Anne Feddema

Mors Voluntaria

logo.ensafh

As de âlde Romeinen
Sit ik steatlik yn bad… Mar!
Net as Archimedes hear
Alde Griken ha altyd gelyk
Mei myn massa ferpleats ik
Moanne, Sinne, Stjerren
Gjin molekulen wetter
Ik hoech der net in oar by
Myn neakenens is fan my
As in âlde Romein
Iepenje ik myn ieren
Reade Magelhaeske
Wolkens waarm libben
Beklaaie aaiwite himelhûd
Ik wurd ien mei it hielal
No sil de reis begjinne
Mar wêr?…wêr binne?
Moanne, Stjerren, Sinne?
Mors Voluntaria
De dea falt ek net ta.… Lês fierder

Irene Bal, Jacobus Q Smink

Twa fersen út Kaap de Goede Hoop

logo.ensafh

Rânen klaai

Sa’t it wetter fan it lân wyt,
tsjokke rânen klaai tekent,
swart tusken griene greiden wiet

sa ferjonget him myn taal,
skaaft him oan in leafde,
leave kearen leaver as de dea.

*

Randen klei

Zoals het water van het land houdt,
dikke randen klei tekent,
zwart tussen grazig groen en nat

zo verjongt zich mijn taal,
schuurt zich aan een liefde,
vele malen liever dan de dood.

*

*

Healsliten

Oerfleanend fan eigenskippen
ferset de studearkeameraventoersman
de libbens fan wiere feinten, lyk as
hy der sels graach ientsje west hie.

Spullet monopoalje mei moaraal,
preket in provinsjestêd by elkoar,
folslein mei optochte lichte fûgel
dy’t him sûnder ferset bemint.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Janneke Spoelstra

logo.ensafh

Nije dichtbondel: ‘Langst fan ’e dagen’

Janneke Spoelstra (1962) is opgroeid yn Hijum. Se wennet no mei har freondinne Gatske, kat Noarke en hûn Tristan op in stjelp yn Alde Leie. Yn 2000 kaam har Fryske oersetting fan ’e roman ‘Pan’ fan Knut Hamsun út. Se debutearre yn 2004 mei de dichtbondel ‘Goeie is it wachtwurd’. Yn 2008 kaam har ferhalebondel ‘In Jikse-libben’ út. Har twadde dichtbondel ‘Langst fan ’e dagen’ is yn july ferskynd by de Friese Pers Boekerij. Janneke’s gedichten gean ûnder oare oer it plattelân fan Noardwest-Fryslân en de Fryske identiteit, binne licht iroanysk fan toan en moai byldzjend.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (04)

logo.ensafh

Haadstik Fjouwer: Driigjend Deiboek

Herr dr. Rynsema bitte melden beim Haupteingang.’ En noch twa kear klonk itselde boadskip mei de ferkeard útsprutsen efternamme troch de lûdsprekkers. Sjoch ris oan, op it oantsjutte plak stie in spjochtich mantsje mei in boerd mei Sybe syn namme dêrop, dat er omheechhâlde en hinne en wer swaaide. Twa tige hoflike soldaten namen de swiere bagaazje fan him oer en hy waard mei in grutte swarte Mercedes nei it steatlike Balthushotel brocht. Yn syn romme, lúksueuze keamer oankommen joech er him del op it grutte twapersoans bêd en foel al rillegau yn in djippe sliep.… Lês fierder