Piter Boersma

Molwrot (15)

logo.ensafh

feuilleton

15

Doe’t se de oare moarns wekker waarden sei Alexander: ‘De dei fan ’e boattocht.’
‘Ik tocht der ek al oan,’ sei Seleina, ‘en oan Gustave Flaubert syn roman ‘L’éducation sentimentale – Histoire d’un jeune homme’, ‘Leerschool der Liefde’ hyt it yn it Nederlânsk. Dat boek begjint mei de ôfreis fan it haadpersonaasje mei de boat fan Parys streamop nei Nogent-sur-Seine. Ik wit dat noch om’t ik it doe’t ik it boek lies op ’e kaart opsocht ha. En hy stapte doe op ’e boat eastlik fan it Ile de la Cité.’
Alexander stapte fan it bêd om de plattegrûn fan Parys te pakken.… Lês fierder

Willem Winters

Damje & Gebyt

logo.ensafh

Nei wat omswervings is it medaljekastke wer by my. Yn in doaske dat derby heart fyn ik in skrift mei knipsels oer Damclub Heerenveen, de earsten út de Friese Koerier fan 1954: ‘M. Winters kampioen hoofdklasse’, stiet der boppe. ‘In de Dinsdagavond gehouden ontmoeting liep Peetsma in een valletje opgezet door de listige problemist Winters.’ Prachtige sin! M., dat wie Marten, myn heit.

Yn it ferslach fan de wedstriid om it Frysk kampioenskip tusken ús heit en Smit stiet: [-] ‘Of zocht Smit het gevaar in de schijf die door Winters meer als afwachtingszet werd verschoven? Een feit was echter, dat Smit een schijf offerde voor een dreiging die er niet was.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Sport

logo.ensafh

 

Sport en spieren. Dat like it mantsje
ek wol wat, mar wie er net te âld?

Op in jûn yn ‘e sigerige hjerst
gie er nei de kroech, dêr’t keale

manlju nuver guod ferkeapje. Mei in
plestik pûde spuiten en ampullen

kaam er thús, de oare deis online naam
er in abo op de lokale sportskoalle.

Oardel jier letter op it Boekefeest breed
stie it mantsje by de yngong fan Tresoar

foar de skodoar. ‘Jo komme der net yn’,
krige in genipige lytse kritikus te hearren.

De dwerch rûgele del by de betonnen trep.
Sok folk fertsjinnet it tsjil fan de lêste trein.… Lês fierder

Friduwih Riemersma

Polare

logo.ensafh

“Boekekeatling Polare is hast fallyt!” seinen ferskate minsken dy’t lykas ik graach lêze. “Hoe moat it no?” Mear as dat opnij in protte wurknimmers in útkearing oanfreegje moatte sille, koe ik dêr net op antwurdzje. De boekferkeap rint werom, dat is wier, mar at it om de ferkeap giet is it net mear as in lytsboargerlik probleem dêr’t ik my as lêzer fan literatuer net drok om meitsje kin. “Mar hoe moat it no?” frege in oanhâlder. Tsja. Ut de opkomst fan de roman, in pear ieuwen lyn, bliek de triomf fan de boergeoisy en it kapitalisme en no toant it kapitalisme wer ris syn ynstabiliteit.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

Foar as de dei foarby is

logo.ensafh

Byldzjend keunstner, dichter en (toaniel)skriuwer Wilco Berga fan Harns is ek al hiel lang warber as liettekstskriuwer. Foar Douwe Heeringa sette er yn 1989 al sjansons fan Jacques Brel oer yn it Frysk, mar hy skriuwt ek oarspronklike lieten. It koartlyn ferskynde album Dagen dûnsje foarby is syn twadde ‘solo’-cd.

Earst en meast tekstskriuwer
Behalve krektneamde Douwe Heeringa binne it fierder oars ek net de minsten, oan wa’t Wilco Berga lietteksten levere hat. Sa holp er Reboelje oan it repertoire foar de rockopera Gysbert Gysbert (2003) en Tet Rozendal oan lietmateriaal foar har teaterprogramma It Wûnder út ’e Wâlden (2011).
Ik sette hjirboppe it wurd solo tusken skrapkes, want it slacht foaral op ’e teksten fan de twa cd’s dy’t oan no ta fan Wilco Berga ferskynd binne.… Lês fierder

Jelma Knol

Brieven oan ús mem

logo.ensafh

Brieven oan ús mem, is it lêste, autobiografyske boek fan Akky van der Veer. Se begjint it ferslach fan har jierren as fammensbern, yn in swier troch de oarloch tramtearre húshâlding, op de waarme, yntime toan dy’t de grutte kracht fan har skriuwerskip is. Meinimmend fertelt se oer har traumatisearre mem, grifformearde opfieding, de perioade dy’t se as tbc-pasjinte yn Sonnevanck trochbrocht en har houlik mei Henk Kuiper, de soan fan de bekende dûmny en KFFB-skriuwer.
Akky van der Veer wol har ferstoarne mem yn brieffoarm útlizze wêrom’t sy en Henk ôfskie namen fan al dy grifformearde wissichheden en se wol wat oerbringe fan har ûngerêstens oer wat der yn de wrâld fan no te rêden is: de stjerrende natoer, de privacy en frijheid fan de minske dy’t troch it digitale tydrek ferdwûn is.… Lês fierder