Klik hjir foar de tekst
Klik hjir foar de foardracht… Lês fierder
Alwer in nij programma by Omrop Fryslân! Wa is de Mysteryguest? Klik op it plaatsje en ried mar mei!
Ik ha in pear rare trekjes as it om tillevyzje giet. Sa bin ik bygelyks hielendal gek fan The Voice of Holland. Earder eefkes fan Idols en The X-Factor, mar dat wie gau oer. Foaral Idols. Dêr hie ik al hiel gau myn nocht fan. Nederlânske ‘talinten’, waarden troch in ‘fakkundige’ sjuery ûnder lieding fan Henk Jan Smits oant op ’e boaiem ôfbrutsen. Ik bin net de iennige dy’t Idols ta Persona Non Grata ferklearre. De sjochsifers binne tsjintwurdich noch mar in fraksje fan wat se west hawwe. Idols is út, dat is dúdlik. Net omdat ik der genôch fan hie, mar omdat tegearre mei my in hiele protte minsken yn ’e smizen hie dat it programma net doocht.… Lês fierder
Tiisdeitejûn wie ik yn Drachten, yn it boppesealtsje fan de ‘Belibbibleteek’ (of hoe’t se dêr dy ynstelling ek neame). Hawar, dêr haw ik in bêste Sirkwy-lêzing beharke fan Sigrid Kingma. Hja hold in besteklik en ynspirearjend ferhaal oer it Fryske berneboek yn de lêste foech tweintich jier. Hja joech in moai oersjoch fan wat der allegear wol net bart en útkomt oan Fryske berneboekeskriuwerij, statistysk kreas ûndersifere. De ynhâldlike trends yn dit ferskaat oan boeken (wy hawwe it dan oer hast fiifhûndert!) hie se it net in soad oer. Wol oer hoe’t Fryske berneboeken (al as net) bý Fryske bern komme.
Op woansdei 15 febrewaris is de winner fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis 2012 bekend makke en de priis útrikt.
Op freed 10 febrewaris waard wrâldkundich hokker boeken troch de sjuery foar de priis nominearre wiene:
‘De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn oerlis mei de ynstellers fan de priis, de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij bv, hjirby de kânshawwers bekend foar de Rink van der Veldepriis 2012:
Hidde Boersma – De gewoanste man
Ferdinand de Jong – It dak fan de wrâld
Bart Kingma – Griene simmer
Margryt Poortstra – Kofje ferkeard
Willem Schoorstra – Rêdbâd’
De bekendmakking fan it priiswinnende boek en de útrikkking fan de priis oan de skriuwer wie neat mis mei.… Lês fierder
Op 6 novimber 2010 hâlde HIPPO – ea in jongerensintrum yn Ljouwert (1974-1982) – in reüny. It omfette it tiidrek 1965 oant 1982, in perioade dat der yn Ljouwert heel wat groepen aktyf wiene. Ek de ‘foarâlden’ fan Hippo – Provadya?, Axies, Kloppend Hart, Pow Wow, Kaktus en bygelyks Swatte Jat – hiene út soarte in wichtich lûd. Ut it iene ûntstie it oare.
Dizze reüny wie in gefolch fan it inisjatyf fan it HCL (Historisch Centrum Leeuwarden), dat in útstalling makke oer ‘Jongeren in de Friese hoofdstad tijdens de jaren ’60 en ‘70’. Tagelyk ferskynde it fotoboek Langharig Leeuwarden (Friese jongerencultuur in de jaren ’60 en ’70).… Lês fierder
Greet Andringa is berne op 16 july 1971 yn Reduzum. Nei har stúdzje genêskunde is se oan de slach gongen as ferslavingsdokter yn Ljouwert. Al gau bliek se it ark te missen om op in goede manier omtinken te jaan oan de emosjonele en sinjouwingskant fan de problemen fan har pasjinten. Dat wie foar har de reden om ek de stúdzje humanistyk te folgjen. Ferline jier oktober is se in eigen bedriuw begûn: Finsters, zin in je leven, wêrby’t se oan hûs praatterapy biedt en dwaande is mei oare projekten dy’t sinjouwing en humanisearring fan de maatskippij befoarderje. Har skriuwerij rekkenet se dêr ek ûnder.… Lês fierder