Anne Feddema

Katalaanske Sketsen

logo.ensafh

 

 

 

 

Fakânsje Brava Kuierke

De Sinne is hjir
Mear fan my
As dat er dat
Thús is, mei my
Op dit stuit
Fan hûs is … lykas
Rein en wyn.

Ik wurd hjir âlder
As god bedoel ik
Wraakberet ék
Yn myn hotel
Lúkse Panteön
Beskôgje ik de
Mindere goaden
By de earetsjinst fan
It Rinnend Buffet

Alle dagen kuierje ik
Kom ik lâns kafeeke
El Rincon, ‘t Hoekje
Op it terras dêr sit
Mei tastimming
Fan hegere machten
In loco lokaal dy’t
Gluoreagjend
Fanút syn hierrige
Halo sa no en dan in
Djippe gjalp op
Toeristen loslit

As er my sjocht
Seit er lykwols:
Ola señor … qué tal?… Lês fierder

Giny Bastiaans

Handige dinkjes

logo.ensafh

Al yn gjin 20 jier hie ik by de Ikea west en no wie it sa fier. Heden hitskes, wat in winkel. Jo moatte net klaustrofobysk wêze om dêr wat keapje te wollen. Ast der ien kear yn bist, bist der fuort net wer út. Myn leave húsgenoat koe hjir syn hert mar ophelje. Hy is de man fan ‘handige dinkjes’. Eachjes dêr’t stikkene bledsjes yn ’e aginda mei reparearre wurde kinne, dûbelsidich plakbân, jierpelskylmeskes mei in punt foar de eagen. Kerse-ûntpitters, leppel om gêst ôf te weagen. Ik neamde him de dinkjesman. Dat doch ik no net mear. Ik ha ûnderwilens wol ûnderfûn hoe noflik it is dat hy foar alle húshâldlike tûkelteammen in ‘handich dinkje’ hat.… Lês fierder

Henk Nijp

Dingen dy’t bybliuwe

logo.ensafh

De wat âldere lêzers ûnder ús witte grif noch wol hoe kâld it wie op 18 jannewaris 1963, de dei dat de tolfde Alvestedetocht ferriden waard. It heucht my noch goed. Benammen de pine. Ik wie moarns betiid, noch yn it roettsjuster, mei ús heit by de start by de brêge oer it Van Harinxmakanaal, by Goutum. De wedstriidriders moasten út in garaazje wei drave en dan by it iis opbine. Ik ha gjin rider sjoen want der stie in ûnbidige kloft taskôgers foar ús te klomjen en ik wie noch mar in jonkje fan krapoan acht jier, safolle lingte hie ik doe noch net.… Lês fierder

Jemke Visser

Eangst en ûnbehagen

logo.ensafh

In grize, mistige moarn slút aardich oan by myn moedstastân op dizze 6 novimber. Fannacht dochs sa no en dan even op myn mobyltsje sjoen hoe’t it yn Amerika gie. Dat hie ’k better net dwaan kind …
Menno ter Braak (1902 – 1940) makke nei de Nederlânske kapitulaasje op 14 maaie 1940 in ein oan syn libben. Neist syn skriuwerskip wie er in bûtengewoan skerpsinnich sjoernalist en essayist. Wêrom’t er net fierder libje woe is noait alhiel dúdlik wurden. Wol dat er mei de tanimmende driging fan it nasjonaalsosjalisme al mar depressiver waard. As gjin oar seach er hokker weagen fan ûnfoarstelbere ûnminsklikens en stompsinnigen oer ús kontinint rôlen.… Lês fierder

Henk van der Veer

Trinus

logo.ensafh

De biografy fan Trinus Riemersma (1938-2011), skreven deur Doeke Sijens, leest as un tierelier en dat is un groat kompliment an de biograaf. En ok nyt un klein bitsje an Trinus Riemersma self. Sijens siteart dan ok omraak út ut primêre en sekondêre werk fan syn oom, de jongste broer fan Doeke syn moeke.

Ik mach ferrekte graach biografieën leze en al helemaal at ut over minsen gaat dy’t ik kennen hew. Trinus Riemersma kwam ik op myn levenspad teugen toen ik begin tachteger jaren de opleiding Frysk MU-A fòlgde. Dêr gaf Riemerma literatuerlessen. Ik fond ut nou nyt bepaald un didaktys wonder.… Lês fierder

Anne Feddema

Profane Ritus

logo.ensafh

Ja lêzers, it deistich libben. It is gauris wat. Jo komme fan bêd, as dat slagget en dan … folje mar yn. Dat ûnbidich grutte kleurboek dat nei de namme ‘Libben’ harket, leit fol blide ferwachting klear foar jo persoanlik ferskaat oan bûnte potleaden. Ja, ja … dat liket derop, mar as we de poëtyske metafoaren efkes litte foar wat se binne dan bliuwt der, útsein foar de ‘action heroes’ ûnder ús, meastal in behoarlik oantal pisbleke oerkes oer. No wol ik it eins net hawwe oer hoe’t oare minsken de dei dan al of net trochkomme, want dat wit ik fansels net fan elkenien.… Lês fierder