In nije fideoklip fan Duo von Däniken:
Ik krij neat wat
Klik op it plaatsje
Literêre aktiviteiten fan ’e ôfrûne fjirtjin dagen: (net yn gronologyske folchoarder)
1. Mei goekunde nei Literaire Avond II west yn Ljouwert.
2. Nustje boeken ferkocht, wêrfoar tank oan de keapers/lêzers.
3. Berneferhaaltsje oanheard op de nijjiersbuorrel fan de Afûk.
4. Optreden en taharke op de Grutte Gedichtejûn fan Ensafh. Grutte opkomst, grut súkses!
5. Pear Ensafh-shirts oan ’e man brocht.
6. Literêr Sirkwy yn Sint Jabik organisearre en meimakke.
7. Nije digy opsteld.
8. Foaropwurd dêrfoar skreaun.
9. Teksten neisjoen.
10. Boekbesprek skreaun, of better, ôfmakke.
11. Hûnderten mails besjoen en guon beäntwurde oangeande redaksjesaken.
12. Ien of twa heale gedichten skreaun.… Lês fierder
Klik hjirûnder foar de foto’s fan Hedwig Terpstra
Klik hjirûnder foar de foto’s fan Imke Hooijenga.
Anske Smit hat ek foto’s makke, klik hjirûnder.
Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearre ensafh ôfrûne tongersdei 26 jannewaris in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan koe. Der wie in flinke opkomst fan sawol foardragers as publyk yn feemerkkafee Vellinga yn Snits. Der waard foardroegen yn it Frysk, Nederlânsk, stedsfrysk en dialekt. Der stienen mar leafst 43 dichters en foardragers op it poadium. In tal dichters hie ôfsein fanwege sykte of oare omstannichheden. It tema fan de gedichtedei wie ‘stroom’ en guon dichters hiene de kar fan har fersen dêrop oanpast. PEN Nederlân hie frege om by de optredens op en rûnom gedichtedei poëzij foar te lêzen fan Birmaanske kollegadichters dy’t finzen sitte of sitten ha yn dat lân en in tal dichters hie dêr gehoar oan jûn.… Lês fierder
Friedrich Hölderlin
De skûlherne fan Hardt
Nei ûnderen sinkt it wâld
En knoppen allyk, hingje
Nei binnen de blêden, foar har
Bloeit dêr in delte op,
Net sûnder ferhaal.
Dêr ommers kaam Ulrich
Lâns; faak mimeret, boppe de fuotleast,
In grut needlot
Ree, op it oerstallich plak.
Oersetting: Piter Boersma
Der Winkel von Hardt
Hinunter sinket der Wald
und Knospen ähnlich, hängen
Einwarts die Blätter, denen
Blüht unten auf ein Grund,
Nicht gar unmündig.
Da nämlich ist Ulrich
Gegangen; oft sinnt, über den Fusstritt,
Ein gross Schicksal
bereit, an übrigen Orte.… Lês fierder