Dirk Jan Muntendam

Déjà-doch mar net

logo.ensafh

Besprek It Sunhouse Mystearje fan Anders M. Rozendal.

De mysterieuze titel en dito foarkant makken dat it boek my bot oanlake. In titel dêr’t fan alles fan te ferwachtsjen wie, in efterside dy’t ferhelle oer déjà-vu en déjà-vécu’s. It tinken dat je eat alris faker sjoen hawwe en it tinken dat je itselde al ris meimakke hawwe. Djipgong en útdaging, dat woe ik fine yn it boek en mei in soad entûsjasme sloech ik it iepen.

It boek ferhellet fan Janny dy’t nei in kuierfakânsje yn Ingelân ynienen dreambylden foar har sjocht dy’t op it ferline slaan. In soarte fan déjà-vu, mar dochs is dat krekt net genôch om te beskriuwen wat hja meimakket.… Lês fierder

Willem Winters

Satie +

logo.ensafh

Eltse reklamelul hat him alris ûntdutsen: Erik Satie.
-Jonge, do witst net watst hearst. Kinst oeral by brûke.
-Ja, ja, dat witte wy al jierren.
It is as mei Van Gogh op de koekjetromp: tefolle, tefolle!

At jo jo dan as serieuze musisy presentearje wolle mei in programma mei allinne mar Satie, dan moat dat wol wat tige aparts wêze. En dat wie it wat Vocaal Drieluik [Wendeline van Houten, sopraan; Steven van Gils, tenor; Rixt van der Kooij, piano.] sneintemiddei 15 maart brocht.

Yn Nederlân is Satie ferpest troch de sêfte oanpak fan Reinbert de Leeuw. Gelokkich doarde Vocaal Drieluik der yn te batsen, sa at je fan Satie sels ferwachtsje soene.… Lês fierder

Ans Wallinga

Besprek ‘In nije heit’ fan Thys Wadman

logo.ensafh

Wa hat as bern noait syn nocht hân fan in strange mem? Of fan in heit dy’t je konstant oan de kop seurt? En wa soe dan net graach wolle dat heit of mem opsâlte, alteast foar eefkes. Meastentiids bliuwt it by tinken. Gerke, de haadpersoan út In nije heit, makket lykwols op in jûn syn argewaasje oer syn saaie, noartske heit kenber oan syn mem. Hy wol in oare heit ha, in nije heit. En it hoecht net iens in nijenien te wêzen. Twaddehâns mei ek.
In pear wike letter op syn jierdei, hy sil likernôch tsien jier wurden wêze, sit der in nije heit op de bank.… Lês fierder

Piter Boersma

Twa gedichten

logo.ensafh

 

moai sekuer ha ik it túnôffal garre

moai sekuer ha ik it túnôffal garre
as kompost ferspried ik it no mei ynmoed
ik hie der gjin sin oan mar fiel foldwaning
om dien wurk te meitsjen is foar alles goed

sa ha ik oeren yn ’e sinne sitten

sa ha ik oeren yn ’e sinne sitten
hieltyd foel Williams syn boek op ’e grûn
wylst er foar har song oer dy grienige blom
op it lêst bin ik nei de krokussen rûn… Lês fierder

Pyt Kramer

In âlde bekendenien

logo.ensafh

Okkerjûns ried ik oer de Biskopsleane. Ik hie net tocht dat it ûnderhâld al safier tebekrûn wie, want it skokte as in púndyk en seach der helendal wat ferwurden út.
Ynienen stie der immen oan ’e kant, de hân omheech. Ik stoppe en die de doar iepen: “Is der wat?”
“Ik bin wat let,” sei er, “it soe moai wêze as ik in eintsje mei Jo ride koe.”
“Wêr moatte Jo hinne?” frege ik.
“No, it soe aardich wêze as ik jûn noch op ’t Skoat komme koe.”
“Dat kin altyd; stap mar yn.”
Dat die er. “Moaie lege ynstap,” sei er.… Lês fierder

Hidde Boersma

De bollesesjes

logo.ensafh

Bargebiten

‘Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries.’

Ut dit saneamde sjibbolet út de sechtjinde ieu kinne wy opmeitsje dat folk en oprjochtens net sasear te krijen hat mei etnisiteit, mar mei taal. En itselde sjogge wy hjoeddedei mei de eask oan ymmigranten om de Nederlânske taal te learen (as se mar leech genôch oplaat binne, want oars hoecht it net). Mar om no taal en oprjochtens sa oan inoar te ferbinen? Ik wit it net.

‘Oprjochtens is op himsels bullshit.’ Mei dizze wurden einiget Princeton prefester Harry G. Frankfurt syn filosofyske ferhanneling On Bullshit.… Lês fierder