Jelma Knol

In earlik jongereinferhaal

logo.ensafh

Besprek fan De deikoersen fan Remco troch Bart Kingma

De deikoersen fan Remco is in young adultboek fan Bart Kingma oer Remco, dy’t prof wurde wol yn de hurdfytserij. Oan dy dream komt in ein as Remco yn july 2015 tsjin in beam oanknalt. De senuwen yn syn rêch binne fernield, hy leit yn it sikehûs en letter thús op in bêd foar it rút yn de foarkeamer. Besite krijt er hast net, de dochs al net sa geweldige relaasje tusken syn heit en mem wurdt hurd minder. Yn deiboekfoarm docht er syn relaas, oer syn hope dat er noch prof wurde kin en de tsjinslaggen dy’t er dêrby ynkassearje moat.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Max Jacob: in ynlieding

logo.ensafh

Al in moai skoft fassinearret my de Frânske dichter en skilder Max Jacob (1876-1944). Ynearsten net iens sasear, moat ik tajaan, fanwegen syn keunstsinnige uteringen, mar benammen de biografy fan dizze aparte man luts my oan. Dêr sit wol in boek yn, sa tocht ik – dat hawwe oaren lykwols al dien.

Max Jacob

De data dy’t by Max Jacob syn libben hearre: berne 12-07-1876 yn Quimper (Bretanje) en stoarn 05-03-1944 yn in ynternearringskamp fan de nazi’s. Jacob wie fan Joadske komôf. Ik hoech hjir net alles fan Wikipedia te werheljen.

Wat lûkt my no sa oan yn Max Jacob? No, dat sil ik jo sizze.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 32

logo.ensafh

Feuilleton

32

Se rieden de oare moarns, sa as se ek kommen wiene, oer Mechelen nei de N278 ta. De hinnereis wiene se oer Valkenburg riden, no sloegen se de rjochting fan Maastricht yn. Catrinus woe har noch de Maas boppe Maastricht sjen litte.
‘Yn dy hoeke komt in mins noait. Ik bin der in pear jier lyn in kear lâns riden, oer Borgharen, Itteren, Geulle oan de Maas, Elsloo, Stein en Meers en by Urmond bin ik doe de A2 opgongen,’ hie er sein.
It hie Seleina wol goed west.
‘It is mar in idee,’ sei er, no’t se rieden.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Iensum yn it grutte wyt fan de leechte

logo.ensafh

Jan Kleefstra hat in relatyf grutte bekendheid as performer. Dat docht er in soad yn ’e mande mei broer Romke yn it projekt Tsjinlûd. Mei dat projekt binne ek oare dichters en muzikanten anneks. In oar projekt wat dêr út fuortkommen is, is Klanklânskippen, in multymediaal barren mei Japanske filmmakkers. Dêrmei hawwe se ûnder oaren op it Media Art Festival yn de Westertsjerke, oftewol it âlde Poppodium Romein, yn Ljouwert optreden. Mar ek hawwe se mei Klanklânskippen yn Rotterdam en Nijmegen stien.

Kleefstra dichtet sawol yn it Nederlânsk as yn it Frysk. Hy docht dat it leafst yn it Nederlânsk, mei’t dat fierder fan him ôfstiet en dêrmei minder tichtby komt.… Lês fierder

André Looijenga

Ynhâld + Redaksjoneel ‘Twastriid’, Ensafh 1, 2016

logo.ensafh

Twastriid: konflikt, twaspjalt, twivel… Dit nije nûmer fan Ensafh sit fol mei tsjinstridichheden.

Wy iepenje mei in lange oersetting troch Geart fan der Mear, fan in bysûnder stik Aldingelske histoaryske epyk. In fjildslach tusken Ingelsen en Wytsingen op in strân yn augustus 991, frjemd en fassinearjend. It is in gedicht dat ek de wrâld fan de ier-midsieuske Friezen in bytsje tichterby bringt

Lês hjir fierder (pdf)… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

De koartens / Die Kürze

logo.ensafh

De koartens

‘Wêrom bisto sa koart? hâldsto, as earder, dan
No net mear fan it liet? Do fûnst, as feintsje, dochs,
Yn de dagen fan hope
Asto songste, de ein wol nea!’

As myn lok is myn liet. – Wolsto yn ’t jûnich read
Bliid dy baaie? Ferdwûn is ’t, en de ierde kâld,
En de fûgel fan nachts tiid
Is in lêst foar de eagen dy.

Oersetting: Piter Boersma

Die Kürze

‘Warum bist du so kurz? liebst du, wie vormals, denn
Nun nicht mehr den Gesang? fandst du, als Jüngling, doch
In den Tagen der Hoffnung,
Wenn du sangest, das Ende nie!«… Lês fierder