Geart Tigchelaar

Geart Tigchelaar yn Finlân

logo.ensafh

Der is neat fan te sjen op ‘e foto dat it hiele terras in pear oeren lyn (oant in oere as fiif) noch fol siet mei minsken. Gau-eftich hawwe myn saneamde Warmshower-host en ik de boel oprêden. It wie juster nammentlik Midsimmernacht, oftewol Juhannus, wat yn Finlân in like grut feest is as kryst. Ik mocht dat meimeitsje by in Australiër dy’t al sân jier yn Helsinki wennet en in nustje freonen en kollega’s útnûge hie.

SSA43233
Dat my noch it measte docht as dat it in hartstikkene moai feestje wie – mei in soad iten, bier, fjoer, gesellichheid en muzyk – is dat ik it ûnderfine koe mei minsken dy’t ik alhiel net kin.… Lês fierder

André Looijenga

Friziski pisatel na Balkanot – diel 1

logo.ensafh

 

André Looijenga hâldt op dit stuit ta yn Bitola (Masedoanië), as Fryske skriuwer op útwikseling, yn it ramt fan it ynternasjonale projekt Other Words / Oare Wurden. Alle wiken sil er oer syn reis skriuwe foar Ensafh.

SAMSUNG CAMERA PICTURES

Stasjon Beograd

Haw ik ferline wike freed yn Belgrado west?

Ja, fansels wie ik der. Ik hie dêr in oerstap fan de nachttrein út Budapest op de trein fierder nei it suden. Ut de oankommende trein wei haw ik nei in grutte stêd fan betonnen wenflats sjoen, it ferrustke stiel lânskommen sjoen fan de spoarbrêge oer de Sava. Mar yn Belgrado, Beograd, de stêd mei twa miljoen ynwenners haw ik net west.… Lês fierder

Gerrit de Vries

Oanreitsje

logo.ensafh

 

wat docht it my

as buiewolken
leadgrize loften skowe
op wite wynfearren
dûnker driigjend
it lân yn rôlje

wat ferrekt it my

as fûl de wyn
kâld de hagel
my om ’e kop slacht
it fel read
oan stripen giselt
mei tûzen nullen stekt
de lea ferklommet

it docht my sear

as de pine
myn hert raant
myn hûd it iis yn
frisse triennen
fan de holle
baarnt

wat kin it my skele

as de sinne troch my
ljochtet
yn tûzen kleuren
in reinbôge brekt
de kleuren my
op en ôf gean

as it sa fielt
as ik dy do my
wy inoar

oanreitsje… Lês fierder

Jelma Knol

Net hommels ferstoarn

logo.ensafh

Dus. Ien fan de Belgyske wittenskippers fan de Fryske Akademy hat it skriuwen learen fan it Frysk foar ûnsinnich ferklearre en Mata Hari komt yn 2018 ek al net nei Ljouwert ta. De hear Walthaus is as partisipearjend antropolooch dwaande om de lêste deadsstupen fan de Fryske beweging fan binnenút fêst te lizzen, hy hat der sels de taal foar leard. Sjapo Asing. Ik fyn dit wol geastich.

Mata Hari wie al slim oerstallich wurden. My heucht in bêst wol aardige musical mei de song ‘Huodden en petten’. Dat wie noch in eigen produksje. Sjapo Rients. De leidige eachopslach fan it Liwwadder frommeske, har sêfte búkje, sels har parfum: wy hawwe yn Ljouwert al genôch Mata Hari.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Das Badezimmer

logo.ensafh

Geart Tigchelaar fytst op dit stuit de wrâld om. Dat jout him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandocht dêr’t de skriuwer/fytser sels in gruttere of lytsere rol yn hat. Hjirby it earste ferhaal.

 

Das Badezimmer

Hie der noch bykomme moatten dat it reinde, mar oars. Hy wie fan ‘e moarn net yn ‘e stimming om te praten, syn beide kollega’s hienen fuort wol yn ‘e gaten dat de pet ferkeard siet. Hans und Peter wienen wer like fleurich as altiten en negearren him mar, se wisten op ’t lêst wol hoe’t se mei him omgean moasten.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Thys Wadman

logo.ensafh

‘In bern moat him yn it ferhaal weromkenne kinne en moat ek tinke fan: dat soe my ek barre kinne.’

Thys Wadman (1956) is hikke en tein yn Snits, as soan fan Anne Wadman en Hylkje Goïnga. Hy folge de Pedagogyske Akademy yn Snits en wurket sûnt 1979 yn it basisûnderwiis. Fan 1986 ôf wie er haad fan de iepenbiere basisskoalle yn Koudum, no yn Nijhoarne. Yn 2010 ferskynde syn earste ferhaleboek De fûgelklup. Yn datselde jier kaam ek de ferhalebondel De oerwinnings fan Tido Houtsma út. Foar dat boek krige Thys yn 2013 de Simke Kloostermanpriis. Yn 2011 ferskynde De bisteboel fan Omke Roel, ferhalen dy’t Thys makke hat by ferskes fan Hindrik van der Meer.Lês fierder