Salsafamke, it audioboek

logo.ensafh

Yn 2010 krige Hanneke de Jong de Simke Kloostermanpriis foar Salsafamke.

Yn it rapport skriuwt de sjuery:

De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao omdat har broer dęr staazje rint. Se komt yn ’e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dűnset wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dęrfoar dwaan moat. As se werom is yn Nederlân fernimt se dat se yn ferwachting is. Omdat se neat oan har mem hat, giet se nei har beppe ta en freget om rie: moat ik abortus dwaan litte of net?… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Sinjalemint: De gewoanste man fan Hidde Boersma

logo.ensafh

Dêr’t Hidde Boersma yn syn ferhalebondel Fol túch de mist yn (2010) alderhanne frjemde apostels achter de kûlizen tefoarskyn komme liet, folget er no ‘de gewoanste man dy’tst dy mar yntinke kinst’ sa’t de achterflap fan syn romandebút tsjûget.

En dat is Ale van der Meer, 57 jier âld. Ale is in tige evenredich man dy’t gjin kwea wurd oer in oar sizze sil. As elk syn eigen paadsje skjinhâldt, is der neat te rêden. Ale is foarman fan ’e strjitmakkers fan de gemeente. Dy krije lykwols hieltyd minder te dwaan, swiere wurkdagen hawwe hja net mear.
Typearjend oan Boersma is dat syn personaazjes hieltyd ta nije ynsjoggen komme, dat is ek it gefal sa yn syn roman.… Lês fierder

André Looijenga

Fan op in kreake

logo.ensafh

Galerijen en balkontsjes mei ik wol lije. Dêrfan delsjen op wat ûnder bart, is krekt as op in barokke plafonskildering mei om ’e hanneling hinne herntsjes mei taskôgers. Minskjes sjogge nei de midden, wize op wat aparts, jouwe fansiden kommentaar op it hiele teater.

Allyksa fielde ik my okkerwyks op it Boekefeest, doe’t ik de omgong mar ris opsocht foar in better sjoch op it toaniel. Op ’e kreake hiene boekelêzers, en guon skriuwers ek, har drapearre op stuollen en de houten sitsjes oan it stek. De keunst fan it taskôgjen, it fansiden wat praten as potlead-oantekens yn in marzje. Ek ik joech my del, op in kessentsje rjocht boppe it poadium.… Lês fierder

Jacobus Q Smink

Jemme foar Jemen

logo.ensafh

 

En de famkes fan Oktober
Jemme foar de bern fan Jemen
Im en Imek foarop: kiss & ride!
Mei grutte brullen yn it sinneljocht
Ryskje en rilje se fan it hin en wer
Fan de naaiers, de doar wer, nin rest.

Is Nina yn trans en Lieke leit
Even mei Maja op Mars
Nei te bekommen fan safolle
Aaikes oer it hier en naaikes
Foar de sier, ek Valley en Bizzy By
Blaze even út fan al dat gepam..

Se tútsje en strike elkoar it hier
Glêd. Ale bringt wat gleskes bier
En hinget in setsje by de beam
Om nei de geiltsjes te sjen.… Lês fierder

Irene Bal, Jacobus Q Smink

Irene Bal: twa gedichten

logo.ensafh

Kaap de goede hoop

Ik hoopje dat ’k altyd fan dy hâld
lykas do fan my doe’t lucht en licht,
wy in iglo wiene tsjinoer de kjeld.

Doe ’t sûnder fêst te rinnen,
dyn hannen de kaap rûnen
en ik nei eefkes gicheljen ferstomme.

*

Kaap de goede hoop

Ik hoop dat ik altijd van je houd
zoals jij van mij toen lucht en licht,
wij een iglo waren tegen de kou.

Toen zonder vast te lopen,
je handen de kaap rondden
en ik na even giechelen verstomde.

De pit

Stroeve tosken wrotte troch de bekjelûker
oant de pit dêr’t in toatem fan grime
fertriet de tagong ûntseit.… Lês fierder