Janneke Spoelstra

Redaksjoneel en ynhâld ensafh 3, 2014

logo.ensafh

Redaksjoneel

Guon hiene der earder west, mei of by oaren, koartby of jierren lyn. Guon wiene der foar it earst. De foardoar siet op ’t slot, mar we koene achterom. Of wie dat krekt de foarkant? It útsicht wie dêr rom. In wytfisk sloech mei de sturt op it wetter, toarnders flitsten tusken ielstikels troch. Der wiene steapelwolken, der wiene fleantúchstreken. In hoanskrobber mei flarderige wjokken sweefde oer de greiden. Guon kamen letter, guon kamen net. Der wie sinne en der wie skaad. Der wie praat en laitsjen. Yn ’e fierte skoden boatsjes foarby. Der wie in deade beam en iten en drinken.… Lês fierder

Marga Waanders foarsitter Gysbert-sjuery 2015

logo.ensafh

Foar it earst hat in advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis fiif leden (foarhinne wiene dat der hieltyd trije). Marga Waanders, boargemaster fan Dongeradiel, is oanwiisd as foarsitter. Hja is fan oplieding nearlandika, wurke yn it ûnderwiis foar’t se de polityk yngie, en wennet sûnt jierren yn Fryslân. De oare net-Fries yn de kommisje is Kester Freriks út Amsterdam, de yn Yndoneezje berne Nederlânske auteur dy’t û.o. skreaun hat oer Hölderlin, yndyske literatuer en fûgels.

Opmerklik is it grutte Dongeradielster oanpart yn dizze advyskommisje. Yvonne Dijkstra is hikke en tein yn Nes (D.) oan it Waad, en foar Doeke Sijens jildt itselde mar dan krekt súdliker te Hantum.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Jarich Hoekstra: ‘Ik bin net ûnwennich nei Fryslân.’

logo.ensafh

Jarich is berne yn 1956 yn Hitsum. Hy is opgroeid yn Abbegea en op syn tolfde ferhuze nei Almelo. Hy is heechlearaar yn de Fryske taal- en letterkunde yn it Dútske Kiel, dêr’t er him ek mei de ferskate Noardfryske dialekten dwaande hâldt. Hy docht in soad yn de mande mei Harke Bremer fan Kampen. Op 17 septimber 1996 krigen Jarich en Harke Bremer fan de provinsje Fryslân de Obe Postmapriis foar har Fryske oersetting fan Bommel-ferhalen út it Nederlânsk. Beide manlju makken ek oersettings fan Kaptein Rob en Asterix yn it Frysk. Yn 1995 kaam harren earste boek Hâld faasje út.Lês fierder

Daam de Vries

.kul

logo.ensafh

It wie juster in heuglike dei, Fryslân hat him sûnder oarlogjen ôfskaat fan de rest fan de wrâld. Wêr fine jo soks hjoeddedei noch?

Wy binne in eigensinnich folk sa liet de deputearre witte dat wy dogge hjir gjin punt-frl mar pompeblêd-frl. Dat is alderprachtichst want de winst sit him net allinnich yn de ôfskieding mar ek yn it feit dat de eigen taal yn de URL’s brûkt wurde kin. No noch in fatsoenlik toetseboerd sadat jo dat pompeblêd oanklikke kinne krekt lykas de Æ of æ.

Ik ha ek al berjocht fan myn provider hân en in domein reservearre. Gjin respons.… Lês fierder

Sytse Jansma

sûnder mis gjin merke

logo.ensafh

 

lit my gekke fratsen fan dyn flanken draaie
ballonhûnen foarmje of as botswana’s brûke

fonken út it plafond fan dyn tinken sûnder
mis gjin merke en sûnder fleis gjin fêsten

lit my bibelrigels sûkerswiet spinne as in toefke
op dyn pokrovtoer dyn katedrale lichem bewenje

as klaterrussyske sinten en dan dyn madonna-langnek
fan jewelste útinoar skowe as in attraksje boppe it alter

lit my wachtsje yn lange gebeden op in foarsichtich
stjitten út dyn heupen de stilte foar it amen azemje

*

Ein septimber komt Sytse Jansma syn twadde, en twatalige, bondel út: as nomaden yn tinten teplak / als nomaden in tenten terecht, dy’t útjûn wurdt troch Hotsum (yn gearwurking mei De Contrabas).… Lês fierder