Meindert Reitsma

As Napoleon op Elba

logo.ensafh

De beide haadpersonaazjes yn it nijste boek fan Aggie van der Meer binne frijwat singelier. Ho Wu en Misty Mac binne súksesfolle sakeminsken, dy’t ynternasjonaal kontakten hawwe. Men komt net in soad oer de manlju te witten, sa jout Van der Meer bygelyks gjin beskriuwing fan harren uterlik. Der wurdt mar beheind kontekst jûn, bygelyks oer de skiednis fan har ûndernimming of oer relaasjes mei oare personaazjes.
Lykas faker yn har wurk kreëarret Van der Meer in mysterieuze sfear, dêr’t net alles fuort op syn plak falt. Yn Ho Wu en Misty Mac is dat lykwols mear it gefal as yn eardere boeken, wat syn funksje hat, sa’t fierderop dúdlik wurdt.… Lês fierder

De fiif nominearren foar de Gysbert Japicxpriis 2017, besprutsen yn/op ensafh

logo.ensafh

 

Edwin de Groot oer Alinne en yn koar fan Wilco Berga. Klik hjir (pdf). Ensafh 7 (2015), nû. 4, s. 40-45

André Looijenga oer Fallend ljocht fan Eppie Dam. Klik hjir (pdf). Ensafh 7 (2015), nû. 2, s. 21-27

Sigrid Kingma oer Man en mem fan Elske Kampen. Klik hjir (pdf). Ensafh 9 (2017), nû. 1, s. 49-53

Jelma Knol oer Herbarium fan Albertina Soepboer Klik hjir (link). Ensafh online 28-10-2015.

Obe Alkema oer Brek dyn klank fan Abe de Vries. Klik hjir (pdf). Ensafh 8 (2016), nû. 1, s. 42-45… Lês fierder

Jelma Knol

Russyske prinses brocht muzyk yn Siberië

logo.ensafh

Soms krigest tanksij www.boekwinkeltjes.nl in boek yn hannen datst nei lêzing fuortleist mei de sucht: Wêrom is dit ferhaal net ferfilme? Ik doel op The princess of Siberia (1985) fan Christine Sutherland, dy’t it libbensferhaal fan Maria Volkonsky en de Dekabristen opskreau. It is eins it perfekte ferfolch op Oarloch en Frede, omdat in tal Russyske oarlochshelden út 1807 – 1814 in rol spilen yn de opstân fan 1825 tsjin it feodale bewâld fan tsaar Alexander I (in âldomke fan Willem-Alexander trouwens, hy koe de dûbelgonger wêze fan dizze lange, ljochthierrige tsaar. De mâlkoppigens fan de Oranjes skynt ek fan it Romanovbloed te kommen).… Lês fierder

Anne Feddema

Soon Sûn

logo.ensafh

Der binn’ minsken
Dy’t sels de siken
Net mear krije kinne
As se siken besykje
Yn it sikehûs.

Unbidige gong, dêr’t
Ik de gong der yn ha
Faasje mei nim
Fan bûten, faasje
Stadich slitend
Yn rêst.

Alfa-Omega
Ofdieling Z
Fuottenein
Dyn bêd
Hinget
Heliumhertballon
Krigen fan kollega’s.

Do leist net op bêd
Sitst oan tafel
Degas contre-jour
Sêfte wite hûdpastel
Ofrûne nacht hat
Tiid dyn antlit
Jonger makke
Yn tsjokke stilte
Dripket it ynfús
Dyn hannen fiele
Hjir oars as thús.

We sitte as we
Nea sitten hawwe
As oft we op besite
Binne yn elkoars
Dream
Ljochtsjende
Gleone
Stimmen
As fyn stof
Ferwaaiend.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei skriuwer en fjildman Gjalt de Groot

logo.ensafh

“As we net oer it iis koene omdat der in soal fan frachtskippen yn ’e midden wie en de skouwen fêstferzen leine, dan koene we soms net thúskomme.”

Gjalt de Groot is yn 1945 berne yn it boerespul “It Heale Moantsje” yn Readtsjerk. Nei in jier Ulo gie er nei de legere en middelbere lânbouskoalle. Hy wurke seis jier by syn heit op de pleats yn Raerd. Doe gie er wer studearjen, de oplieding ‘Dierveredeling middelbaar kader’ yn Almelo. Hy wurke by de foarljochtingstsjinst foar mingfoerfabriken en letter as bargeboer ûnder Holwert. Hy is no poldermûnder en greidefûgelbeskermer en hâldt him dwaande mei skriuwen, fiskjen, ielrikjen en einekoerflechtsjen.Lês fierder

Cornelis van der Wal

De ‘Moannefikaasje’ fan de Fryske Literatuer + update

logo.ensafh

Foar’t ik mei myn eigentlike ûnderwerp úteinset: wat in ynfloed hat myn foarige kollum op de nominearren foar de Gysbert 2017 útoefene! De fiif útkarde poëten binne tige kjel wurden fan it foarútsjoch om oeren lang op it foarste bankje fan de Boalserter Broeretsjerke sitte te moatten, martele troch ûnwissens, en dan te hearren krije… dat fjouwer fan de fiif foar de gek hâlden binne. Se krije de Priis net, en kinne harren tankbere taspraak ferskuorre. De Fiif hawwe in lilke brief nei de Provinsje stjoerd, de redaksje fan ensafh woe dy brief graach publisearje, mar oant no ta is ús de ynhâld net bekend makke.… Lês fierder