Friduwih Riemersma

Bibleteken

logo.ensafh

By myn witten de iennichste online game oer in bibleteek is Escape Library: wa’t net gau genôch bûtendoar stiet is dea. Dat is miskien wat oerdreaun mar net ûnrealistysk. De sjitterij lêsten yn de bibleteek yn de universiteit fan Santa Monica is lang net de earste library shooting. Foar ien dy’t fjoerwapens genôch en lilkens tefolle hat binne bibleteken oantreklike plakken. Se binne iepenbier, der is amper personiel, de beweitsing is oplaat foar it behâld fan de boeken en net fan de lêzers, der is altyd wol libben wyt dat ûnbehindere benei te kommen is en de witen sitte noflik stil.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (8)

logo.ensafh

Feuilleton

8

It waard in animearre jûn. It iten wie treflik. Se dronken oerdiedich.
‘Trije, trio,’ sei Seleina op ’n stuit.
‘Dat jout rêst,’ sei Alexander.
Seleina lake. Alexander ek. Catrinus wist even net hoe’t er it hie.
‘Kom op, Catrinus,’ sei Seleina, ‘net kel wurde.’
‘Ik bin it al,’ sei er.
‘Do kinst Seleina langer as ik,’ sei Alexander, ‘mar noch altyd net goed genôch, sa’t it liket.’
‘En no stil,’ sei Seleina, ‘ik bepaal wêr’t it oer giet. Dat is de hiele jûn al sa en dat bliuwt sa.’
‘Is it goed dat ik him útkloarkje oer syn libben yn Servië?’… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Fakânsje

logo.ensafh

Wy bedarje stadichoan wer yn de foar de measte minsken moaiste dagen fan it jier. De fakânsje. Al moannen binne der ferhalen oer wêr, hoe en hoe lang te hearren.

Om it daliks mar te sizzen: Ik fyn it de meast dramatyske tiid fan it jier. De tarieding is in ramp. It is no amper tsien oere moarns en ik ha de airco al neisjen litten, it lampke fan de airbag knipperet net mear en ik ha al in ôfspraak oer in dakkoffer makke. Dat wie ek al wer stress, want yn myn ûnskuld tocht ik dat soks noch wol koe, in pear dagen foardat it feest begjint.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Krossmediale Kimswerter kriger

logo.ensafh

Yn nûmer 7 fan jiergong 2012 fan de papieren Ensafh stie in koart sinjalemint fan it boek fan Ate Grypstra Krús fan de Hollanner. Dêrby waard oanjûn dat der in wiidweidiger besprek folgje soe wannear’t it kompjûterspultsje it deiljocht sjoen hawwe soe. Spitigernôch is der noch gjin sicht op wannear’t dat útkomme sil, fandêr dat it no mear as tiid wurdt dat it besprek oer it boek al útkomt.

Ate Grypstra fan Bûtenpost dy’t dosint Ingelsk en Frysk is, hat mei Krús fan de Hollanner syn fyfde boek ôflevere. Earder ferskynden Heftich (2008), Rinze hat de hik (2010), Tsjang tsjin tiid (2010) en It Beest fan de Westereen (2011).… Lês fierder