Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (13)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Kroantsjepinne yn it swit

Douwe krige gjin wink yn ’e eagen, syn wat rjappel-eftige antlit hie in pinige útdrukking, de koarts gisele troch it langliddich liif; hy trille en switte ûnder de tinne tekkens en smiet se op it lêst mar op ’e grûn, ek al wie it roetkâld yn syn Ljouwerter sliepkeammerke, dat nammentlik gjin eigen ferwaarming hie. Uteinlik gie er der mar ôf, bibbertoskjend joech er him del efter syn buro, no ja, eins wie it mar in skurf keukenstaffeltsje, in ôflizzerke fan syn mem, frou Sytske Schukking, dêr’t er noch by yn ’e hûs wenne, yn Huzum, by Ljouwert.… Lês fierder

Syds Wiersma

Tableaus fan rou

logo.ensafh

Yn ensafh nûmer 6 steane net allinnich bydragen dy’t mei de Baskyske literatuer te krijen hawwe, mar der is ek romte foar oarspronklik Frysk wurk.

Syds Wiersma skreau de prachtige fjouwerdielige syklus Tableaus fan Rou. Wiersma draacht hjir it foarste diel fan dizze syklus foar en jo kinne de tekst ek online neilêze.

Klik hjir foar de foardracht, klik hjir foar de tekst yn pdf.… Lês fierder

Henk Nijp

Daan R.

logo.ensafh

Ik ha him mar wer ris googele, Daan. Ik hie dat earder ek alris dien doe’t er mei de Ofslútdyk oan ’e gong woe. Ik kaam útsoarte ek op syn webside telâne. Dêr is it allinne mar feest! Ien en al jûchhei. Foar al syn projekten betinkt er prachtige en útwrydske nammen: Gates of Light, Van Gogh Path, Smog Free Project, Waterlicht en Folle net Genôch. (Dat lêste is gjín Roosegaarde-projekt.)
Icoon Afsluitdijk (Gates of Light) is neffens Daan ‘a design innovation program (…), which enhances the innovative character of the (…)dike whilst highlighting its key functions: water protection & heritage, energy and mobility as an exemplary model of a smart landscape for today and tomorrow.’Lês fierder

Foarpublikaasje Baukje Zijlstra ‘De koma-korrektor’

logo.ensafh

Krekt op it stuit dat Betty Vonk, korrektor by in krante, dwaande is in boek te skriuwen oer it Indië-ferline fan har heit Siemen Vonk, rekket er yn koma. Siemen hat him yn 1945 oanmelden as oarlochsfrijwilliger foar Indië, mar hat dêr tidens in aksje in befel wegere. Wylst Siemen – fertize yn hallusinaasjes – yn it sikehûs leit, giet Betty op ûndersyk út nei it wêrom fan dy wegering. Dêrfoar giet se ûnder oaren op besite by in âld kammeraat fan har heit, Jappy, dy’t mei him yn Indië sitten hat.

Wilens is der by de krante in reorganisaasje geande dy’t Betty twingt sels ek in kar te meitsjen.Lês fierder

Joël Huitema

För Andoni

logo.ensafh

 

Sa as it wyt mei grien en read
dat oait fan dij no myntes wurdt
wêr ik it wer te draven draach,
mij hechten het oan dyn getal,

ferriedt it Noardseeblau en -griis,
dat oait fan mij kaam, dyntes is
asto mei sport it oandien hest,
atst fúl in 5’er wurden bist.

 

Troch in fersin is dit gedicht net yn ensafh nû. 6, 2017, it Baskenûmer, publisearre, dêr’t it al foar ornearre wie (red).Lês fierder