venema

Troch de skodoarren: Francis Jammes (1868-1938)

logo.ensafh

Jammes, in dichter út ’e Atlantyske Pyreneeën, publisearret begjin jierren ’90 in tal bondels sûnder folle sukses. Dat er yn 1897 ynienen bekendheid kriget, komt troch syn manifest It Jammisme yn it tydskrift Mercure de France (Frâns kwiksulver), dat in reaksje foarmet op ’e floed oan literêre manifesten en ‘-ismen’ ein 19de iuw. Fral de nije moade, it neffens him keunstele symbolisme, moat it ûntlije. Hjir folgje inkelde fragminten, dy’t no âldfrinzich oerkomme, wat de rol fan ’e frou oanbelanget:

 – Ik bin fan betinken dat der mar ien skoalle is: dy dêr’t dichters yn lykje op netsjes skriuwende bern en hiel sekuer in moaie fûgel, in blom of in jongfaam mei betsjoenende skonken en robúste búste werjouwe.Lês fierder

Jemke Visser

Autumn Leaves

logo.ensafh

Sa no en dan driuwt nostalgy my nei Turkije en Grikelân. Wat sei …? Skrik net, ik bedoel in twatal boskperselen op it eardere lângoed fan State ‘De Klinze’ by Âldtsjerk.
De aadlike famylje Van Sminia hiene dy, benammen bedoeld foar hakhout, oanlizze litten fia lukrative Turks-Grykske obligaasjes, dêrom de nammen.
Myn pake as boskwachter, myn heit en syn bruorren as túnkers wiene yn tsjinst fan de Van Sminia’s, dy ’t se ek holpen by it jeien. Letter hiene se sels in grutte kwekerij efter Stania State yn Oentsjerk.
Yn ’e simmerfakânsje útfanhuze ik by de twa omkes en tante, alle trije frijfeint en – faam bleaun.… Lês fierder

Henk Nijp

P&R – De oanhâlder wint

logo.ensafh

Doe’t ik fan ‘e moarn de bank-app wer ris iepene stie it der einlings op, it bedrachje dêr ’t ik noch rjocht op hie. Yn Amsterdam draaie de amtlike moles nammentlik ek net bepaald  full speed. Dit foarfal begjint op in waarme simmerdei yn july.
Wy soene in dei ekstra te húswarjen yn Amsterdam, by de bernsbern. Om’t wy de hiele dei wol besteld wêze soene, moast de auto mar wer nei  Park and Ride, Zeeburg II, want yn Amsterdam op ‘e dyk parkeare is in knap djoer grapke. Yn ús gefal soe it op mear as € 45,- útkomme. Femke hat it net sa op auto’s yn ‘e stêd en earlik sein, jou ik har dêr gjin ûngelyk yn.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Hege need

logo.ensafh

Ik skode mei myn oploege winkelkarre by de kratten bier en frisdranken del en at it dêr no fan kaam, fan al dat wiete spul, ik wit net, mar ynienen fielde ik dat ik foar’t ik fan hûs gien wie, earst noch nei it húske moatten hie. Koe ik it lang lyn mei wat taknipen noch in aardich skoft folhâlde, op dizze leeftiid slagget dat net mear. Wat soe ik dwaan? Karre steanlitte en freegje at ik it húske eefkes brûke mocht? En wêr’t dat dan te finen wie? No ja, ik wie klear mei de boadskippen, ik koe wol nei de kassa en dan tagelyk myn koarting fan de Postkoadelotterij ynleverje.… Lês fierder

Sierk Meijer

Kekke

logo.ensafh

It is sa’n buertsje dêr’t eins noait wat bart. Fyftjin hûzen oan de trochgeande wei en yn ’e midden stiet syn kroech, mei in benzinepomp derby en dat hat in bêste slach west. Want foaral feekeapmannen meie wol graach ris oanstekke. Even tanke, gau in slokje, miskien in gehakbaltsje en wer fierder.
Dat smyt him dochs wol aardich oanrin op. Dat moat ek wol, want fan syn fêste klandyzje wurdt er net ryk. Der binne wat âlde mantsjes dy’t alle dagen komme, mar dy dogge samar in oere mei in slokje. En net mear as twa deis fansels, oars wurdt it âld minske lilk.… Lês fierder