Giny Bastiaans

Hier

logo.ensafh

Hymjend plante de frou twa grutte tassen op ’e bank foar my en plofte der doe tuskenyn. Ik hie har wol draven sjoen op it perron, se koe noch krekt de trein helje foar’t de masinist op it fluitsje blies.
‘Hèh,’ pûste se, ‘ik sit.’
Se hie sa’n âlderwetsk trochskinend reinkapke oer it hier, dêr’t sa te sjen krolspjelden ûnder sieten. Krolspjelden? Bestiene dy noch? Fan dy rôze of blauwe stikelbarchjes, dêr’t je in tûfe hier omhinne draaiden, dêr’t dan wer in pin trochhinne moast om sitten te bliuwen. En dan foaral net te fier stekke, oars wie it ‘AU FERGEMY!’.… Lês fierder

Henk Nijp

Wintertiid

logo.ensafh

Ik moat my soargen meitsje. Ik bin yn gefaar, alteast de húshâlding en alle have en goed. Want it is alwer oktober en dus giet aanst dy ferhipte wintertiid wer yn. En dan wurdt it tsjuster mar benammen ek link om ús hinne. Want ‘wintertijd is het hoogseizoen voor inbrekers‘. Dat ropt ‘Veilig Wonen Nederland’ yn in alarmmail wêr’t ik net om frege ha. Mar ik krij wol mear mail samar yn de ynboks. En it spamfilter is blykber net op soks ynsteld of fynt it berjocht faaks te wichtich om it der fuortdaliks út te kiperjen.
Wintertijd staat gelijk aan inbraaktijd, ropt it mailtsje. … Lês fierder

Lomme Schokker

Fakânsjeprakkesaasjes: Monet, Alma Tadema en de echte Fries

logo.ensafh

De lêste tiid lês ik gauris dat ien syn (it binne meastentiids manlju) argumintaasje krêft mient by te setten mei it fenomeen fan de Grutste Gemiene Dieler: ik ha nammerste mear gelyk, want myn stânpunt is ek de wil fan it gewoane folk. De GGD jout de skriuwer yn eigen eagen blykber net inkeld in bysûndere legitimaasje foar syn opfetting, ymplisyt wurdt ek fyntsjes oanjûn dat de miening fan in oarstinkende dus net reëel of sels elitêr is, alhiel net fan de ‘echte’ wrâld. Guon striders foar in Grutte Fryske Saak hawwe ek dy gewoante. Foar sokken liket de ‘echte’ Fries de nije elite te wêzen, ek al wit de ienlingsminske dat in ‘echte’ Fries net bestean kin – likemin as der echte Frânsen of echte Basken besteane – want minsken wolle gjin omskot wêze mei it ynstriele wetter fan in oar syn leauwe.… Lês fierder

Jelma Knol

Under de radar

logo.ensafh

Tweintich jier liet ik my manaazje yn tsjinst fan de Fryske literatuer. Alteast: ik liet de boppe my stelden tinke dat se dat diene. Manaazjers wiene in foarbygeand ferskynsel, dêr kaam ik al gau achter. Myn mantra wie: ‘Bazen komme, bazen gean, mar Jelma Knol bliuwt altyd bestean.’ Krij my mar ris fan myn stoel ôf. Prachtige skriuwers haw ik útjûn en moaie tiden haw ik meimakke. Der sjit my in autorit yn it sin mei Rink van der Velde op wei nei Gerrit Breteler, dy’t in omslach foar him skilderje soe. Wy giene letterlik by Ealsum en Wetsens om. Rink en Durk van der Ploeg, twa baasskriuwers dy’t as bern yn itselde doarp wenne hiene dêr’t ús mem weikaam.… Lês fierder

Henk Nijp

Oan see

logo.ensafh

It soe hyt wurde; tropysk yn it easten en suden fan it lân en it safolste nije waarmterekôr fan de simmer siet der oan te kommen. Oan ‘e kust foel it wat ta neffens de berjochten. Wy binne gek op see, strân en simmerwaar dat dat kaam goed út.
Moai op tiid joegen wy ús del op it noch koele sân. Parasol mei foar wat skaad as wy dêr al ferlegen om kamen te sitten, en it iten en drinken soe sa hooplik noch in bytsje kâld bliuwe.
It wie net drok, de measte skoallen wiene al wer los neffens de spandoeken ûnderweis, dêr soe it wol mei te krijen ha; romte by de rûs om ús hinne.… Lês fierder

Greet Andringa

Nuver guod

logo.ensafh

Man, wat ha ik in pinekop! Lêste dei foar in lytse fakânsje en it liket as ha ik hielendal gjin tiid om fuort. It komt fan alle kanten: bern dy’t nei de simmer noch net hielendal teplak rûgele binne op de nije skoalle, âldelju lang net sûn, tassen heal ynpakt, justerjûn net hielendal noflik weromkommen fan in jierdeifeestje wêrtroch’t Leafste en ik beide op ús eigen eilân telâne kommen binne yn stee fan tegearre fleurich foarút te sjen nei it eilân wêr’t we hinne sille.

Opstiigjend troch te folle kofje en âldefrouljusklachten ha ik my fan ’e moarn opsluten yn it kantoar dêr’t tillefoans, klanten en kollega’s my ek al net mei rêst litte.… Lês fierder

Anne Feddema

Dangast?…Wêr leit dat? Diel 1

logo.ensafh

Twaentweintich july, moarns in kertier foar fiven…FYTSEALLEMIEREN. Op ’e fyts, rjochting Grins. Yn elts gefal moat ik earst dêrhinne en der dan nochris trochhinne én foarby. Ik sil nei Dangast…wêr yn ’e goedichheid leit dat?…komt noch. We binne noch mar krekt op ’en paad no? De loft is pears-oranje-kraplak, de nacht wol noch efkes bliuwe mar dat sit der net yn. It simmerljocht wurdt gewoanwei stadichoan te sterk. Dit binne de kleuren fan it noarden, fan bygelyks Emil Nolde, selsbeneamde Germaan by útstek, dy ‘boreale’ ferve-ynstek wie nammers lang net genôch, om him op te nimmen yn it gilde fan de byldzjende Neonephellenisten fan it Tredde Ryk.… Lês fierder