Daam de Vries

Mislik sekreet

logo.ensafh

Hjoed sille wy it oer Swarte Pyt ha. It is op ’t lêst gjin dieredei, gjin dei fan de siktaresse en ek noch gjin advintstiid of karnaval. Oars wol allegearre saken dy’t gâns omtinken freegje al helje se it net by de Swarte Pyt fan hjoeddedei.

Guon fine dat it út wêze moat mei dy Swarte Piteboel mei’t it persoantsjes binne dy’t slim diskriminearjend en rassistysk gedrach en tinkwizen hannen en fuotten jouwe. It soe aardich wêze dat der ris wittenskiplik ûndersyk dien waard nei hokker byld sokken by swartsjes hawwe en as dat byld dan ja ofte nee ek ôfwykt fan dat wat se hawwe fan bern dy’t harren op kreamkes op braderyen mei lichemsfrjemde kleuren begrieme litte en as koe it net op mei linteboel en oare rarichheden yn it hier befrissele as mislearre yndiaantsjes foar it ljocht komme.… Lês fierder

Gerbrich de Jong

In Fryske Carry Slee?

logo.ensafh

 

 

De titel fan it nije boek fan berneboekeskriuwster Hanneke de Jong stiet yn leafst trije kleuren op it omslach drukt, op in felblauwe achtergrûn. Fierders stiet it kaft fol mei bûnt opmakke cupcakes. De lêzer komt fuort yn ’e feeststimming as er dit boek sjocht. Mar wa’t begjint te lêzen, fernimt al rillegau dat it boek oer mear giet as allinnich mar om feest.

Haadpersoan is Marike de Walle, in famke fan in jier as fjirtjin. De rest fan de húshâlding De Walle bestiet út heit, mem en broerke Peter. Mem wurdt meikoarten fjirtich jier en it idee ûntstiet om dat mei in ferrassingsfeest te fieren.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Tsja…

logo.ensafh

Ik ha it útsjoch op in langwerpich stik papier. ‘DRACHTEN/Smallingerland’ stiet der boppe. In eintsje fierderop: ‘Parkeren bij een parkeerautomaat met kaarten terwijl parkeertijd is verstreken.Totaal € 56,10. Eindtijd kaartje was 14 uur:00. Betaald € 0,40. Beginnend bestuurder: Nee.’

Wy skriuwe freed 11 oktober, it is hjerst. Moarn is de tradisjonele boekemerk yn Drachten. Se ferwachtsje de hiele dei reinich waar. Dat treft min, de heale simmer en neisimmer koe it net op mei de sinne, mar krekt op de lêste aktiviteit yn de Moanne… O nee. Der is moarn noch in barren, yn Boalsert. Dêrom bin ik hjir. Rin mei in beamer en in laptop ûnder de earm oer de mei in ferskaat oan kleuren fluorre merk yn Drachten, rjochting kafee Marktzicht.… Lês fierder

Goffe Jensma

Rapport fan de Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2013

logo.ensafh

De opdracht
Mei it oannimmen fan it fersyk om lid te wurden fan de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2013 wie it ús taak wurden om de bêste poëzybondel oan te wizen dy’t yn de jierren 2009 oant en mei 2012 ferskynd wie en om de dichter dêrfan oan de provinsje foar te dragen as Gysbert Japicx-priis-winner.
Dy sin seit mear en hat ek gruttere konsekwinsjes as dat je yn earste opslach tinke soene. De Gysbert Japicx-priis is bedoeld foar de bêste Fryske poëzybondel en dus net foar de bêste Fryske dichter. It is belangryk om dat te witten, want dêrtroch komme ek bondels yn de beneaming fan dichters dy’t net mear ûnder ús binne, omdat se krekt yn de ôfrûne perioade ferstoarn binne mar noch al publisearre ha.… Lês fierder

Sigrid Kingma

De foarstelling fan dyn libben

logo.ensafh

It aksjeboek foar bern is fan’t jier in oersetting en wol fan de populêre Caja Cazemier. Cazemier hat tsientallen titels op har namme stean. Har boek Vamp is yn 2008 bekroand troch de jonge sjuery. It gloednije jeugdboek Foarstelling is fuort nei de Nederlânske titel Echt spel ferskynd, oerset troch Ans Wallinga. It boek is werkenber as ien fan Cazemier troch de probleemtema’s dy’t mei in soad ynlibbing en spanning útwurke binne, mar noch mear troch it oansprekkende hardcover kaft. It giet oer de fyftjinjierrige Roos dy’t krekt te hearren krijt dat har âlden útinoar geane en de sechstjinjierrige Joppe dy’t it dreech hat mei it fertriet om syn ferstoarne mem.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Nicolaesz Vlaming oer syn ûndersyk nei langstme by Friezen om utens

logo.ensafh

‘Nyckle Haisma hat my op it spoar set.’

Nicolaesz Vlaming (1962) is dwaande mei in promoasje-ûndersyk nei langstme fan Friezen om utens. Hy docht dat by de universiteit fan Grins. Hy is dêr yn 2008 mei begûn en wol takom jier syn proefskrift klear ha. Vlaming hat skiednis studearre oan de Universiteit van Amsterdam en is learaar oan it Amsterdams Lyceum. Hy wennet yn Zaandijk. We ha dit petear yn de serre fan hotel Goerres yn Akkrum, mei útsjoch oer rivier De Boarn.

IMG_4203

Wêr giet dyn ûndersyk krekt oer?
Nicolaesz: ‘It giet oer langstme fan Friezen dy’t ferfearn binne nei oare parten fan Nederlân of it bûtenlân.… Lês fierder