Ferdinand de Jong

Oprop oan de skriuwers

logo.ensafh

Nije wike woansdei, dat is 3 desimber, is der in gearkomste fan it Skriuwerboun belein. Plak fan hanneling is kafee Wouters yn Ljouwert, sa as meastal it gefal by fergaderingen fan it Boun. Ien fan de wurklistpunten sil de wûndere wrâld fan Stifting Tsjil wêze. In pear bestjoersleden fan dizze nije stifting, yn it libben roppen mei as wichtichste punt yn de statuten: befoardering fan de ferkeap fan Fryske boeken en boeken oer Fryslân, binne dy jûns oanwêzich en sille troch immen yn ynterviewfoarm befrege wurde.

Yn dat ramt soe it moai wêze as der in soad kollega’s oanwêzich binne. De Stifting Tsjil wol graach Fryske boeken ferkeapje en besiket dêrmei de slim ynsakke sifers wer wat yn de goede rjochting by te stjoeren.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 23

logo.ensafh

Feuilleton

23

De taksysjauffeur seach in bytsje fersteurd doe’t Seleina him oanspruts, krekt as helle se him earne út wei. Hy hie him deljûn op ’e Ahu oan ’e foet fan de iennichste mo-ai yn de rige mei in pukao op. Se komplimintearre him mei it trommeljen en begûn doe oer de fûgelmankultus. Se sei, dat se it spitich fûn dat dy net mear bestie, want dan hie se sjen kinnen hoe’t er as earste mei in fûgel yn ’e hân boppeoan de klif by Orongo ferskynde.
De taksysjauffeur seach har wantrouwich oan.
‘Ik ha dy in pear dagen lyn út dyn taksy stappen sjoen,’ sei se.… Lês fierder

Willem Winters

Oarloch

logo.ensafh

Iepen brief oan de hear Speerstra,

It is moai dat jo alwer in pakkend boek skreaun hawwe oer minsken dy’t in bak ellinde oer harren hinne krigen. Oft it no giet oer emigranten, Nederlânske soldaten yn Ynje, jo litte op oangripende wize sjen fan hokker gefolgen sokke saken binne. Faak binne sokke minsken – oft se no yn Austraalje harren plakje net fine koenen of fjochtsje moasten yn Bosnië – swier skansearre, foar jierren, as it net foar harren fierdere libben is.

Jo ûnderwerpen lizze noch ticht tsjin ús wrâld oan. Mei in bytsje empaty kinne wy wol in aardich begryp fan harren mankeminten en problemen krije.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Dûbeld skeind

logo.ensafh

Besprek Skeind ferline fan Douwe de Graaf

Douwe de Graaf (*1941) hat mei Skeind ferline syn romandebút levere. Hy hat earder fjouwer non-fiksje boeken oer de skiednis fan Drachten en omkriten skreaun.

De titel fan it boek kin in soad ynhâlde. Krekt troch syn suver wat klisjeemjittigens en algemienens sprekt it net oan. Dêr komt noch by dat it omkaft fan it boek net botte spannend oandocht. Op de foarkant in nêst ljipaaien mei oan de efterkant in strjitte dy’t grif it wenplak foarstelle moat dêr’t Romke, de haadpersoan, opgroeide mei syn mem. De kaaipassaazje út it ferhaal is lykwols ôfprinte op ’e efterkant en dat ûnthjit wól it ien en oar.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Goffe Jensma: ‘Der is gjin bettere manier om dysels kennen te learen as troch dysels mei oaren te fergelykjen.’

logo.ensafh

Goffe Jensma (Kornhorn, 1956) is sûnt 2008 heechlearaar Fryske taal- en letterkunde en sûnt 2012 opliedingshaad fan de bachelor Minorities & Multilingualism en de master Multilingualism oan de universiteit fan Grins. Fan 2001 ôf wie er as wittenskiplik ûndersiker Fryske letterkunde ferbûn oan de Fryske Akademy en fan 2006 ôf as bysûnder heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy hat skiednis en filosofy studearre yn Grins en is yn 2004 promovearre yn de godstsjinstwittenskip. Foar syn proefskrift De gemaskerde God, François Haverschmidt en het Oera Linda Boek krige er de Mallinckrodtpriis foar de bêste Nederlânske dissertaasje op it mêd fan teology en godstsjinstwittenskip yn de ôfrûne tsien jier.Lês fierder

Friduwih Riemersma

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

logo.ensafh

Shaken: de Fryske Akademy en de statistyk

De Fryske Akademy hat op har Taalweb Frysk en de staveringsoanpassing (http://www.fryske-akademy.nl/nl/taalwebfrysk-faq/), ûnder it kopke: ‘Hoefolle feroaret it wurdbyld troch de staveringsoanpassing?’ in opmerklike útlitting dien. “De wurden (ynklusyf gearstallingen en ôfliedingen) dy’t wizigje, meitsje wat frekwinsje oanbelanget mei-inoar 0,07% út fan [it totaal fan] 8 miljoen wurden.” Ik haw dêr hurd om lake, hoewol’t gûle miskien mear op syn plak west hie: it wie in tige kontraproduktive foarm fan gerêststellende retoryk.

Pieter Breuker hat yn syn artikel “Trije jier ‘stúdzje’, € 378.000 subsydzje en dan dit (IV). Sitaat foar de sneintejûn: Lies, damned lies, and statistics” al it ien en oar opmurken oer it polityk tapassen fan statistyk.… Lês fierder