De lêste tocht (I)
I
Krekt foar krysttiid! En wetterkâld! Hoe betinke se it!! As soe in minske fan myn jierren net iensum genôch wêze yn dizze tiid fan it jier. Ik hie hope dat it net safier komme soe, in âldereintehûs, mar no is it al sa. Doe’t wy it nijs ferline wike hearden dat der lang om let plak foar my wie, hie ik noch hope dat ik it miskien net helje soe. Wol dus, spitich genôch. Dêr stean ik. Yn in doarp dat net myn eigen is, foar it grutte, wite gebou, dêr’t ik gjinien ken, mei safolle ruten. Ruten dy’t ferblomje moatte datst wol nei bûten sjen kinst, mar dêr nea wer by hearre silst.… Lês fierder
Kollums en dreamen
No en dan binne der wat krityske lûden oer it grutte oantal kollums hjoed-de-dei. Guon fine se te útsprutsen en foarsisber en ha it sels oer in wiere pleach. Ik net, want wat as bygelyks Sander Schimmelpenninck (Volkskrant) ynienen de loftrompet stekt oer Wilders en Caroline van der Plas? Of Youp van ’t Hek (NRC) ophâldt mei syn humoristyske en rake fegen út ’e panne nei alles en eltsenien dêr’t er him oan ergert? Nee, dan soe ik dy kollums net mear lêze. En dy yn oare kranten?
De Telegraaf leit altyd wol op de lêstafel yn ’e hoareka of by de kapper.… Lês fierder
patroanen
Bitsje op mekaar passe
In ut dòrp dêr’t ik woande had de jeugd un hòkje òf eigenlek beter un bierhòkje. Op dat plak kwamen se dan regelmatech bij mekaar. Uteraard niks mis met. Su gaat dat fòlgens mij nòch altyd op ut plattelaan.
As stadsjonges hadden wij dat nyt en we waren dan ok mar wat bliid toen in Sneek de earste koffybars kwamen. Dêr ging ik as jonge fan 14 jaar foar ut earst naar toe, naar Rinke in’e Skarnestraat. Hoe ouwer we wurdden hoe faker we der saten. Rinke, de fader fan later Olympys goud winner Olof van der Meulen, was un geweldege kearel.… Lês fierder
Mingd Nijs (11) Poëzijlab: ‘de dichters hawwe neat yn te bringen’ + Oanfolling
Op 18-10-2024 krige ik in mailtsje fan ynfo@poezijlab.com:
Bêste skriuwer,
Hille Faber en ik, Friduwih Riemersma, binne de inisjatyfnimmers ta it PoëzijLab. It PoëzijLab is in grutte fergese, twatalige ynternetkursus dichtsjen, geskikt foar elkenien fan 12 jier ôf. Yn de provinsje Fryslân sil it PoëzijLab oanbean wurde yn it fuortset ûnderwiis.
De finansierders binne Provinsje Fryslân, it Nederlands Letterenfonds, it FLMD en it Cultuurfonds. Us partners binne Tresoar en Poëziecentrum Nederland. It PoëzijLab wurdt útbrocht yn ‘e maitiid fan 2025. It is hast klear.
Opnommen yn it PoëzijLab is in poëzijdatabank foar ûnderwiisdoelen, mei ynearsten 100 hjoeddeiske Fryske fersen fan 40 dichters mei in ferskaat oan stilen.… Lês fierder
Kwaliteit of kwantiteit
Op freed 8 novimber lêstlyn waard de Obe Postmapriis útrikt foar de bêste oersetting dy’t de ôfrûne fjouwer jier ferskynd is yn of út it Frysk. It sil de measte lêzers fan Ensafh net ûntgien wêze dat Willem Schoorstra dizze ûnderskieding krigen hat foar syn oersetting fan de Poëtyske Edda.
De advyskommisje, besteande út Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde, wie yn it rapport kritysk nei de oersetters en útjouwers ta. De leden beneamden bygelyks it net konsistint wêzen yn taalgebrûk, dêr’t se mei doelden op it brûken fan likegoed nijmoadrige as mear âldfrinzige foarmen. Wurden as ‘even’ en ‘toch’ lykje alhiel akseptearre te wêzen, sa skriuwt de kommisje.… Lês fierder

