Ik haw grutte bewûndering foar Eeltsje Hettinga. Hoe no? Ik sil it besykje út te lizzen.
Okkerdeis ferskynde by de lytse útjouwerij Perio in pamflet fan Hettinga syn hân, mei as titel De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018. Yn dat pamflet wurde sawol it rapport Fan de minsken en de grûn as de notysje Nocht oan de takomst fan kritysk kommentaar foarsjoen.
Ik fyn it in moai, striidber wurd, ‘pamflet’, de Wikipedia seit dit der fan: ‘In pamflet, ek wol manifest neamd, is in geskrift, trochgeans yn printe foarm, mei in aktuele ynhâld of strekking.’ It hat ek wat âlderwetsk, ommers, hoefolle pamfletten sjogge jo hjoed de dei noch?… Lês fierder