In skoftsje lyn wie der op ien en deselde dei in trijetal berjochten dêr’t ik by oan myn jeugdjierren tocht: ‘Douwe Egberts in Amerikaanse handen’, ‘Wij eisen de nacht op’ en ‘De internationale beweging Com jaagt via gameplatforms op kwetsbare jongeren’.
Dat freget fansels neiere útlis, te begjinnen by Douwe Egberts. Fan myn tsiende ôf brocht ik myn jeugd troch op ’e Jouwer. Dat hie minder kind. Wy wennen oan ’e súdkant fuort by de Roazebosk tsjinoer de kwekerij fan ús heit, mei al syn idylle, grutte broeikas en appelhôf, it hiele spul al gâns wat jierren lyn ûnder it asfalt ferdwûn troch de oanlis fan Knooppunt Joure.… Lês fierder