Taspraak hâlden yn Tresoar op 21-04-2017, by de presintaasje fan Het vaderpaard / It faderpaard. Alle gedichten, fan Tsjêbbe Hettinga.
De earste kear dat Tsjêbbe Hettinga yn it tydskrift Hjir publisearre wie yn it oktober-nûmer fan 1973 mei fjouwer gedichten. Ien dêrfan wie ‘Simmer yn Fryslân’. Ik sitearje:
Simmer yn Fryslân
oeral weaget it wetter wer waarm
tusken de rûzjende reiden
oeral stiet it nôt te wiuwen en te winken
en oeral longeret it hea nei in hite lea
oeral fleurje de froulju wer op
en smite skeane eagen (mei in soad wyt)
dy’t him de griene riten besoargje
dy’t harren hichtepunten fine
yn de griene reiden
yn it as in nêst platleine nôt
of njonken in heane lea
yn it himelske hea
yn syn âlde gea:
it simmerske fryslân
De poëzy dêr’t Tsjêbbe grut mei wurden is, sit der al yn mear as embryonale foarm yn.… Lês fierder