Ate Grijpstra is op 5 maart 1973 berne yn Noardburgum, hat in pear jier yn Koatstertille wenne en is op syn sânde nei De Westereen ferhuze. Hy hat Ingelsk en Frysk studearre yn Grins en jout les op It Beyers Naudé Gymnasium yn Ljouwert. Mei frou Bertina en harren trije bern wennet er no yn Bûtenpost. Yn 2006 debutearre er mei in koart ferhaal yn Hjir. Yn april 2008 kaam syn jeugdferhaleboek, ‘Heftich’, út, dat him de Bongelboekepriis fan de NHL oplevere. Yn 2010 folgen de berneboeken ‘Rinze hat de hik’ en ‘Tsjang tsjin tiid’. Yn septimber ferline jier kaam ‘It beest fan de Westereen’ út by de Afûk.… Lês fierder