Geart Tigchelaar besprekt ‘In echte Fries’ fan Bartle Laverman
de see bestiet foar it measte part
út tsjuster
ljocht is in seldsum besit
ik far op ’e taast
en op it bankje leit
it âlde horloazje… Lês fierder
Ofrûne wike haw ik wer in pear dagen te fytsen west. Ditkear mei de faam nei Sealterlân. Mei’t wy beide ynteressearre binne yn it Frysk en meartaligens en beide noch nea yn Sealterlân west hienen, waard it dus tiid en gean dêr ris hinne.

Tafallich dat wy hoholden by in Tankstelle yn Skäddel/Scharrel mei’t ik nei it húske moast en de faam bûtendoar ûndersteande poster seach. It die ús tinken oan de Sealterske Rely. Utskreaun troch de Seelter Buund dy’t syn sit hat yn Friesoythe. Dêr hawwe wy lykwols net west, en op ynternet is der suver neat oer te finen.… Lês fierder
Redaksjoneel
Op 28 july 2016 stie ik op it Drimon Festival yn Struga (yn Masedoanië). Yn in parkje op in kalme simmerjûn haw ik dêr yn it Ingelsk wat ferteld oer it Frysk en yn it Frysk in pear fan myn gedichten foardroegen. Letter op ’e jûn trede, ûnder deselde beammen en foar itselde publyk op noflike sitsekken oer, de Roemeenske dichter Denisa Duran (*1980) op. Se lies dêr gedichten foar út har bondel Sunt încă tânără (‘Ik bin noch jong’), ûnderstipe fan byld en muzyk. Ik wie fuort ûnder de yndruk fan har ynholden foardracht. Grûneftich klinkend Roemeensk, dat mei syn doffe î’s en ă’s en syn ús suver fertroude opgeande twalûden oa en ie, in hoedener, yntimer lûd hat as it Masedoanysk.… Lês fierder
Pykje Fjouwer, it printeboek mei in moai ferhaal oer de skries fan Lida Dykstra en yllustratrise Ina Hallemans wie my ferline jier spitigernôch ûntgien. Mar wy sitte noch altiten yn de goede tiid fan it jier, dus alle reden om dit boek no oan te tugen en mei de bern te lêzen.
It ferhaal giet oer it lêste aai fan in skriezenêst dat útkomt, de earste trije piken binne al op de wrâld. Op boartlike en fernimstige wize bringt Lida Dyktra in pear triedden byinoar yn dit ferhaal. Pykje Fjouwer is de lêste yn ’e rige en stiet der eins allinnich foar.… Lês fierder
Bêste lêzer,
yn July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde. It earstfolgjende reguliere artikel ferskynt op 05-07-17.
De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.
Redaksje ensafh… Lês fierder
In stik dei út… Plus it fierdere libben fan Anne Feddema?
Reisbesykjen nei Oldenburg, tongersdei fyftjin juny twatûzensantjin.
05.00 oere… fyftjin juny twatûzensantjin. De wekker giet ôf en ik spring út bêd.
Wier-wier, mar… nét wier. Hoe betiid ik ek de dei, of noch neare nacht, ynstap om oan ’e kuier te gean, ik persoanlik haw noch nea ‘de wekker setten’ om dy dan ôfrinne te litten wannear’t dat dan mar winske is. It is wis-wekker-wier net nedich, sis ik jimme. Ikséls rin as in wekker it libben yn. It liket wol as haw ik in ynboud alaarmsysteem yn ’t kopke.… Lês fierder