Jelma Knol

Achte hear Anne Hettinga

logo.ensafh

Tanksij dy fijne Arriva-yn-en-úttsjekpealtsjes is myn OV-chip-foardieloerekaart nei de barebysjes. En ik haw djip begrutsjen mei jo personiel krigen. Wat dy minsken allegear wol net útstean moatte. De winteroerlêst, yn- en úttsjekpeallen dy’t sy net makke, mar jo wol besteld hawwe: allegear saken dêr’t se gjin inkelde ynfloed op hawwe, mar dy’t der wol foar soargje dat it segryn fan it hiele folk op jo personiel ôfreagearre wurdt.
Ik sei noch tsjin dy echt aardige kondukteur of kontroleur dy’t my fanwege myn earlike blauwe eagen gjin boete joech: ‘It liket hjir wol Kafka yn de trein.’
Dat is dan ek it iennichste literêre wurd dat yn dit stikje falt.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Idols foar keunstners?/Idols-keunst

logo.ensafh

Ik ha in pear rare trekjes as it om tillevyzje giet. Sa bin ik bygelyks hielendal gek fan The Voice of Holland. Earder eefkes fan Idols en The X-Factor, mar dat wie gau oer. Foaral Idols. Dêr hie ik al hiel gau myn nocht fan. Nederlânske ‘talinten’, waarden troch in ‘fakkundige’ sjuery ûnder lieding fan Henk Jan Smits oant op ’e boaiem ôfbrutsen. Ik bin net de iennige dy’t Idols ta Persona Non Grata ferklearre. De sjochsifers binne tsjintwurdich noch mar in fraksje fan wat se west hawwe. Idols is út, dat is dúdlik. Net omdat ik der genôch fan hie, mar omdat tegearre mei my in hiele protte minsken yn ’e smizen hie dat it programma net doocht.… Lês fierder

André Looijenga

Berneboeken, blinder!

logo.ensafh

Tiisdeitejûn wie ik yn Drachten, yn it boppesealtsje fan de ‘Belibbibleteek’ (of hoe’t se dêr dy ynstelling ek neame). Hawar, dêr haw ik in bêste Sirkwy-lêzing beharke fan Sigrid Kingma. Hja hold in besteklik en ynspirearjend ferhaal oer it Fryske berneboek yn de lêste foech tweintich jier. Hja joech in moai oersjoch fan wat der allegear wol net bart en útkomt oan Fryske berneboekeskriuwerij, statistysk kreas ûndersifere. De ynhâldlike trends yn dit ferskaat oan boeken (wy hawwe it dan oer hast fiifhûndert!) hie se it net in soad oer. Wol oer hoe’t Fryske berneboeken (al as net) bý Fryske bern komme.

Lês fierder
Piter Boersma

It Fryske literêre libben (6): De Rink van der Velde-priis 2012 en PR

logo.ensafh

Op woansdei 15 febrewaris is de winner fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis 2012 bekend makke en de priis útrikt.
Op freed 10 febrewaris waard wrâldkundich  hokker boeken troch de sjuery foar de priis nominearre wiene:

‘De sjuery fan de Rink van der Veldepriis makket, yn oerlis mei de ynstellers fan de priis, de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers Boekerij bv, hjirby de kânshawwers bekend foar de Rink van der Veldepriis 2012:

Hidde Boersma – De gewoanste man
Ferdinand de Jong – It dak fan de wrâld
Bart Kingma – Griene simmer
Margryt Poortstra – Kofje ferkeard
Willem Schoorstra – Rêdbâd’

De bekendmakking fan it priiswinnende boek en de útrikkking fan de priis oan de skriuwer wie neat mis mei.… Lês fierder

Josse de Haan

Langhierrich wurkskou túch kontra It skouwe koarthierrige ark

logo.ensafh

Op 6 novimber 2010 hâlde HIPPO – ea in jongerensintrum yn Ljouwert (1974-1982) – in reüny. It omfette it tiidrek 1965 oant 1982, in perioade dat der yn Ljouwert heel wat groepen aktyf wiene. Ek de ‘foarâlden’ fan Hippo – Provadya?, Axies, Kloppend Hart, Pow Wow, Kaktus en bygelyks Swatte Jat – hiene út soarte in wichtich lûd. Ut it iene ûntstie it oare.

Dizze reüny wie in gefolch fan it inisjatyf fan it HCL (Historisch Centrum Leeuwarden), dat in útstalling makke oer ‘Jongeren in de Friese hoofdstad tijdens de jaren ’60 en ‘70’. Tagelyk ferskynde it fotoboek Langharig Leeuwarden (Friese jongerencultuur in de jaren ’60 en ’70).… Lês fierder