Janneke Spoelstra

Tetman 100 jier

logo.ensafh

Tajûn, Bitgum Merke oantinkens spilen net swak by, doe’t ik de kaarten bestelde foar de foarstelling 100 jier Tetman. In moaie gelegenheid om nochris yn Zalencentrum Groot Terhorne yn Bitgummûne te sjen. Mar it wie ek om dat iene ferske wer ris te hearren, dat my de earste kear dat ik it hearde, as njoggentjinjierrige, djip yn it moed taaste: ‘Dan komt de maityd’. It wie yn 1981, yn it krekt iepene doarpshûs fan Hijum. Hoewol’t ik it neitiid wol faker heard ha en de glâns noait mear sa west hat as dy earste kear, soe ik it no hearre kinne op it plak dêr’t it foar it earst foar publyk songen is.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Ja, goed lêze en skerp tinke is in keunst

logo.ensafh

JA, GOED LÊZE EN SKERP TINKE IS IN KEUNST –
HELDER SKRIUWE NAMMERS EK –
TEKSTFERKLEARRING KIN IN OPLOSSING WÊZE – MAR MISKIEN EK NET

Lit ik begjinne mei te sizzen dat ik it moai fyn dat der in reaksje kommen is op myn besprek ‘Tipeljendewei’ fan de ferskaatbondel Frozen moonlight yn myn hannen fan Josse de Haan (Ensafh, nû. 2, april 2015). Dy reaksje fan De Haan hat my wer oansetten ta it skriuwen fan in reaksje, om it ien en oar rjocht te setten.

De Haan giet yn syn reaksje in tal punten by del. Lit ik dat ek dwaan:

(0)
Hjir skriuwt De Haan dat ik tink dat hy op in eilân sit.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 26

logo.ensafh

 

Feuilleton

26

Werom yn Parys trof Alexander Seleina oan yn ’e hal fan it hotel. It wie tsjin alven.
‘Sitst hjir krekt, tink.’
‘Net sa lang nee, mar ik ha hjirûnder earst in skoftke achter de kompjûter sitten en fan alles en noch wat oer Mahler besjoen. Ik wie ûnrêstich.’
‘Watfoar dei hast hân?’
‘Ik koe neat. Ik wie sa bliid mei jim telefoantsje en ha doe fuort mei Boris Jankoviç skille.’
‘Streekrjocht?’
‘Ja.’
‘Mar nei’t ik him ferteld hie dat it klear wie mei de Bosniër, sei er, dat er net sa bliid mear mei my wie. Hy wist fansels al lang fan dy en my en dat wie him min nei ’t sin.… Lês fierder

Marije Roorda

Swijsum lânskip

logo.ensafh

 

Wêrom in swijsum lânskip oan ’e muorre hingje
dat oars net freget as nei juster en dêrfoar,
de fjoerflinter bewarret as fossyl?

Myn each swalket troch de rûchte,
raffelrânen stikelje de friesloft.
Ik preau in tear tegearre fan
mimerjen yn strieïch reid,
hear de winterhurde grûn heas
en heimfol flústerjen oer leavjen.
Ik jou in werwurd oan de froast
dy’t as in freon it lûd fêsthâldt fan
spattend wetter op ús simmerliif.

Wêrom dit kritend lânskip oan ’e muorre
as in pleister op myn sear?
Ik stoareagje nei it skerpe ljocht
dat linkendewei fersêftet
yn moederaasje mei wat juster wie.… Lês fierder