Syds Wiersma

Deadesankje

logo.ensafh

der komt in dei dan brek ik út
dit liif, dan fal ik net werom
as in gleone kat
yn ’e nacht
mar hâld ta by de âlde
timpel fan de siel

wyt myn leave hûd
gjin noed myn faam
ik bin net wei
ik bliuw dy kommende benei
de dea is mar in daam
in saak fan even oer de hikke
hingje en it lân oer dikerje… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ferline kear skreau ik dat men mei sok waar mar it bêste wat yn ’e hûs sitte kinne. Dat is oan ’e iene kant sa, want dy tsjokke mist noeget alhiel net út.

Lykwols is dat net hielendal wier, want der is mear as genôch te dwaan yn Fryslân (en dêr bûten). It ôfrûne wykein hawwe wy it Keppelfeest yn Boalsert hân mei muzyk, poëzij, teater en folle net genôch! De minsken koene mei it moaie waar harren earen en eagen de kost jaan yn de Gysbert Japicx-stêd.

Hjoed begjint it festival Explore the North mei wer muzyk, poëzij en neam mar op.… Lês fierder

Tankwurd Van der Ploeg

logo.ensafh

Tankwurd by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis 2011

Achte oanwêzigen,

Nei alle goede wurden dy’t hjir sprutsen binne, wol ik noch in pear dingen sizze. De takenning fan de Gysbert Japicxpriis foar myn hiele oeuvre, tsjûget fan grutte wurdearring. Dy wurdearring komt op my oer as de erkenning fan in heale ieu skriuwen. Net dat ik op dy erkenning siet te wachtsjen, want wurdearring freget geduld en ôfwachting. Boppedat, jo komme stadichoan op in leeftiid, dat jo jo neat mear sizze litte. Dêrby, it grutte tal lêzers fan myn wurk sjoch ik as in wichtich ûnderdiel fan dy erkenning. Lykwols, wurdearring of net, skriuwe is foar my in libbensferlet.… Lês fierder

Beart Oosterhaven

In perfekte titel

logo.ensafh

‘Wot Frysk? Wâldfrysk!’, it earste wurd yndied mei in o!, stiet yn grutte giele letters op ’e efterside fan ’e slúf fan ’e lp Teiwaar yn Tytsjerksteradiel fan Strawelte út 1989. It Wâldfrysk dat dy willepunkband út Droegeham en (wat fierdere) omkriten yndertiid – en letter ek by har geregelde reunys (dêr’t de lêste kear sels de grutte hit ‘Mem fan Doutzen’ út fuortkaam) – brûkte, waard skaaimerke troch in heech persintaazje ‘ynslûpsels’. Ynslûpsels út it Hollânsk wei en út ’e krektneamde omgongstaal fan ’e bandleden, fan wa’t de measten de namme oars as ‘Woodfrysk’ útsprieken.

Dat ynslûpselrike ‘Woodfrysk’ liket de lêste tiid frijwat opgong te meitsjen yn ’e Frysktalige lichte muzyk.… Lês fierder

Anneke van Renssen, Willem Winters

Wilhelmina wint / Lêze en de dea

logo.ensafh

Wilhelmina wint

At wy fuort sille mei de kemper dan haw ik de soarch foar boeken ûnderweis. Ik rekkenje altyd ien boek deis, dik en tin trochinoar.
Wy soene trije wiken fuort, dus moast ik 21 boeken sammelje. In part bestiet út nije, krekt ferskynde boeken, in part ús ûnbekende skriuwers. Fierder moat it net allegear swier spul wêze. In Mc Bain of Slaughter moat der ek by.
Ik lês net alles wat mei is. At in boek my net de earsre siden befalt dan smyt ik it yn ’e kast. Anneke is dêr oars yn. Dy lêst troch.

It earste slachtoffer wie ‘Haar naam was Sarah’ fan Tatjana de Rosnay oer de Joadeferfolging yn Frankryk.… Lês fierder