Oprop Simmertema: ôfskied fan saken – Falbile 24 augustus 2019

logo.ensafh

Ynienen plofte der in idee op tafel foar in simmertemanûmer fan ensafh mei proaza en poëzy. En it tema is the end of the affair. Ofskied fan saken wie de spontane oersetting fan Edwin de Groot. Dat kin fan alles wêze. Ik hie in love song fan Billy Holliday yn de kop (‘Let’s take the whole thing of’), in oar tinkt mooglik oan Graham Greene syn ferneamde roman, wer in oar oan in útjouwerij dy’t op de fles gyng of oan in foarbije leafde, in leave, âlde hûn, wa sil it sizze.
Wy nûgje jim út om jim eigen bydrage te leverjen oan dit spesjaalnûmer fan ensafh.… Lês fierder

Chatrina Josty, Geart Tigchelaar

Fjouwer kear Budapest / Quatter giadas Budapest

logo.ensafh

Fjouwer kear Budapest

DE EARSTE

Hjir is it wer begûn. It hie faaks net iens perfoarst Budapest wêze hoegd. En net syn koken.
It wetter fan ’e Donau stiet op it stuit heech. Ik haw it earst yn ’e gaten wannear’t ik mei myn koffer by him foarhûs stean. Hy docht iepen, omearmet my. Goeie, hoe giet it? En in koart blauwe eagen eagenblik folstiet.
Ik moat oan it wurk, seit er en smyt my út syn koken. Ik nim de metro en stap earst út by it einstasjon, ik keapje in iisko foar mysels en meitsje in kuier, om Budapest kennen te learen.… Lês fierder

Lomme Schokker

Opmjitten fan de werklikheid

logo.ensafh

Werom fan fakânsje yn Dútslân, begjin july, lei it tredde nûmer dit jier fan Ensafh op de doarmatte. In soad post falt der oars net mear troch de brievebus: de risping fan twa wiken útfanhûs wie dizze kear in pear biddelbrieven, in net oan te ûntkommen blauwe slúf, twa rekkeningen en it Konsumintebûn mei it safolleste boekje hoe’t ik tûker en foarsichtiger wêze kin op ynternet. Sis no sels, dan is in literêr tydskrift dochs wol it meast lêzenswurdich. Sels Ensafh, hear ik mysels tinken, mar dat is wol sa freeslik flau, schäme mich!

Alle dagen fakânsje, dat ik naam de tiid om te lêzen oer it libben fan Fimme Lap (dêr’t ik aardich wat fan myn eigen ûnderfiningen yn weromken) en foaral de beide treflik byinoar passende artikels oer Cædmon en Bernlef.Lês fierder

Henk Nijp

Iepen dei

logo.ensafh

Ut dommebare nijsgjirrigens gong ik rjochting begraafplak. Gjin idee wat my te wachtsjen stie. Foar de radio hie ik in koart ynterview oer ‘het weekend van de begrafenis’ heard; minsken gongen hjoed-de-dei fierstente gau fan ‘gewoan’ kremearjen út, wylst der hieltyd minder foar in begraffenis keazen waard. Skande fansels fûn de man yn kwestje, de begraffenis moast wer nij libben ynblaasd wurde, want minsken ha yn dizze jachtige tiden ferlet fan autentike rituelen en kontemplaasje, wêr kin dat better as op in goed ûnderhâlden tsjerkhôf? Ik wie benijd wat se der fan meitsje soene mar in folslein wykein, … in moarnsskoft like my earst wol moai genôch.… Lês fierder

Jelma Knol

Akky van der Veer (1943-2019)

logo.ensafh

Ynienen lei der alwer in roukaart yn de brievebus: Akky Kuiper-van der Veer, noch mar 75 jier âld. Fjirtjin jier neidat se har man Henk Kuiper loslitte moast, fleach ek Akky fuort. De poëtyske tekst op har kaart is grif fan har hân:

Bin ik no útleard, frege in frou
Yn dit libben wol, antwurde in ingel
Nim my dan mar mei, sei de frou
De ingel tilde har op
Se wie noch lichter as in fearke
Har siel krige wjukken
De frou fleach fuort

En as it Akky har wurden net binne, dan is it wol in fers fan ien fan har talintfolle bern.… Lês fierder

Anne Feddema

Opake

logo.ensafh

Sân maaie 2019, in bysûnder skiere dei en fierstente kâld foar de tiid fan it jier, middeis. Wis noch gjin maitiid om efkes lekker yn ’e tún te sitten. Moarns haw ik noch op paad west, in serendipiteitskuierke út gewoante. Ik rin dan nei de Omrin-twaddehâns-negoasjewinkel, yn ’e Voltastrjitte op it yndustryterrein West yn Ljouwert (witte jimme dát ek wer en kinne jimme sels oan serendipiteitskuierkes begjinne) om dus neat spesjaals te sykjen en altiten eat te finen. Ik sjoch dan altyd by de keunstboeken, by de oare boeken mei ik fan mysels al in hiel skoft net mear sjen, want eins, de minsken dy’t by my west hawwe witte wêr’t ik it oer haw, soe der gjin boek, ek gjin keunstboek, by yn moatte, ik soe se sels ferkeapje moatte, mar sels mei in revolver op ’e holle, soe ik dat noch net kinne.… Lês fierder

Jelma Knol

Berber van der Geest (berne 19-2-1938, ferstoarn 28-5-2019)

logo.ensafh

Berber van der Geest hâlde fan moaie dingen. De lêste jierren seach ik har geregeldwei by de konserten yn de Waalske Tsjerke, dêr’t wy nei sjongers as Henk Neven en Johannette Zomer harken. En dan makken wy in praatsje en seine wy tsjininoar hoe geweldich wy genoaten en hoe moai it wol net wie dat sjongers fan dit nivo yn Ljouwert kamen, om te sjongen foar in publyk fan heechút 90 minsken.

Dy moaie dingen, de skjintme fan soms hiele deistige saken, koestere se ek yn har wurk as beukerliedster. Se liet my by har thús oan de Pieter Langendijkstrjitte yn Ljouwert ris in doaze sjen mei fynsten dy’t se yn it beukerûnderwiis brûkte.… Lês fierder