Geart Tigchelaar

Foaropwurd 70

logo.ensafh

Der is in soad ferweech op ynternet en de sosjale media. It giet flugger as fluch, en as men juster net Twitter tsjekt hat, rint men al wer twa dagen efter de feiten. It is tsjak-tsjak en koart-koart. Gjin tiid foar lange blabla-ferhalen mear. Wat koarter wat better.
Dêrom komt no ek Ensafh mei in eksperimint. De romrofte skriuwe Anne Feddema stelt in ferhaal oan ús beskikber dat wy op ús Facebook-side sette. Alle wiken in koart stikje, in nijmoadrige fúljeton.… Lês fierder

Anne Feddema

Wraaknimming

logo.ensafh

It is heechsimmer, noch ier en betiid op ’e dei. It is stil en fredich yn it tsjuster, skaadzjend djipgriene wâld. Je hearre de natoer lústerjen. Sa no en dan kinne je, it tusken de beamstammen wjerkeatsende, justjes holle, tikjen, fan in net wurch te krijen spjocht hearre. Dizigens wykt stadichoan foar de earste sinnestrielen, dy’t , sa liket it alteast, mei niget en wille, besykje om ’e lêste bytsjes fan ’e nacht wei te krijen. De beammen steane der ûnoantaastber by, heech, swartgrien, ek sy wurde, in bytsje stiif noch, súntsjes wekker en lykje gapsk te kreakjen. Lange rigen reade boskeamelders binne drok dwaande mei it ferfieren fan allerhanne saken en guod dat de koloanje goed brûke kin.… Lês fierder

Jaen

In sneintemiddei

logo.ensafh

Hoe soe ik net mear witte
dy middei datsto my ophellest
foar it earst
en wij tegearre nei Grou.

Hoe’t wy sieten yn ’e Treemter
wat ûnwennich sûnder
maten as praters.

Hoe’t wy kuieren troch de strjitsjes
en op in hoeke doe ynienen

dy etalaazje
fan Stichting It Fryske Boek.

Dat wy bij de Pikmar
op in steger stiene
en wat tuteboarten tsjin in muorke.

Datst op ’e weromreis dyn hân
fan it stjoer op myn knibbel leist
it stiet my noch wol bij,

mar it skerpst foar eagen
stiet my dochs – dêr’t jûns
myn dreamen har om spûnen –

dy etalaazje
fol Fryske boeken.… Lês fierder

Jelma Knol

In brún jaske

logo.ensafh

Sa’t de âlden songen, sa piipje de jongen. Even in brún hûntsje, fersûpe, de deule. It echte Frysk is it rûch yn de bek Frysk, sa spriek in jonge boufakker fannewike oan myn keukentafel en wy koene it skoander mei him lykfine, want dit wie in gewoane, earlike jonge. Gjin Fryske yntellektueel, potferjanhinnekont. In echte Fries is in ûnbesniene Filistijn, in rûchhouwer, in Marianne Vaatstramoardner, in Eije Wykstra, en hy hat altiten in drup oan de noas hingjen. En in brún jaske oan, fansels.
Jierrenlyn die eega in ûndersyk nei de útspraak fan beskate Fryske wurden, by trije ferskillende generaasjes út deselde famylje, dy’t lykwols noch altyd yn deselde hoeke fan Fryslân wennen en ek sosjaal net tefolle út inoar groeid wiene.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Lekkel, HotSum!

logo.ensafh

It kin fansels wêze dat ik wat oer de holle sjoen haw, hoewol’t ik op 56-jierrige leeftyd noch altyd sûnder bril lês, en ek noch altyd net mei mes en foarke yt. Ik doel op it feit dat der neffens my dit jier, 2012, om krekt te wêzen, noch gjin Frysktalige dichtbondel by in ‘offisjele’ útjouwerij ferskynd is.
Ik bin útgien fan de list, byhâlden op de side fan Tresoar.
Wy binne, wat 2012 oanbelanget, al sawat op ‘e helte. Tryntsje van der Veer hat in bondel by Elikser publisearre, en dan binne der noch de ‘Gedichten en lieten fan Sytse van der Werf’, dy’t by Gemeente Achtkarspelen ferskynden.… Lês fierder

Piter Boersma

It Fryske literêre libben (7): Omtinken foar Harmen Sytstra, in Frysk ikoan by útstek

logo.ensafh

Wy hawwe net safolle mei it betinken fan ús (grutte) foargongers. Wy ferjitte se. It omgean mei har is in behyplike saak. Faaks is dat wol net goed. Wy gean sloarderich om mei de de helden út it ferline, mei grutte foargongers, mei wat Fryske ikoanen wêze moatte soene en dat betsjut faaks dat wy sloarderich mei ús sels omgean.
Ik bedoel net dat wy ek helden binne, ikoanen. As Jacco de Boer fan de bidboekgroep fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 stelt dat Doutzen Kroes in Frysk ikoan wêze soe, dan is de ûnderlizzende gedachte fan de bidboekers dat se it sels binne, yn alle gefallen wêze wolle.… Lês fierder

Friedrich Hölderlin, Piter Boersma

Libbenstiden

logo.ensafh

 

Jim stêden fan de Eufraat!
Jim strjitten fan Palmyra!
Jim pylderwâlden yn ’e flakte fan de woestyn
Wêr binne jim?
Fan jimme binne,
Om’t jim oer de grinzen
Fan ’e sykheljenden gongen binne,
Troch de himelske reekdamp en
It fjoer de krunen nommen.
No sit ik dan ûnder wolken (dêr’t
Alles fan in eigen rêst hat) ûnder
Moai foarme iken, op
De reeëheide en frjemd
Ferskine my en ferstoarn
De geasten fan ’e silligen.

Oersetting: Piter Boersma

Lebensalter

Ihr Städte des Euphrats!
Ihr Gassen von Palmyra!
Ihr Säulenwälder in der Ebne der Wüste,
Was seid ihr?
Euch hat die Kronen,
Dieweil ihr über die Grenze
Der Othmenden seid gegangen,
Von Himmlischen der Rauchdampf und
Hinweg das Feuer genommen;
Jetzt aber sitz ich unter Wolken (deren
Ein jedes eine Ruh hat eigen) unter
Wohleingerichteten Eichen, auf
Der Heide des Rehs, und fremd
Erscheinen und gestorben mir
Der Seligen Geister.… Lês fierder